423 datasets found
Place of Narration: Houtigehage
By de hulzenehage to Boelensloane spoeke in swarte houn.
nl.verhalenbank.37785
Wylde lantearnen woarden hjir froeger oeral sjoen. De lju wienen der deabinaud foar, hwant it wie spûkerije.
nl.verhalenbank.21695
Dy't yn 'e swarte spegel seach koe gewaer wurde mei hwa't er trouwe soe.
nl.verhalenbank.37791
Myn broer Jan praette us in kear mei sterke Ynse fan Bakkefean. Jan sei tsjin Ynse: "Ik woe noch wolris tsjin dy wrakselje, Ynse." Ynse sei: "Der hat my noch noait ien op 'e rêch sitten." Sa praetten se in skoftsje mei elkoar, doe sei Ynse: "Nou mat ik fuort, mannen." Ynse krige in sekfol ierappels yn 'e iene hân - dêr siet oardeheal kuorfol yn - en yn 'e...
nl.verhalenbank.23733
Der wie in âld minske - ik haw har noch wol kend, - dy hie altiten lêst fan 'e duvel. Dy duvel, dy kom by har as se by de wasktobbe stie. It wie in lyts keardeltsje, mei in hoed op. Dan sei se: "Duvel, dû krigest my net, hwant ik hâld it mei ús leaven Hear." (Har heit wie âlde Bouke-duvel. Dy sei altyd: "O duvel, duvel, duvel." Op in kear siet er dea...
nl.verhalenbank.25424
Dy't strimen yn 'e foarholle ha, binne tsjoensters, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23727
Yn 'e ûngetiid gebeurde it, dat de boer in foer hea fêst sitten hie tusken de skuorredoarren. 't Wie by Fryskepeallen. Sy fregen Sterke Ynse. "Wol Ynse even skouwe?" "Jawol", sei Ynse. Ynse sette de rêch tsjin 't foer hea oan en doe skoude er 't hiele foer hea fan 'e wein ôf.
nl.verhalenbank.25418
Froeger wienen der wol faek wylde lantearnen, fral oan 'e wei fan Olterterp nei de Himrik. Sy seinen doe, dêr soe noch wolris in trein lâns komme.
nl.verhalenbank.23737
Pytsjemuoi, dat wie Auke Stienstra syn mem. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie se fan 'e duvel. Hja siet noait sûnder sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.37795
De ploege fan sterke Hearke, dat wie in âlderwetske houten ploege.
nl.verhalenbank.21691
Foar de tsjoensters makken se in krús foar de doar. Dan koenen sy der net ynkomme.
nl.verhalenbank.21685
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.31125
As tsjoensters op 'e biezemstôk troch de loft fleagen waerden se heksen neamd. Der waerd wol sein dat hjir twa wienen: in mem mei in dochter.
nl.verhalenbank.31119
Op 'e Boelensloane rint in pleachbeest skean oer it lân hinne, it sjocht der út as in dikke swarte houn mei hiele greate egen en earen. In keppel fammen fan Boelensloane roan us yn 'e rige it paedtsje del dat likernôch by it Blauhûs bigjint en sa de kant út giet nei 't Fean ta. Doe seagen se de wjerwolf. Hy roan flak by har lâns.
nl.verhalenbank.25178
Skoppenboer wie de fornaemste kaert út it hiele kaertspul. Jy koenen der in flesse drank mei komme litte. Dy't Skoppenboer tusken syn kaerten hat, dy wint it altyd.
nl.verhalenbank.24299
To Eagum wenne in roomse boer. Dy neamden se de duvel fan Eagum. Der wenne in grifformearde boer flak foar him oer. De roomse boer mochten se net lije. De roomse - en de grifformearde boer hienen elk like folle lân. Ik haw ris by dy roomse boer ûngetide. Dy fortelde my: De grifformeerde boer hie in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde. Nachts tolve ûre...
nl.verhalenbank.22039
Op in kear kom de duvel by in faem, dêr woed er by opsitte. De faem sei: Goed, mar wolle jo sa lang wachtsje oant ik skûtelwosken ha? Dat wie de duvel bêst en hy wachte. Mar op it lêst bigoun it him to forfelen, hwant de faem bigoun mar noait to skûtelwaskjen. Hja tocht: "Ik sil him wachtsje litte, dan giet er wol wer fuort." "Wurdt it ek hast hwat," sei...
nl.verhalenbank.24306
Myn broer Ritske fortelde: Ik ha forkearing hawn mei in fanke, dêr wie 't net mei yn oarder. As ik mei dat fanke fuort west hie en ik brocht har op 'e lette joun wer thús, dan kom der ûnderweis altyd in dikke houn by my, mei egen, sa great as thépantsjes. Ik hie 't dolkje by my en dat hie 'k op in kear klear. Doe't er wer by my kom, wylst ik it fanke nei...
nl.verhalenbank.24312
Us Egbert-om fan Boelensloane wie in man dy woe neat wite fan spûkerij en dy dingen. It wie in bolderblast fan in fint en hy wie foar neat bang. "As der hwat is, dan woe 'k wolris hwat sjen", sei er altyd. Mar doe hat er dan ris hwat sjoen op in joun. It wie in swart ding dat him achternei siet. Hy koe net sjen hwat it krekt wie, mar 't hie fjurrige egen...
nl.verhalenbank.29408
Doe't Sterke Hearke twa jier âld wie, doe koed er al in boerewein fuortlûke.
nl.verhalenbank.25597