3,326 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Sumar
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
As jy hoazzen breidzje op snein, dan geane de fuotten it earst dea.
nl.verhalenbank.32476
Der wienen by in boer de moandeis twa dikke bargen dea, doe't er de sneins yn 't hea west hie.
nl.verhalenbank.32477
Sels haw ik it ek. Doe't ús heit stoar wie ik slim swiersettich. Der drukte hwat op my. Ik wist dat der hwat slims gebeurde, mar fan heit syn stjerrren wist ik neat ôf. Doe't mem forstoar wie 't èk sa mei my. It lei my by dat der hwat hiel slims gebeurde.
nl.verhalenbank.36239
Piter Poes haw ik net mear kend. Hy wie duvelbander en wie net troud. Hy wenne yn in lyts hûske, dêr hat letter Sudema yn wenne. Doe't er dea wie ha se in protte sinten foun boppe yn it ûleboerd.
nl.verhalenbank.31795
Wy ha hjir op 'e heide in houn hawn dy't spûkgûlde. Hy die it allinne as der in sterfgefal tichteby op komst wie, oars hearde men him net. Mar sokke tiden wie er net to hâlden, dan moest er nei bûten ta. Mem prebearre him dan wol yn 'e hûs to hâlden, mar dat koe se eins noait rêdde. Hy gong dan bûten sitten mei de kop achteroer en dan mei de eagen rjochte...
nl.verhalenbank.31805
Myn beppe fortelde, dat der hie in man yn Sumar wenne dy seach in bigraffenis. Dat hat west yn 1897. Hy neamde mar op en hy neamde mar op dy't achter it lyk oanroannen, hy koe se allegear by namme. Mar hy wist net hwa't der yn 'e kiste lei. In fjirtsjin dagen letter hied er sels dea west. 't Wie syn eigen bigraffenis, dy't er sjoen hie.
nl.verhalenbank.32916
As der ien tige siik wie sei ús mem wolris: "Dy redt it net, hwant de klokken bongelje." Dan koe men der mar fêst fan op-oan dat sa'n ien mei koartens stoar. De branjehandler fan Sumar sei ek: "Ik hear it wol oan 'e klokken, der sil wer ien stjerre. It lûd wol net út 'e klok, dat doocht net."
nl.verhalenbank.20394
De tovenaars en de tovenaressen, dêr leau ik oan. Yn 'e tiid fan sawn jier matte se ien deatsjoend ha. Gebeurt dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.12250
Heit kom ris by in âld man op 'e Harste, dy't siik wie. Hoe giet it? frege heit. It komt net goed. Ei, dat falt wol hwat ta, net? Né jonge, dat falt net ta, sei de âld-man. Myn dagen binne teld. De stienûle hat ta de skoarstien ynroppen "In deze maand zult gij sterven." Dyselde moanne ìs er ek stoarn.
nl.verhalenbank.12261
Alde Jochums Antsje wenne dêr't nou de widdou Popma wennet. Dy wie mei de helm geboaren en moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.24513
As ien hwat oan hie, dêr't op snein oan naeid wie en hy lei op syn stjerbêd, dan koe der soms net stjerre. Men gong wol hinne en skuor dat wer stikken, dan stoar dyselde fredich.
nl.verhalenbank.12262
Oan 't kloklieden by in bigraffenis koe men hearre of der mei koarten wèr in sterfgefal komme soe. Datselde koe men ek fan in houn gewaer wurde. Dy spûkgûlde dan.
nl.verhalenbank.31493
Op 'e Tike wenne Anne Tiekstra, dy wie mei de helm geboaren. Hy moest bigraffenissen fan tofoaren sjen. Tichteby wie in dobbe. "Hjir sil nochris in bern yn dizze dobbe fordrinke", sei er. Dat hie er sjoen.
nl.verhalenbank.31635
Piter Poes, de bikinde duvelbander fan Sumarreheide hat himsels ophong oan in bjirkebeam.
nl.verhalenbank.32276
Diuwke by Nacht spûke nei har dea yn Garyp fan 'e buorren nei Sumar. Der binne genôch dy't har sjoen ha. Dit is wrachtich wier.
nl.verhalenbank.32481
Piter Poes wie in echte duvelbanner, dat wie syn birop. Hy hie macht oer de minsken. Hy wie oarspronkelik net fan Sumarreheide, hy kaem de Liphústerkant út wei. Hy hat wenne oan 'e âlde tramwei yn it hûs dêr't nou Piter Mudstra wennet en, efkes neijer yn 't hûs dêr't Geart de Haan yn wenne hat. Hy hat him yn 'e Bosk ophong oan in bjirkebeam.
nl.verhalenbank.32057
Us pake seach ris in bigraffenis foar him. Dy wie sahwat in meter boppe de groun. Dy sweefde.
nl.verhalenbank.32280
De smid spoeket út leafdefertriet 'Der wie in smid, in smidssoan of in smidsfeint, yn Earnewâld, en dy woe graach mei in fanke, ek út Earnewâld. En oft dat net mocht, of dat it fan ien fan beide kanten net lokke woe—soks sit der al wat yn. Ik leau dat se wol seinen, dat it neat wurde koe mei de ferkearing en dat de faam it útmakke hat. Yn alle gefal, hy...
nl.verhalenbank.13663
Myn pake Tamme hat wenne yn in hûs, dat [op] in kampke lân achter dat fan myn broer Tamme stie op 'e Gariperheide (it wurdt altyd by Sumarreheide rekkene). Pake wenne dêr mei twa soannen: Jelle en Binne, dy't doe noch net troud wienen. Op in joun kaem Binne let thús. Hy sei tsjin Jelle: "Dêr hie 'k in nuvere moeting nyskes. Dêr kaem my in lykstaesje yn 'e...
nl.verhalenbank.31894