3,121 datasets found
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Opende
Oude Sweitse die reed met de honnekarre. 't Is al heel lang leden, wel tachtig joar. Hy fertelde: ik was us op in ploats, doe bleven de honnen stoan. Ik kon niet ferder. De duvel keerde me. "Wat duvel, silstû mij hier keren?" sei ik. Doar ging ik weer heen.
nl.verhalenbank.24403
As de tsjerne bitsjoend wie gongen se nei de duvelbander. Sy krigen guod fan him, dat woarde yn 'e tsjerne goaid.
nl.verhalenbank.27540
Edzer Brúntsje koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to exersearen.
nl.verhalenbank.27545
Guon hjir yn 'e Pein lieten de spylkaerten dounsje. Mar 't wie de duvel dy't dounse. Dy siet der yn.
nl.verhalenbank.27546
Ik haw wol ris heard, dat hjir in man wenne hat, dy't soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte koe.
nl.verhalenbank.26013
Yn in peerdespul haw ik wolris ien sjoen, dy't troch de balke krûpe koe. Dat koe Imke ek.
nl.verhalenbank.24169
Duveldrek deden se froeger onder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.27329
Se hadden hier froeger faek kransen in 'e kussens. Myn skoansuster Cor was noait goed. Doe hè se 't kussen openmaakt en doar saten kransen in.
nl.verhalenbank.26340
Alde Minse Griper koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.25931
As der in kat by jin kom, as men ûnderweis wie, en dêr kommen noch mear katten by, dan wienen dat tsjoensters.
nl.verhalenbank.19507
Jan Hepkes koe mear as in oar. Hy koe om 'e bocht sjitte.
nl.verhalenbank.23460
Hindrik kon ook soldaatjes uut de headôbbe laten komen.
nl.verhalenbank.23968
Sy dienen froeger hjir altyd duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.27542
Krijt men hwat fan in tsjoenster en men berget it op, dan wurdt it in pod.
nl.verhalenbank.25960
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje. Sy kinne guon deatsjoene.
nl.verhalenbank.24128
Imke de Jong koe de minsken stean litte.
nl.verhalenbank.27541
Ik ha wolris heard fan minsken dy't soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte koenen. As minsken ús froeger bang meitsje woenen, seinen se wol: "Tink der om hear, oars lit ik soldaetsjes út 'e hurddobbe komme!"
nl.verhalenbank.25964
Mei skoppenboer koe Edzer Brúntsje (= E. Bruining) in flesse drank helje. Edzer Brúntsje fan Surhústerfean wie in âld tsjoenster.
nl.verhalenbank.27544
By âlde Wytske waerden krânsen foun yn 't kessen fan Foppe. Dy flechte de tsjoenster der nachts yn.
nl.verhalenbank.32016
Alde Jehannes Wyts fan Boelensloane wie ek in tsjoenster. Har dochter woun in bern oer. Doe kom dat bern by Wyts yn. Mar dat bern woarde siik en 't gong dea. Wyts hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.38005