197 datasets found
Place of Narration: Nijega Narrator Gender: v
't Wie yn 'e tiid dat de minsken nammen krigen. Doe wie der ien, dy hie noch net in namme. 't Wie in lange fint, hy stuts wol in holle boven de oaren út. Hy sei: "Kom ik ek oan 'e beurt?" Doe knikte ús leaven Hear, en omdat er oars neat as in holle sjen koe, sei er: "Ja, kop." Doe miende dy fint dat dat syn namme wie en elkenien neamde him tonei Jakob.
nl.verhalenbank.20204
Doe't de fûgels allegear in namme en fear krigen hienen, hienen se allegear noch in bigear. De iene woe dìt noch ha en de oare dàt. Hwant sy woenen der graech allegearre tige moai útsjen. Allinne de nachtegael oppenearre him net. Dy hâldde him stil. Dy wie wol tofreden mei syn ienfâldich pakje. Mar omt er sa tofreden wie krige er 't allermoaiste geskink,...
nl.verhalenbank.20210
Us pake hie hiel slim de twaddedeiskoarts. De iene dei wie 't goed mar de oare deis wied er skjin forlegen. As er it oankommen fielde hâldde der him mei de hannen oan 'e speaken fan 'e stoel fêst, sa forlegen wied er dan. Mar dan duorre it net lang of hy koe 't net mear op 'e stoel úthâlde. Dan rekke er op bêd. Dan switte er en hy trille. Hy seach der och...
nl.verhalenbank.11542
As it net tsjernje woe, hellen de minsken Piter Poes fan Sumarreheide op. Piter Poes gong dan nei de tsjerne ta en lei der it iene of oare yn. Ik tink dat dat duveldrek of sa wie. Dan makke hy de meneuvels fan it tsjernjen. Dêr dreau hy de kwea-geasten der mei út. Hy pisse hjir en dêr del en roan om it hûs hinne.
nl.verhalenbank.11556
Dy't syn mem slacht, falle de hannen ôf.
nl.verhalenbank.12301
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat tsjirme. Sy tochten: Hoe moat dat dochs komme? Njonken har wennen minsken sûnder bern. De heit fan it sike berntsje sei: It buorwiif kin ús bern wol ris bitsjoend ha. Dat sei er ek tsjin 'e buorman. Kin it wêze, sei er, dat dyn wiif ús bern bitsjoend hat? De buorman woe dêr neat fan wite. Hy sei: Myn wiif is sa...
nl.verhalenbank.11557
Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.
nl.verhalenbank.21655
Doe't Kristus stoar, wie alles stil yn 'e natuer. Omdat se allegearre treurden. Allinne de popelier ritsele. Sûnt dy tiid kenne de popelieren gjin rêst. Sy matte altyd ritselje, as is 't ek nòch sa stil.
nl.verhalenbank.20211
Petrus is deselde dy't yn 'e hemel op 'e kaeijen passe mat. Hy is de sleutelbewaerder. Mar op in kear binne him de kaeijen ûntfallen. Se foelen krekt op in plantsje, dêr't moaije blommen oan sieten. Doe krige dat plantsje de namme fan sleutelblom.
nl.verhalenbank.20205
Doe't Kristus stoar, wie alles stil en yn 'e rêst. Mar de swel fleach ôf en oan. Sa komt it dat de swellen nòch altyd almar hinne en wer fleane en gjin rêst krije kinne. Dat is har straf.
nl.verhalenbank.20213
By Waterloo ha se tige fochten. Dêr is in slach levere. In soad soldaten binne dêr sneuvele. It wie dêr allegearre bloed op it fjild. Letter ha se op dat slachfjild beantsjes forboud. Mar doe't se se út 'e pûlen hellen, sieten der op dy beantsjes allegear it beeld fan in soldaetsje. Dat wie fan 'e soldaten, dy't dêr sneuvele wienen. Sokke beantsjes hat...
nl.verhalenbank.20207
Der wie ris in man oan 't harjen. Doe woarde it ynienen roettsjuster en it hearde him sa ta dat it ek bot bigong to waeien. Mar it wienen oars net as protters, dêr't it sa tsjuster fan woardde en dêr't sa'n wyn troch ûntstie. De loft wie stiiffol protters. Doe smiet dy man mei de hammer nei ien fan dy protters. Mar doe koed er dy hammer net wer fine,...
nl.verhalenbank.12289
Der wie in man, dy hie syn siele forkocht oan 'e kweade. Mar hy hie de duvel to fiter hawn, dat doe't de duvel kom moest er sûnder siele wer fuort. Mar de duvel sei: "Ik wol dochs hwàt fan dy ha." En doe nom er de man syn skaed en dat rolle er op. Sûnt wie dy man altyd sûnder skaed. Dat wie miskien noait útkom, mar op in kear stie er mei in rychje folk op...
nl.verhalenbank.12538
Dy't mei 't kaertspyljen klaveraes krige, soe hiel yn 't koart nei in frjemd plak ta gean.
nl.verhalenbank.11569
Der wie in frou, dy wie jouns altyd fuort. Har buorman tochte: "Dêr wol 'k mear fan wite." Doe bispionearre der har. Doe seach er dat se har útklaeide en nei de kelder ta gong. Dêr salve se har yn mei salve út in potsje wei. Dat struts se ûnder 'e hals, en ûnder 'e earms en ûnder 'e boarsten en ja, oeral. Doe't se dat dien hie, klaeide se har wer oan. En...
nl.verhalenbank.11541
Noait gekoanstekke foar de spegel en rare gesichten lûke, hwant dan komt Hantsje Pik der achterwei.
nl.verhalenbank.12302
Noait skilich sjen, hwant as de klok dan slacht, bliuwe de egen sa stean.
nl.verhalenbank.12303
Der wie ris in man, dy soe in beamke efterhûs poatsje. Hy oan it dollen en doe rekke er mei de lodde hwat hurds. Doe wie dat in pot en dy siet fol jild. Hy helle de pot yn 'e hûs. It jild burch er op. Op in kear hied er it lid fan 'e pot op 'e tafel lizzen. Sa kaem de dokter deryn. Dy biseach it lid is en sei: "Hea, hwat is dat in aerdich lid. Dêr stiet...
nl.verhalenbank.11540
Ik ha wolris mei in frou praet dy't in pleachbeest sjoen hie. 't Seach der út as in greate houn en 't hie hiele greate egen. Mar 't hie har neat dien.
nl.verhalenbank.11554
Der binne ek minsken, dy ha gjin hart.
nl.verhalenbank.12539