423 datasets found
Place of Narration: Houtigehage
Wy ha yn Drachtster Kompenije wenne. Dêr woarde in hûs boud, dêr binne wy sels yn kom to wenjen. Ik haw fan to foaren de ljochtsjes fan 't hûs sjoen. 't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen.
nl.verhalenbank.22045
Piter Scheper fan Houtigehage koe de koarts fan in pasjint op in beam oerbringe. De beam bigoun dan to triljen.
nl.verhalenbank.37474
To Houtigehage wenne in man, dy hat forkearing hawn mei in suster fan myn man. Hy hat ris forteld: Op in snein-to-joune seach ik ynienen dat der in streekje huzen fuort wie. It wie dêr gewoan lân woarn, dêr't neat mear op stie. Allegear gjers. Mar o, o, hwat gong it der dêr op dat lân alderheislikst oan wei! It gong dêr op in skoppen en traepjen en...
nl.verhalenbank.11558