2,539 datasets found
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Sumar
Op 'e Hege Geasten ûnder Sumar woarden wite wiven sjoen.
nl.verhalenbank.32925
Beint Boonstra fan 'e Tike wie mei de helm geboaren. Dy seach oerdei altyd lykstaesjes. Dan moest er oan kant.
nl.verhalenbank.21186
Ik en myn kameraed sieten op in nacht by in âld minske ta de krúslanders. It âld minske lei op bêd. Mar hja wist de oare deis wol to sizzen hwa't har krúslanders stellen hie. Hja hie 't sjoen sûnder dat se út it bêd wei west hie.
nl.verhalenbank.31484
Doe't de tram der noch net wie, seagen de minsken al gleone ljochten. Dat wienen de ljochten fan 'e tram.
nl.verhalenbank.24511
Op 'e Sumarreheide ha de minsken wol gauris huzen fan tofoaren yn 'e brân sjoen, dy't letter opbrânden.
nl.verhalenbank.20399
To Garyp seagen se op in plak jouns hyltiten ljochtsjes. Twa jier letter kaem op dat plak in boerespultsje to stean.
nl.verhalenbank.31481
By de boskjes by de pleats fan Jelke Algra spûke it. Ien krige dêr ris in rare stomp tsjin 't skouder oan, doe't er dêr lâns fytste. En doch wie der neat to sjen.
nl.verhalenbank.31807
Alde Jelle Polderdyk hat yn Grinzer Pein wenne. Dêr is er ek stoarn, yn 't werkhûs. Dy Jelle fortelde heit dat er froeger de tram sjoen hie, dy ried oer de Mearumer heide. Dat wie noch fier foar de tiid dat de tram der echt wie.
nl.verhalenbank.32920
Myn broer wennet yn Warten. Hy hat dêr wit hoe faek yn 'e nacht timmerjen heard, sûnder dat dêr hwat wie. It echte timmerjen gebeurde letter.
nl.verhalenbank.32480
Myn beppe fortelde, dat der hie in man yn Sumar wenne dy seach in bigraffenis. Dat hat west yn 1897. Hy neamde mar op en hy neamde mar op dy't achter it lyk oanroannen, hy koe se allegear by namme. Mar hy wist net hwa't der yn 'e kiste lei. In fjirtsjin dagen letter hied er sels dea west. 't Wie syn eigen bigraffenis, dy't er sjoen hie.
nl.verhalenbank.32916
Myn neef hat ris yn in tintsje west op 'e merk, om to witten mei hwa't er trouwe soe. Doe krige er in foto. Dêr stie itselde frommes op, dêr't er letter mei troud is.
nl.verhalenbank.32929
Jehannes van der Zee wie in raren-ien. Sweare en flokke en swetse en mâltjirgje, dat koed er omraek. Hy sei altyd, hy woe de duvel noch wol us sjen. Hy wie arbeider by de boer. Op in moarntiid soed er nei de boer ta. Hy roan de Harsteloane del. Doe kom him dêr ien op side. Dyselde sei neat. Jehannes sei ek neat. Mar hy seach wol, dat it forkeard spul wie....
nl.verhalenbank.12244
Alde Jochums Antsje wenne dêr't nou de widdou Popma wennet. Dy wie mei de helm geboaren en moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24513
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek oer de heide. As wy ûndogens wienen, sei heit: Pas op, jonkje, oars sil 'k de wylde lantearnens der yn litte.
nl.verhalenbank.31485
Fan 'e hoeke fan 'e Brandsma-loane to Garyp (dêr't de buorkerij fan Sjoerd Brandsma stiet) nei de Inia-loane rint in houtsjepaed. Dat houtsje is in heale wylgenemûs mei de bolle kant nei boppe. Dêrfandinne de namme Bucheltsje-hout. De oare helte fan dy wylgenemûs stiet noch oan 'e kant. Op in kear, doe't dy beam noch geef wie, wie de duvel der mei oan 't...
nl.verhalenbank.32173
Myn heit wie trije jier, doe forlear hy syn âlden al. Hy woarde greatbrocht by âlde Abraham van der Leest, syn omke. Froeger gongen se to meanen mei de Earnewarren. Dan moesten se de Prikwei del. Dêr moesten se dan neigersmeane. Heit en Abraham wienen togearre. "Jonge," sei Abraham tsjin heit, "wy koenen wol hwat blêdreid ôfmeane yn dy sleatskant. Dan...
nl.verhalenbank.24514
Yn Earnewâld wie op in moarn bitiid in man bûtendoar, 't wie noch skymrich. Doe seach er in fanke foar him op rinnen. Hy seach dat se yn 't wetter, flak foar him, weiwaerd. Doe't hy der by kaem, wie se der net. Hwer't se bleau wie him in riedsel.
nl.verhalenbank.31790
Us mem en heit wienen ris op in nacht togearre to murdejeijen. Doe kamen se op in plak - it wie yn Wergea - dêr waerden bussen delsmiten en se hearden amers ratteljen en al sa mear. Binnen it jier waerd dêr in nije pleats boud. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.31800
Op 'e Hearrewei spoeke it. It wie in wite gedaente. It wie in manspersoan. Myn omke wenne yn 'e Wierren. Op in joun hied er nei de horloazjemakker west yn 'e Pein, omt syn horloazje net doogde. Doe't er werom kom, siet dyselde yn 't wyt achter him oan. Alhiel út 'e liken kom omke thús. Syn mem frege: "Hwat skilt dy?" It spoek hie him oan 'e doar ta folge.
nl.verhalenbank.21187
Op 'e Tike wie 't froeger allegear foartsjirmerije. Sa seach ien op in nacht, dat der in deakiste troch 't finster skoud woarde. In deimannich letter gebeurde dat èk. De kiste hie net troch de doar kind.
nl.verhalenbank.21185