2,268 datasets found
Dutch Keywords: spoken Place of Narration: Sumar
Oan 'e Godloas Singel spoeke it altyd. (De Godloas Singel roan fan 'e rykswei ôf by Swartkrús via Kûkherne nei 't Skilige Pypke en dan op Dokkum yn)
nl.verhalenbank.21126
Spoekjende dieren Hjir yn Garyp rûn foarhinne altyd in hûn—wy ha meast heard fan in swarte hûn, mar ek wol fan in bonte hûn—, dat wie in spoekhûn. Hy hie in fêste loop fan Koudenburch ôf oan 'e Achterwei ta troch de Easterein hinne. Hy rûn altyd oan ien kant fan 'e wei lâns, seinen de âlde minsken. Jehannes Roels dat wie in grutte boer en grut keapman. Hy...
nl.verhalenbank.12453
Neakene berntsjes Alde Saap fertelde, se seinen altyd, dat op 'e Iestpleats rûnen simmerdei faak Iytse bern, pasgeboaren bern, op 'e telle om 'e stile. Se sieten elkoarren nei. De Iestpleats stiet hjirefter (de ferteller wennet oan 'e Hearrewei ûnder Sumar). Der waard altyd sein, dy berntsjes wienen oerwûn troch in faam en dy hie se fermoarde. Se wienen...
nl.verhalenbank.12184
By 't Godloas Tolhûs tusken Beetstersweach en Lippenhuzen spûke it ek. Ek op 'e Mûzegroppewei by Rottefalle spûke it. Op 'e Kleasterloane to Burgum spûke it ek. Dêr kreunde nou en dan hwat.
nl.verhalenbank.36261
Yn 'e bocht fan 'e Pasterijelannen, op 'e hoeke, yn Sumarreheide spoeken altyd trije hearen om. Dy sieten dêr mei papieren yn 'e hannen.
nl.verhalenbank.24515
Yn 't Princenhof bouden Freark Prûk en syn soan in hûs (Helfrich, de duvel fan Earnewâld). Op snein mitselen se en bouden se. Der kom safolle spûkerij, dat it hûs rekke dêr wer wei. Ien út Aldegea hat it kocht.
nl.verhalenbank.32475
Tichte by de Drachtster Pipe is Teadehoekje, by de Slingerwei. Dêr spûket it. Dêr op 'e hoeke ha se froeger in fékoopman formoarde. Dat wie Teade. Hy hie nei de merk ta west dêr't er in koe forkocht hie. 't Jild hied er yn 'e bûse hawn. Dat hienen se him ûntstellen. Letter seagen guon dêr yn 'e nacht in man oer de wei hinne krûpen mei in koe oan 't tou....
nl.verhalenbank.36260
By dokter Bontekoe to Hurdegaryp stie in hekke, dy't altyd fansels iepengong. Dat gebeurde krekt om tolve ûre yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.36264
By de Skilige Piip by Feanwâlden spoeke in wite juffer.
nl.verhalenbank.20270
By de boskjes by de pleats fan Jelke Algra spûke it. Ien krige dêr ris in rare stomp tsjin 't skouder oan, doe't er dêr lâns fytste. En doch wie der neat to sjen.
nl.verhalenbank.31807
Op Hústerheide (ûnder Burgum) dêr spoeke soms ien om mei in great wyt ding op 'e holle. Dat gong nou us omheech en dan wer omleech. Forskate lju ha it sjoen.
nl.verhalenbank.20276
As der op 'e Tike ien forsûpte, dan spoeke it letter op dat plak.
nl.verhalenbank.21196
By âlde dokter de Boer yn Hurdegaryp - de foargonger fan dokter Bontekoe gongen de sluten hekken nachts út har sels wer iepen.
nl.verhalenbank.20263
By in boer op Burgumerheide gebeurde it us dat de tsjernmoune de hiele nacht trochdraeide, sûnder dat der hynders foar roannen.
nl.verhalenbank.21366
Fan 'e Geriper hoeke (de âlde tramwei) nei Garyp ta spoeke yn 'e buert fan Bôkke Algra in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21367
It is rounom bikend dat de hekke fan Bennema-State to Hurdegaryp net ticht bliuwe koe. Die men him jouns ticht, dan wie er de oare moarns wer iepen.
nl.verhalenbank.31638
Oan 'e greate Ryksstrjitwei by de Stateheide-reed (Burgumerheide) roan nachts in swarte juffer om mei toffels oan.
nl.verhalenbank.20334
To Boarnburgum, by de Biskopsstien spoekje de trije biskoppen om. Guon ha se dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.12224
Yn Garyp wie in paedstje fan Brandsma's plaets nei de Inia-wei. Oer de sleat lei in greate wylgemûs. Dêr spûke it altyd. Dy beam wie trochsage troch de duvel. It iene stik siet in bult takken op dy't dêr oan groeiden, it waerd altyd neamd Bucheltsje-hout. Dy't oer dat houtsje stapte by nacht waerd yn 'e sleat reage. Dêr doarst men by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.32068
Op 'e Tike spoeke in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.25638