1,201 datasets found
Place of Narration: Noardburgum De Westereen
Op in joun stie der in ploechje jongfolk út 'e Westerein by inoar. Greate Hindrik wie der ek by. Doe woardde der ynienen samar ien by harren weinom, sûnder dat se seagen hwa't it die. Sy ha dy fint noait wer sjoen.
nl.verhalenbank.16780
Wy ha hjir in sekere Abraham-potkarre hawn, dy reizge altyd nei Ljouwert ta mei hounen foar de karre. Op in kear wied er wer ûnderweis, doe wie Jehannes tsyske ek op stap nei Ljouwert ta. Jehannes wie to foet. Doe wie âlde Abraham mei de karre oan 'e Bonke-brêge ta west, dêr wie Jehannes-tsyske. Doe bleauwen de hountsjes stean. Dy woenen net in stap...
nl.verhalenbank.36499
Op 'e merk yn Ljouwert hienen se soms in swarte spegel. Twa feinten út Burgumerheide gongen dêr ris hinne. Hja seagen beide yn 'e spegel. Doe seach de iene syn faem en de oare seach in deakiste. De iene is mei dy faem troud, de oare troude net, mar stoar.
nl.verhalenbank.36506
Leentsje Gosse spile greate flokwurden op syn harmoanika. It wie in greate spotter en in earst rarenien. Hy soe om in ûre of ien yn 'e nacht nei hûs ta. Hy roan dwars de paden del, doe stie der ien op 't spoar, dêr koed er net lâns. Doe nom er in oare rjochting en in oar paed. Dêr koed er ek net lâns. Sa woarde er op fjouwer plakken troch ien keard. Doe...
nl.verhalenbank.16166
De frijmitselders kinne mei de deaden prate. Om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselers dea. Der wurdt om lotte hwa. Dyselde mat him dan sels fan kant meitsje. Tsjibbe Gearts fan Burgum hat dat ek dien. Dy't ien kear frijmetseler is mat dat syn hiele leven bliuwe. Hy kin der noait wer by wei. Hy is forkocht oan 'e duvel. Dy soarget der ek foar dat...
nl.verhalenbank.36507
Jehannes-tsyske liet de soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigounen dan to marsjearen. Hy liet de tafel ek dounsje en de kachel ek.
nl.verhalenbank.36498
Ik hie in broer yn 'e Westerein wenjen. Dêr kom ik op in nacht sahwat om tolve ûre hinne wei op 'e fyts. Doe't ik omtrint by de Skilige Piip wie skaefde der in lykstaesje flak by my lâns.
nl.verhalenbank.16776
As der in spylkaert ûnder 't kaertspyljen foel moest men dy net opkrije, hwant dan koe 't wêze dat de duvel jin de kop omdraeide.
nl.verhalenbank.36505
Hearke wie in kear oan 't dongladen. It hynder foar de wein wie net sa sterk en koe it weinfol stront net út it skerngat krije. Hearke spande it hynder út en luts doe mei ien hân de folle wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.36511
Ik ha to Feanwâlden wenne op 'e Finnen yn in gemeentewoaning. Geart Jongsma wenne ek yn sa'n gemeentewoaning, flak by ús. Syn wiif wie in tsjoenster. Myn bern krigen us in kear wyt guod fan it minske op bôlle. Yn 'e nacht wie der mei de bern gjin hûs to hâlden. Sy liken alle fiif wol dwylsinnich. Krekt as wie de duvel yn har fearn. Sy stienen alle fiif op...
nl.verhalenbank.16164
Ik bin net bang foar tsjoensters. As se my neat jowe kinne se om my mar raek tsjoene.
nl.verhalenbank.16158
Heit fortelde: Der wenne in faem by in boer. It wie in feardige faem mei in pear goeije hannen oan 't liif, dat de boer wie wiis mei har. Twa jier hat se dêr tsjinne. Se hiet fan Jantsje en krige forkearing mei in sikere Jan. Snein-to-jouns om 'e fjirtsjin dagen kom er by har en dan sieten se togearre yn 't achterhûs. Mar hy fornaem hwat fremds oan har....
nl.verhalenbank.16159
As eksters skatterje by 't hûs komme der praters. As hounen spûkgûle komt der in lyk.
nl.verhalenbank.16165
Sterke Hearke wie ris oan 't ploeijen, doe kaem der in man by him op it lân. "Hwer ergens wennet hjir Sterke Hearke?" frege er. Hearke tilde de ploech mei ien hân op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36510
Sjoch net tofolle yn 'e spegel, oars kin de duvel dy de kop omdraeije.
nl.verhalenbank.36504
Jehannes koe krekt sizze hwat jo yn 'e bûse hienen. As er gjin jild mear hie, dan hong er jouns it lege ponkje oan 'e bêdsdoar. Dan wie 't de oare moarns wer fol. Dêr soarge de duvel foar. Hy koe de minsken stean litte. De froulju liet er de rokken ôfsakje. Mar hy die gjin minske kwea.
nl.verhalenbank.36500
In âld-minske mei in bôllekarre is us mei karre en al oan kant set.
nl.verhalenbank.16808
To Suwâld by 't Krúswetter lei in tichtsetman mei syn aekje. It gebeurde him wit hoe faek, dat, as er oan 'e súdkant lei fan it tichtset, dat him dan de kettings op 'e aek smiten woarden om in ûre of tsien sahwat yn 'e joun. Lei er oan 'e noardkant, dan wie der neat to rêdden. It wienen twa neakene berntsjes dy't it dienen. De tichtsetman is nei de dûmny...
nl.verhalenbank.16161
In nachtmerje fange se noait.
nl.verhalenbank.16160
Der wie us in âld man yn Feanwâldsterwâl, dy sutele mei petroalje. Mar 't wie in tsjoenster. Hy ried by Tsjitse en Ké mei petroaljekarre en al troch 't slotsgat.
nl.verhalenbank.16809