Wy ha hjir yn 'e buert yn in âld hûs wenne.
"Sjoch," sei 'k op in joun tsjin ús mem, "it binne dêr allegear ljochten." "Ja," sei se, "dêr kin wolris in drokke wei komme."
In jier twa, trije lettere is dy wei der kom.
nl.verhalenbank.16121
As in houn spûkgûlet, komt der binnen trije dagen in deaden.
nl.verhalenbank.27154
Bearn van der Woude seach soms lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.26896
Yn 'e Mieden stie us in kear in hûs yn 'e brân. Guon gongen der hinne om to sjen, mar doe brânde it net.
Letter is it hûs ôpbrând.
nl.verhalenbank.26894
Yn 'e Pein seinen se wol gauris: Dêr komt fêst in hûs. It giet dêr altyd op in timmerjen. 't Wienen ek wol âlde minsken dy't dat hearden.
nl.verhalenbank.26784
In âld minske, de frou fan Piter Veenstra, hat yndertiid de tram fan tofoaren sjoen. Se seach dat de tram troch de bosken en alles hinne gong. Dat is letter ek sa gebeurd.
nl.verhalenbank.27166
Forskate lju ha hjir de tram fan to foaren heard, foardat dy hjir lâns kom.
nl.verhalenbank.21111
Trape men op in pod, wie 't sizzen, dan kaem der swier waer.
nl.verhalenbank.31924
It hûs oan 'e Drachtster Wei, dêr't nou Lammert v.d. Sluis wennet, njonken Ouwe van der Molen woarde in kear troch it buorwiif yn 'e brân sjoen. Sa'n twa jier letter is 't opbrând.
nl.verhalenbank.27162
Wylde lanterens dat was it feurspoek, dat was hier ook wel. Loater komt der wat.
nl.verhalenbank.24391
Op 'e klaei gebeurde 't wol dat nachts by de boer de tsjerne gong. Dat wie foartjirmerij. De oare deis woarde der wer tsjerne.
nl.verhalenbank.25962
In Lukaswolde, gemeente Grotegast, woonde een frou, die zei al een dag of wat van teforen: die en die wordt dan en dan begraven. 't Kwam altijd uit. Ze was mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.37989
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
As minsken fan luzen drome dan komme se yn 'e earmoed to sitten.
nl.verhalenbank.25974
Foardat de tram hjir lâns kom ha guon him al heard. Hindrik de Jong wie de earste, dy't de tram roljen en tûtsjen hearde. Sake Elzinga de twadde. In pear jier letter lei de tram der pas.
nl.verhalenbank.23134
Hjir wie in dobbe, en dêr woarde altyd fan sein, dat dêr noch ris in fanke yn fordrinke soe - ien hie dat ris sjoen -, mar dat is net útkom.
nl.verhalenbank.26897
Beppe hat wol us forteld, yndertiid seagen se oan 'e Haasterwei (gemeente Mearum) allegearre ljochtsjes. 't Wienen wylde lantearnen. Ik ha letter faek oan har wurden tocht. Hwant nou stean dêr wol achtsjin, njoggentsjin buorkerijen.
nl.verhalenbank.19494
Hounen mei stippen boppe de egen binne spûkgûlers. As se oan 't spûkgûlen binne komt der in deaden.
nl.verhalenbank.26300
Mem seach dêr ek wylde lantearnen. Dêr kommen letter huzen. Dat wie ek op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Janke-dobbe.
nl.verhalenbank.25998
Oan 'e Keale wei stienen yndertiid noch gjin huzen. Myn âlde buorman Taeke Struiksma gong altyd nei Burum nei tsjerke. Dêr kom er wei. Dat wie sa'n ein rinnen, dan gong er yn 'e nacht al op stap. Hy fortelde: "Doe't ik op in nacht omtrint oan 'e Keale Wei ta wie, doe roan ik mei de holle tsjin in keale muorre oan. Letter stie op dat plak it hûs fan Arend...
nl.verhalenbank.26895