4 nabora podatkov najdena
Dutch Keywords: weg Place of Narration: Buitenpost
Us âlden hâldden ús foar om nachts noait midden op 'e wei to rinnen. Marten van Kammen seach net sa bêst. Dêrom roan dy nachts àl midden op 'e wei. Mar dat moest er bilije. Hy woarde op in kear samar opkrigen en oan 'e kant fan 'e sleat smiten. En hy hie noait in minske sjoen.
Is men by nacht op in paed, dan mat men altyd oan kant gean, hwant dan is der gefaer. Dan kin der wolris in lykstaesje oankomme dy't jin oan kant set.
As men wylde lantearnen sjocht, dan komt der hwat to dwaen. Dan sil der boud wurde. Doe't de Wedze noch modder wie, tilde it dêr fan 'e wylde lantearnens. Dat binne ljochte fûgels. Dan komt der fan alles. Der is èk fan alles kom: Hurde wei, fytsen auto's, in stasjon. Foardat dat der allegear wie gong it dêr ôfgryslik oan wei.
Myn omke hat fantofoaren de swiere auto's al heard dy't letter op 'e Grinzer strietwei kommen to riden. It wienen krekt deselde lûden