484 datasets found
Place of Narration: Kollumerzwaag
Ik haw hjir op 'e tún hjouwer forboud. Doe seach ik in kear dat der in koe by de hjouwerstûke stie. It like krekt of er dêrfan friet. Ik smiet der op mei de klomp. Doe bleau er nòch stean, it wie in spoek.
nl.verhalenbank.37341
Op 'e Trekwei by de Kalkhúsbrêge, der mat yn myn bernejierren in grouwe, swarte houn west ha. Dy kom altyd oer de brêge, roan in eintsje by de feart del en waerd wer wei. Dy houn spûke dêr.
nl.verhalenbank.37355
Alde Douwe wie in boerke, dy wenne yn Kollumersweach. Tidens de oarloch fan '14 op '18 sei er: "As dit ôfroan is, krije wy yn '40 noch in hiele slimme oarloch." It mantsje koe lêze noch skriuwe. "In stêd yn it suden fan ús lân," sei er, "kriget der hiel bot fan. Ik bileef it net," sei er tsjin myn man syn broer, "mar jimme sille 't noch wol bilibje. De...
nl.verhalenbank.24467
As jy op in pod traepje dan bigjint it ogenblikkelik to tongerjen.
nl.verhalenbank.37369
Yn Egypte wenne in man, dy syn wyfke forstoar, mar nei har dea kom se alle dagen by him. Hy helle de dûmny der by, dy't har oanspruts en frege hwat se bigearde. Oan dy dûmny joech se har bigearte to witen. De man foldie oan dy bigearte en it spoekjen wie dien.
nl.verhalenbank.15731
Der wie in boerke, dat hie forlet fan jild. Doe kom de âld feint by him, dy sei: "Ik woe dyn siele wol keapje." "Dy kinst àl krije," sei 't boerke, "mar dan mast my dizze lears fol jild leverje." "Nou," sei de âld feint, "dat nim ik oan. Hingje dy lears mar oan 't groubynt yn 'e skuorre. Mar as ik him fol ha, dan pak ik dy direkt." "Bêst", sei 't boerke,...
nl.verhalenbank.25194
Op in nacht kom in feint fan 'e faem werom. Dy faem wenne yn Twizel. De feint wie sahwat tusken it Heideloantsje en de Kloksheide. Doe kom him in âld-minske tsjin. De feint sei: Goe-joun. Mar it âld-minske sei neat werom. Hy sei noch us: goe-joun. Mar sy sei noch neat. Doe draeide er him om. It âld-minske wie in frou yn it swart mei lange rokken oan. Sy...
nl.verhalenbank.15725
Der binne wol minsken, dy wolle jouns bûtendoar bislist net hwat opite fanwege de kweageasten, dy't dan warber binne. Dy har egen geane oer dat iten en dan kin 't jin wolris min bikomme.
nl.verhalenbank.26310
Myn broer Sjoerd is al mear as 60 jier dea. Hy huisde mei Aefke yn in âld strieën keetsje. Hy wie ôfkeurd foar de militaire tsjinst. Hy kaem wol gauris by Ael, hwant mei dy har jonges wied er kameraet. Mar Ael wie in tsjoenster. Ael sei tsjin Sjoerd: Hwat sjochstû der min út, jonge. Dan joech se him in stikje roggebrea as in limmetmes sa tin, mei in...
nl.verhalenbank.16990
Der wie in keardel, dy koe troch in balke hinne krûpe. De minsken seagen der allegear nei. 't Wie op 'e kermis. Mar der wie ien by 't publyk dy sloech him mei de stok. Doe raesde dy keardel it út. En doe seagen se allegear dat er by de bálke lâns krûpte.
nl.verhalenbank.25382
As ien tige sterk is, wurdt der wol sein: dû koest wol in soan fan Sterke Hearke wêze.
nl.verhalenbank.24077
In tsjoenster rydt strampele op 'e biezem troch de loft.
nl.verhalenbank.25369
It gebeurde ris dat der in bern van my bitsjoend rekke. Doe wenne ik hjir al. Doe ik nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke joech my in fleske mei guod. 'k Moest der goed op passe dat it fleske net stikken rekke, sei er, hwant dat koe gebeure. As it iene of oare my tsjin 'e jas oan stompte dan gong 't fleske stikken. Healwei de Swâdde yn Twizelerheide moest ik...
nl.verhalenbank.24711
Op 'e wei fan Feanwâlden nei Dokkum seagen wy froeger in rige ljochtsjes. Letter wienen dat de ljochten fan 'e fytsen en de auto's. Dy hienen wy al jierren fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.24705
Dy't yn 'e Swarte Spegel sjocht kin gewaer wurde hoe't syn takomstige frou der út sjocht.
nl.verhalenbank.29547
Froeger hienen de boeren in flearstrûk foar it keldersfinster, dan koe de tsjerne net bitsjoend wurde.
nl.verhalenbank.24063
Doe't ik in jonge baes wie wenne der by ús yn Moarmwâld in âld wiif, Baeije. Dy gong foar in tsjoenster troch. It minske koe rekkenje noch skriuwe. Mar dy wienen der doe wol mear. Dêr siet ik as jonge in bulte, hwant ik wie kammeraet mei ien fan har jonges. Hja wie ús buorwiif sahwat. Doe't ik troude kaem ik yn 'e Falom to wenjen. Ik sei tsjin 't wiif:...
nl.verhalenbank.24713
By 't spoar wenne âlde Clare. Dy koe kaertlizze. Ik haw ris op in snein-to-joun mei myn broer en noch ien nei har ta west. Hja tyspele hwat yn 'e kaerten om, doe bigoun se tsjin myn broer to praten. Hja sei, hja seach de skoarstien by him rikjen. "Dû bist in man, dû kinst dy wol rêdde", sei se tsjin him. Dat is útkaem. Hy is ridlik gau dêrnei troud - doe...
nl.verhalenbank.29551
Wybrand Hovius fan Lutjegast fortelde my ris, yn Westerhorn by Grypskerk, tichte by 't spoar, dêr wie ris in keppel jongfolk byelkoar to jounpraten. Ien fan dy mannen swetste mar raek en sei: "Ik bin foar gjin duvel bang." Doe seinen de oaren ûnder elkoar: "Wy sille him ris bang meitsje." Ien fan dyselden gong de oare jouns, doe't it tsjuster wie, op in...
nl.verhalenbank.24075
Yn Kollumersweach wenne Harm v.d. Berg. Dy hie in sike jonge, dy't bitsjoend wie. Op in kear kom der in fremde swarte kat by harren op it hiem. Harm skeat op dy kat en rekke him. De oare deis wie Liuwe Ael, in âld tsjoenster, dy't oan 't Wyldpaed wenne, kreupel.
nl.verhalenbank.24061