440 datasets found
Place of Narration: Sumar
Tjille Kaert wenne op 'e Gerdyk yn in lyts skipke. Sy koe kaertlizze. Wibe hat der ris hinne west. Syn nicht Pytsje wie by him. Wibe wie hwat oansketten en sei: Dit is myn faem. In kreas frommes, net? (Mar dêr wie neat fan oan) Tjille sei: Dat is jou faem net en likemin jou frou. Ik wol jo de kaert net lizze, jo meitsje my hwat wiis. Sy hie it dus wol...
nl.verhalenbank.12248
Oan 'e Grieneloane achter it matrassefabryk op 'e Harste, dêr hat de duvel ien de nekke omdraeid. "Dêr mat jim foarsichtich wêze", sei ús mem altyd tsjin ús. Dyselde hie nei de buorren tawest om tabak to keapjen. 't Wie allegear tabak njonken him west.
nl.verhalenbank.31491
Der wie in âld minske, dat koe har yn in hazze foroarje. Sy wenne op 'e Harste. Op in kear, doe siet dêr in grouwe hazze, flak by hûs. Dy roan by 't hinnehok lâns. Ik sil dy, âlde tsjoenster, deasjitte, rôp der ien mei 't gewear. En hy rekke de hazze. Mar de hazze naeide út. It hier fan 'e hazze siet oan 't hinnehok. De oare deis siet it âld-wiif yn 'e...
nl.verhalenbank.12260
Iemke de Jong hat Tseard van Dekken us stean litten op Hamster merke. Tseard wie in raren. Hy is wol us smiten woarn troch de kweade.
nl.verhalenbank.20239
Fan 'e hoeke fan 'e Brandsma-loane to Garyp (dêr't de buorkerij fan Sjoerd Brandsma stiet) nei de Inia-loane rint in houtsjepaed. Dat houtsje is in heale wylgenemûs mei de bolle kant nei boppe. Dêrfandinne de namme Bucheltsje-hout. De oare helte fan dy wylgenemûs stiet noch oan 'e kant. Op in kear, doe't dy beam noch geef wie, wie de duvel der mei oan 't...
nl.verhalenbank.32173
De froulju wienen bang foar Jehannes Meerstra. Hwant as er it dwaen woe, liet er de froulju samar de klean útsakje. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.21119
Biesterfeld wie skearbaes op 'e Sweach. Elkenien wie bang foar him. Hwant hy stie bikend as moardner. Yn 'e wide omkriten wie er birucht. It wie in wreden hond. Op in kear op Sweachster merke, kaem de hynstekoopman Slootegraaf by him om skeard to wurden. Doe seach er dat er samar ynienen de kat pakte en it beest yn 'e hite kachel treau.
nl.verhalenbank.32165
Der wenne ien yn Feanwâldsterwâl, dat wie in hiele rarenien. Dy joech nergens hwat om. Om 'e duvel net iens. Hy spile in bulte op 'e harmoanika yn 'e herberch op Feanwâldsterwâl. Op in kear, doe spile er de hiele joun: 'Wat kan de duivel spelen! Wat kan de duivel dansen!' De nachts forliet er de herberch. Doe soed er nei hûs ta. Mar ûnderweis woarde er...
nl.verhalenbank.21125
Adam Hurdrider wie de kampioenreedrider fan Fryslân. Net ien dy't hurder ride koe as hy. Op in kear hied er wer nei in hurdriderij ta west en de earste priis woun. De measte hurdriders stutsen nei ôfrin yn 'e herberch oan, mar dat die Adam noait. Dy makke dan dat er thús kaem. Drank woe er net ha. Hy streke aerdich ta op wei nei hûs ta. Doe fornaem er dat...
nl.verhalenbank.32159
As ien hwat oan hie, dêr't op snein oan naeid wie en hy lei op syn stjerbêd, dan koe der soms net stjerre. Men gong wol hinne en skuor dat wer stikken, dan stoar dyselde fredich.
nl.verhalenbank.12262
De potskippers fan Sumar: Melle, Folkert en Sjoerd van der Meer wienen ek ôfgryslike sterk. It wienen fiskers. Se fisken meast op 'e Burgumermar. Op in kear siet Melle by Teunissen op 'e Harste yn 'e kroech. Hy hie in slokje op. Even letter kaem dêr in mantsje yn mei in buchel. Dy hie it greatste wurd. Hy wie tige brutael tsjin ien, doe krige Melle dêr...
nl.verhalenbank.31487
Oan 't kloklieden by in bigraffenis koe men hearre of der mei koarten wèr in sterfgefal komme soe. Datselde koe men ek fan in houn gewaer wurde. Dy spûkgûlde dan.
nl.verhalenbank.31493
Doe't de tram der noch net wie, seagen de minsken al gleone ljochten. Dat wienen de ljochten fan 'e tram.
nl.verhalenbank.24511
It gebeurde froeger wolris, dat ien samar oan kant stompt waerd, as der in lykstaesje passeare moest.
nl.verhalenbank.25633
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, hat de beide adfokaten Lubbert en Olfert út 'e Sweach weihelle mei in wein en doe hat er se nei in stik lân brocht by de Krúswetters, dat de namme Advocatelân krige. Dy advokaten spûkje dêr noch altiten om. Mei de klomp makke Piter Poes in sirkel yn 't lân en spriek de ban oer de beide mannen út. Hja koenen...
nl.verhalenbank.31901
Op it plak dêr't nou Koos Landheer syn hûs stiet, hearden se fantofoaren hyltyd timmerjen. Koarte tiid dêrnei waerd it hûs dêr delset.
nl.verhalenbank.20401
Der wie in feint, dy tsjinne by in boer. Nachts wie der altyd in wyt hynder, dat kom by syn bêd. Dêr moest er nachts altyd op ride. It jongfeintsje wie dêrtroch oerdeis altyd tige warch en sliepprich. Doe sei er dat tsjin 'e oare feint dy't ek by de boer tsjinne. Hy sei: "Der is altyd in wyt hynder, dat mat ik útride." Doe sei dy feint: "Dû mast mei dat...
nl.verhalenbank.36263
Adam hurdrider Adam hurdrider kaam fan Tersoal, krekt as Atse (in oaren as Reade Atse). Adam wie op in farwetter oan 't riden. Doe wienen der guon, dy fergunden it him, dat er sa hurd koe. Dy seinen: 'Hy rydt hjir alle dagen lâns. Wy sille mei him ôfweve—dy smoarge keardel rydt ús fierstente hurd'. Se gyngen hinne en leinen in bollepream dwers yn 'e...
nl.verhalenbank.13034
Yn Warten hie in man kear op kear de wurden heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. De dûmny fan Warten woe 't net leauwe. Op in kear farde er mei om 't mei eigen earen to hearren. Hy stie achter op 'e skou, op 't skouhúske om 't mar sa goed mooglik hearre to kinnen. Doe liet de skipper dy't skoude, de boat mei in skok foarútsjitte, dat dûmny...
nl.verhalenbank.20398