Organizacije
Keywords

Ni Keywords ki ustrezajo tem iskalnim pogojem

Danish Keywords

Ni Danish Keywords ki ustrezajo tem iskalnim pogojem

Dutch Keywords
Prikaži več Dutch Keywords
German Keywords

Ni German Keywords ki ustrezajo tem iskalnim pogojem

Icelandic Keywords

Ni Icelandic Keywords ki ustrezajo tem iskalnim pogojem

Place Mentioned

Ni Place Mentioned ki ustrezajo tem iskalnim pogojem

Place of Narration
Narrator Gender

Ni Narrator Gender ki ustrezajo tem iskalnim pogojem

close
15 naborov podatkov najdenih
Dutch Keywords: jongen Place of Narration: Opende
Der wie in jonge dy moest foar de boer mei in koe nei de bolle. De jonge hie noch noait sjoen hoe't dat gebeurde. Hy bleau neffens de boer to lang wei. Doe't er op 't lêst weromkaem sei de boer: "Hwat hastû lang fuort west." "Ja," sei de jonge, "ik koe dy koe noait op 'e rêch krije."
In feint en in faem dy werkten by in boer. Se wienen oan 't ierpelsykjen. Doe fleach der in keppel fûgels oer. De faem sei tsjin 'e feint: "Hwat foar fûgels binne dat?" "Dat binne uiteldetuiten," sei de feint, "dy pikke de fammen de egen út." Dy feint hie al lang op 'e faem loerd. Hy woe graech ris hwat mei har útheve. Hy sei tsjin har: "Doch de rok mar...
Om in tsjoenster to kearen leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol lei men in fleartûke oer de drompel. Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje. Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
Der wie in jong stel. Se wienen op 'e houliksreis yn Switserlân. Hja sieten yn 'e trein. It wie dêr berchachtich, it gong dêr by de bergen op en del. Hja sieten togearre yn in coupé. Doe die hy it foarstel, hja moesten mar in nûmerke meitsje. Doe sei hja: "As der ris hwat fan komt, hwat dan?" "Nou," sei er, "dat hindert ommers neat. Ik ha in broer yn...
Der wie in jonge, dy wenne yn Surhuzum. Dy biwearde dat er noait bang to krijen wie. Der wie ien dy woe dat wol ris better witte. Hy die in wyt lekken om en gong doe op 'e hurken sitten op in joun mei tsjustere moanne. Hy siet op in plakje dêr't dy jonge lâns moest. De jonge kaem der oan en sei: "Ik bin net bang foar de wite, mar foar dy swarte, dy't dêr...
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert. As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
Ik kom us in kear fan it sjongen en doe seach ik in great ljocht oan 'e rjochter hân hjir oan 'e Drachtster wei. 't Ljocht wie sa heech krekt as boppe yn in lantearnepeal. Ik woarde angstich mar ik moest der lâns. 'k Wie sa'n trettsjen jier âld. Ik die de tûmen fan binaudens yn 'e hannen. Doe't ik it foarby wie bigong ik to draven. In skoft letter kom der...
Olle Rikele Myt woonde op 'e Skieding. 't Was in tsjoenster. Op in kear hadden der jonges by olle Myt yn 't appelhof west. Se hadden de blouse fol appels. Moar doe't se wegsouden konden se niet uut it appelhof weg koomn. Op 't lest hadden se de appels delgoaid; doe konden se der pas uutkoomn.
Der stie in doomny yn 't doarp, dy hie in soad meneuvels by 't preekjen. Hy hong soms heal ta de preekstoel út. Der wienen in stik of hwat jonges, dy woenen in grap mei har doomny ha. Sy gongen yn 'e tsjerke en sy sagen de preekstoel fan ûnderen op in lyts eintsje nei hielendal troch. Doe't de doomny dy sneins yn 'e preekstoel kom, hâldde er in preek mei...
Piter Claus wenne op 'e Boelensloane. Op in kear soe er mei syn âldste jonkje Halbe nei de Feanster boat ta. Dêr moesten se hwat weihelje. Piter hie de kroade meinom. Doe't se omtrint oan 't Blauhûs ta wienen, koenen se ôfbûge en in binnenweike del. Dat snie in eintsje ôf. Dêr spoeke it altyd. Doe sei Piter tsjin 't jonkje: "As der aenst hwat oankomt,...
Olle Wyberens Trien woonde in een old boufallig huus aan de bosweg. 't Olle wief kon tsjoenen. Wie woarn as kinderen der bang feur. Op in oavend gingen wy der weer langs. Wy woarn met sen drieën of vieren fan jonges. Se was toen sa'n fyfentachtich joar. "Sollen we har us uutrachen foar tsjoenster?" seiden we. Mar doe't we dat deedn haddn we der aan dat we...
Ik kaem to wenjen by de Slingerwei ûnder Drachten. Njonken ús wennen in man en in frou en twa bern. Ik wie widner. Myn frou hie earder troud west en dy har jonge haw ik greatbrocht. Wy slepten yn 't selde bêdsté. Op in kear leinen wy op bêd, doe stompte de jonge my oan. "Hwat is der?" sei 'k. "Der stiet in frommes oer 't hûs", sei er. It wie in...
Hendrik van der Molen het hier woond dat in eindje uut. Maar een stap of wat van ons af, hier flakbij. Hij was faak bij ons. Hij was een duvelbander, seiden se. Hij het al jaren wei west. Ons moeke was weduwvrouw. Op in kear kwam Hendrik bij ons, doe froeg hij om de puidel van de tabak. Myn broer had der een. "Mooi jongen", zeedie. 't Was een fremdig man....
Douwe Stavasius had lutje en grote jongens. Hy had een begrafenis bij hem in huis sien en doe docht hij, dat het een van de lutje jonges was die begraven werd. "Ik docht nooit dat 't Fokke was", - zo hiete de oudste - zee die. Moar 't was Fokke die stierf. Douwe woonde hier achter ons huus in een spitkeet.
Der wenne yn Hantumer Utbuorren in boer, dy hiet van der Heide. Dy hie in hiele grouwe stien op it hiem lizzen. Op in snein-to-middei ha in stik of hwat jonges mei alle macht dy stien omrolle. Doe kom de ûnderkant fan 'e stien boven. Dêr stie op to lêzen: Wat ben ik blij dat ik lig op de andere zij.
15