3,037 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Houtigehage
Froeger wienen der wol faek wylde lantearnen, fral oan 'e wei fan Olterterp nei de Himrik. Sy seinen doe, dêr soe noch wolris in trein lâns komme.
nl.verhalenbank.23737
Doe't der noch gjin tram ried oer de Folgerster loane ha forskeidene lju hjir fan tofoaren dêr allegearre ljochtsjes sjoen. Dat wienen de ljochtsjes fan 'e tram by joun, doe't dy der letter wie.
nl.verhalenbank.28036
Yn 'e oarlochstiid is der in jonge forstoarn fan Atse fan der Heide fan Houtigehage. Skoanmem hie klear de lykwein fan tofoaren oankommen sjoen mei de hynders der foar. Hja wennen doe oan 't Spûkeloantsje ûnder Drachtster Kompenije.
nl.verhalenbank.29414
Hjir yn 'e Houtigehage ha forskeidene west, dy't froeger de tram fan 'e Folgersterloane heard ha, fier foardat dy der noch wie. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.31106
As jo drome oer fisk of oer hynders, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29419
Myn skoanmem seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten.
nl.verhalenbank.29418
Sy seinen froeger wolris, dat hûs brânt ôf. Guon ha 't brânnen sjoen. Dan brânde it letter èk ôf.
nl.verhalenbank.24566
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Ik haw us praet mei in man út Wynskoat, dat wie in scheepklinker, dy fortelde my, hy wie op in skip en dêr woarde nachts klonken. It wie sa dúdlik to hearren. Mar doe't se seagen wie der neat to dwaen. De oare deis waerd der echt klonken. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23827
De wylde lantearnen dy't wy froeger boppe Boelensloane seagen wienen de foarboaden fan 'e lettere fleanmasines, sa fortelden se hjir.
nl.verhalenbank.37701
Ik ha wol minsken kind, dy't seinen: "Dat hûs ha 'k yn 'e brân sjoen." Dan brânde it letter ôf.
nl.verhalenbank.24650
As in houn spûkgûlt, kin men der mar fan op oan dat der mei gauwens in deaden komt. Dat giet altyd troch.
nl.verhalenbank.29410
Sa gebeurde 't ek dat guon seinen: dêr en dêr sille huzen komme. Wy ha it timmerjen al heard.
nl.verhalenbank.31107
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Yn 'e Blaudobbe to Houtigehage ha guon sjoen dat twa fordrinke soenen. Mar it is oan diz tiid ta net gebeurd.
nl.verhalenbank.25169
As eksters op 'e tún by hûs skatterje, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.25423
Us mem hat it forhaeltsje wolris forteld fan: De tijd is verschenen, maar de man is er niet.
nl.verhalenbank.24649
't Wie op 'e Houtigehage yn 't bigjin fan ús memme trouwen. Op in nacht hearde ús mem klear dat der peallen delgoaid woarden en hout. Mar dat wie yn werklikheit sa net. 't Wie tjirmerij, hwant letter brochten se peallen foar Wytske-moai har spitkeet yn 't achterhûs. Dàt hie se heard. Hwant Wytske-moai woe in hutte ha. Hja hie in bern en de heit fan it...
nl.verhalenbank.24648
Froeger woarde der yn 'e Houtigehage in protte matte-weefd. As it nacht wie, dan hearden se de slaggers wol, dêr't se matten mei weefden. Dat wie tsjirmerij. It bitsjutte safolle as dat der de oare deis wer weefd wurde soe. Soms ek brake it yn 'e nacht troch. Dat wie ek tsjirmerije. It tsjerne ek wolris troch yn 'e nacht. En soms gong de flaeije yn 'e...
nl.verhalenbank.24565
Myn jonge is troud mei in dochter fan Piter Mook (= P. de Graaf). Sy krigen in berntsje. Doe kom Piter by harren en sei: "Jimme ha dit jonkje al, mar jimme hâlde it net." "Hwat wyt heit dêr fan?" sei ús jonge. "Tink mar om myn wurden", sei Piter. Hy krige gelyk. 't Bern rekke wei. (Piter Mook wie mei de helm geboaren)
nl.verhalenbank.23779