3,827 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Sumar
Yn Twizelerheide wenne in âld man dy bitsjoende it fé. Ik wie ris by Hindrik Veenstra útfanhûs. Hindrik-om wie der op út. Aeltsjemuoi en de soan Piter wienen thús. Doe sei Piter: "Der komt in âld man hjirhinne." Aeltsjemuoi seach. Doe sei se: "Piter, doch gau it slot op 'e doar fan 't hok." Dêr siet it fé yn. De âld man sei: "Is Hindrik ek thús? 'k Wol 't...
nl.verhalenbank.36266
In sekere Bouma, ôfkomstich fan Garyp, hie us nei Drachten ta west en moest nei Olterterp ta, dêr't er by de boer wenne. Doe wie der ynienen in wylde lantearne achter him west. Dy siet him achternei. Hy fleach sa hurd er mar koe om dy wylde lantearne foar to bliuwen. Doe't er by de boer yn Olterterp op 't hiem wie, plofte er achter de hage del, alhiel út...
nl.verhalenbank.32439
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Sterke Hearke wie us oan 't ploegjen. Doe wienen der minsken dy kommen by him en dy seinen, dat se dêr en dêr wêze moesten. As hy ek oantsjutte koe hwer't dat wie. Doe nom Hearke de ploege en wiisde der mei nei in hûs en sei: "Asjyblyft, dêr wenje se."
nl.verhalenbank.25635
Us heit wie noch net troud, hy hie al forkearing mei mem. Op in joun wie er nei har ta, doe ried sa mar ynienen de tram by harren lâns, hoewol dêr hielendal gjin tram wie. Twa jier letter kaem de tram der lâns; hja hienen dat dus fan tofoaren al sjoen.
nl.verhalenbank.31480
Yn Garyp wenne âlde Adolf. Dy hearde yn 'e nachten guon timmerjen flak njonken syn hûs. Hy sei: "Hjir wurdt timmere, hjir komt hwat." Doe kaem dêr gaueftich dêrnei in timmersaek.
nl.verhalenbank.31804
Alde Jelle Polderdyk hat yn Grinzer Pein wenne. Dêr is er ek stoarn, yn 't werkhûs. Dy Jelle fortelde heit dat er froeger de tram sjoen hie, dy ried oer de Mearumer heide. Dat wie noch fier foar de tiid dat de tram der echt wie.
nl.verhalenbank.32920
Myn broer wennet yn Warten. Hy hat dêr wit hoe faek yn 'e nacht timmerjen heard, sûnder dat dêr hwat wie. It echte timmerjen gebeurde letter.
nl.verhalenbank.32480
Remmelt de Haan moest ris op in joun oer in houtsje yn 'e Sumarreheide. Dat houtsje lei dêr oer in sleat. Doe't er sahwat op it midden wie, fortelde er, waerd er opnaem en yn 'e sleat smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, sei er.
nl.verhalenbank.31639
Myn beppe fortelde, dat der hie in man yn Sumar wenne dy seach in bigraffenis. Dat hat west yn 1897. Hy neamde mar op en hy neamde mar op dy't achter it lyk oanroannen, hy koe se allegear by namme. Mar hy wist net hwa't der yn 'e kiste lei. In fjirtsjin dagen letter hied er sels dea west. 't Wie syn eigen bigraffenis, dy't er sjoen hie.
nl.verhalenbank.32916
Op in kear is er yn 'e nacht de wei lâns gien yn Sumarreheide. Doe wie der oan 'e oare kant fan 'e wei ek ien dy't mei him oproan. Dat wie ien west mei in sturt as in biezem. Neffens pake hie dat de satan west, dy't him forliede woe.
nl.verhalenbank.32281
Heit kom ris by in âld man op 'e Harste, dy't siik wie. Hoe giet it? frege heit. It komt net goed. Ei, dat falt wol hwat ta, net? Né jonge, dat falt net ta, sei de âld-man. Myn dagen binne teld. De stienûle hat ta de skoarstien ynroppen "In deze maand zult gij sterven." Dyselde moanne ìs er ek stoarn.
nl.verhalenbank.12261
Yn Warten hie in man kear op kear de wurden heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. De dûmny fan Warten woe 't net leauwe. Op in kear farde er mei om 't mei eigen earen to hearren. Hy stie achter op 'e skou, op 't skouhúske om 't mar sa goed mooglik hearre to kinnen. Doe liet de skipper dy't skoude, de boat mei in skok foarútsjitte, dat dûmny...
nl.verhalenbank.20398
Der wie in man siik. Hy wenne dy kant út nei Burgum. De frou gong nei Piter Poes om in drankje. "Tink der om," sei Piter Poes, "ûnderweis binne der hounen, dy wolle 't drankje brekke." Der wie ûnderweis in houn by har opsprong en dêrtroch rekke de flesse mei drank stikken.
nl.verhalenbank.25626
op 'e Hearrewei spoeke it. Dêr is ris in man lâns gong, dy hie gâns flokt en sweard. Hy woarde dêr samar beet krigen, sûnder dat er ien seach, en yn 'e sleat smiten. Sûnt doart er dêr net mear lâns.
nl.verhalenbank.25632
Myn heit wie trije jier, doe forlear hy syn âlden al. Hy woarde greatbrocht by âlde Abraham van der Leest, syn omke. Froeger gongen se to meanen mei de Earnewarren. Dan moesten se de Prikwei del. Dêr moesten se dan neigersmeane. Heit en Abraham wienen togearre. "Jonge," sei Abraham tsjin heit, "wy koenen wol hwat blêdreid ôfmeane yn dy sleatskant. Dan...
nl.verhalenbank.24514
Greate Pier wie in hiele sterke keardel. Op in kear wied er us oan 't ploeijen. Hy hie 't hynder foar de ploege spand. 't Wie noch in âlderwetske ploege mei in houten balke. Doe kom der in fremde man op him ta en dy frege: "Wite jo hwer't greate Pier wennet?" Doe sloech Pier it hynder foar de ploege wei. En hy naem de ploege yn 'e rjochterhân en tilde him...
nl.verhalenbank.21123
Guon ha op 'e Wide Pet ûnder Surhústerfean in stem heard. 't Wie yn 'e winter, der lei iis. Der waerd roppen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Letter is der yn 'e Bouke-wyk oer iis in faem fordronken.
nl.verhalenbank.20214
Op it tsjerkhôf yn de Pein spoeke it. Us omke wie slachter, dy gong us op in joun oer it tsjerkhôf fan de Pein nei 't Swartfean. Doe wie dêr in wyt spoek en dat siet him nei. Hy woarde sa deabinaud, dat hy hat it ridskip der mei forspile.
nl.verhalenbank.21192
Der wie ien dy woe mei Sterke Hearke wrakselje. Mar hy koe Hearke net. Doe't er yn Droegeham kom seach er in man, dy wie op 't lân oan 't ploegjen. "Wytst' ek hwer't Hearke wennet?" frege er. Doe sei dyselde: "Dêr wennet er." En hy tilde de ploege mei sturt en alles omheech en wiisde sa nei syn hûs. "O," hie dy man sein, "dan wit ik it wol." Hy wie...
nl.verhalenbank.32924