Tsjinoer it hûs fan Japik Kuipers stie nòch in hûs. Dêr wenne IJe de Vries yn. Myn âldste suster wie dêr alris to helpen. Doe soe mem dêr ek hinne, hwat letter op 'e dei. Hja wie sahwat oan 'e Wilhelmina-hoeve ta.
Mem wie noait bang, hwant mem sei: "Ik haw in rein geweten, dan kin der my neat gebeure."
Doe kom der in swart ding op har ta. 't Wie hiel...
nl.verhalenbank.25948
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Op in kear kom der ien by him, doe wie er oan 't ploeijen. Dy man frege Hearke hwer't dy en dy wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân optild en earst de iene kant útwiisd mei de ploege. Dêr wenne dy, hied er sein, en doe hied er mei de ploege de oare kant útwiisd en sein hwer't de oare wenne.
nl.verhalenbank.26299
Sy ha in nachtmerje wolris fangd mei moal. As se moal oan har hat, kin se net fuortkomme.
Sy komt faek troch 't slotsgat yn 'e hûs. Sy giet ek wol nei de hynders ta. Dan is 't hynder alhiel oerstjûr. Sy makket de hynders wol flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.24115
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat.
Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe."
Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok.
"As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
Foardat de tram hjir lâns kom ha guon him al heard. Hindrik de Jong wie de earste, dy't de tram roljen en tûtsjen hearde. Sake Elzinga de twadde. In pear jier letter lei de tram der pas.
nl.verhalenbank.23134
Myn suster hie in bern, dat hat bitsjoend west. It bern wie noait soun en sy raesde altyd. Doe gong de heit nei Frânse Hinke ta, dy wie duvelbanster yn 'e Rotfalle. Frânse Hinke sei, der sieten krânsen yn 'e kessens, dy moesten der út weihelle wurde en fornield wurde. As der trije folle krânsen yn sieten hie 't bern dea west.
Der kôm nou en dan in frou by...
nl.verhalenbank.24129
Hindrik Pikelhearring (= H. v.d. Molen) roan us mei in man op hjir yn 'e Pein. Underweis sei er tsjin dy man: "Mast even oan kant gean, der komt in lyk oan."
Dy oare die dat. In koart skoftsje dêrnei wie der in lyk.
Dy Hindrik Pikelhearring wie mei de helm geboaren, dy seach altyd lykstaesjes. (dy oare dat wie ús heit. Hy sei op syn Grinslâns: Moest even...
nl.verhalenbank.26919
Hindrik Pikelhearring (= H. v.d. Molen) koe èk mear as in oar. Dy koe de minsken èk fordwale litte. Dat hat ús heit in kear ûnderfoun.
Heit en Hindrik wienen by Hindrik en dy en Hindrik soe mei nei heit en dy's hûs ta. Heit woe 't koartste paed lâns, troch 't lân.
Hindrik sei: "Been, doar moest niet langs goan."
Heit sei: "Ik gean dêr àl lâns. 't Is 't...
nl.verhalenbank.26924
Myn swager en ik gongen us om in sekfol baelders út.
Doe rêstten wy even ûnderweis. 't Wie op in joun en al
moai-let. Wy sieten op in plak, dêr't tichte by ús heit letter syn wentsje krigen hat. Mar dat wisten wy doe noch net. Mar doe seagen wy der in read ljochtsje.
Krekt op datselde plak kom letter heit syn wentsje to stean. Der siet in rútsje yn mei...
nl.verhalenbank.26918
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje. Sy kinne guon deatsjoene.
nl.verhalenbank.24128
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
Ik kaem to wenjen by de Slingerwei ûnder Drachten. Njonken ús wennen in man en in frou en twa bern. Ik wie widner. Myn frou hie earder troud west en dy har jonge haw ik greatbrocht. Wy slepten yn 't selde bêdsté. Op in kear leinen wy op bêd, doe stompte de jonge my oan.
"Hwat is der?" sei 'k.
"Der stiet in frommes oer 't hûs", sei er.
It wie in...
nl.verhalenbank.24114
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert.
As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
nl.verhalenbank.32010
Hjir achterút hat in man wenne, dat wie Douwe Stavasius. Dy wie mei de helm geboaren. Dy seach allerhande sterfgefallen foarút. Hy hat syn eigen mem mei ôflein. Dat die er fan tofoaren al, wylst se noch libbe. Letter hat er it ècht dien.
Sy wennen yn in spittekeet.
nl.verhalenbank.26298
Op datselde plak, dêr't mem dat pleachbeest sjoen hat, dêr spoeke it altyd. Guon matte dêr wol us in berntsje sjoen ha. Dêr ha in man en in frou wenne, dy krigen rúzje mei elkoar en doe lutsen se elk oan in ein fan it berntsje. Sa ha se it útelkoar lutsen.
nl.verhalenbank.25949
Albert Gjaltema fan Gr. Pein hie in wikseldaelder, seinen se. Dy hie altyd wol sinten.
nl.verhalenbank.31928
Japik van der Kooi fan Grinzer Pein hat trije kearen fan tofoaren it hûs, dêr't Wigle van der Veen yn wenne, yn 'e brân stean sjoen. Nei de trêdde kear hat it net sa lang mear duorre, doe wie 't sa fier. 't Is oan 'e groun ta opbrând.
nl.verhalenbank.31914
Wy doarsten froeger net op in pod of op in kikkert to traepjen, hwant dan bigong it to tongerjen, sa woarde ús wiismakke. Ek as men in kikkert deamakke, soe 't bigjinne to tongerjen.
nl.verhalenbank.25961
Hjir yn 'e Parken spoeken wite wiven en dat wie ek yn 'e Rottefalle it gefal.
nl.verhalenbank.27145
Op 'e Keale wei spoeke ek in hynder.
nl.verhalenbank.27151