1,725 datasets found
Place of Narration: Harkema
To Hurdegaryp oan 'e rykswei stie in hekke, dy wie altyd iepen. As se him jouns ticht dienen, stie er de oare moarns wer iepen.
nl.verhalenbank.25787
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke hie op in snein hiel bot flokt. "Ik wol mei de duvel fechtsje! Ik bin foar gjin duvel bang!" en sokke dingen mear hied er mar roppen. Hy wie tusken oar jongfolk yn. Doe woarde er opnom en oer de dyk hinne smiten. Letter wied er altyd binaud. Hy doarst by nacht net allinne to reizgjen.
nl.verhalenbank.29354
As de minsken op har stjerbêd klean oan ha, dy't op snein makke binne, kinne se net stjerre. Dat hat heit meimakke.
nl.verhalenbank.29340
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Mei skoppenboer koenen guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.29368
Alle Tet (de frou fan Alle Wagenaar) dat wie yn myn egen de iennige echte tsjoenster fan 'e Heide. Op in kear stie der in hiel great grou skiep mei de kop tsjin it tek oan fan Alle Tet yn dy's hûs. Harm Schievink syn wiif seach dat en sei tsjin Tet har soan: "Ha jim sa'n dik skiep krige?" "Welné", sei dy. Doe wist it minske genôch. "Ik ha krekt ien...
nl.verhalenbank.16826
As de manlju fan 'e Harkema froeger nei Stêdskanael ta gongen to baggeljen wienen der altyd guon by, dy krigen de fretkoarts. Dan rekken se noait sêd. Se ieten mar troch. It iene potfol beantsjes nei 't oare. Se kòenen net sêd. It duorre meastal in dei of trije.
nl.verhalenbank.32990
Tsjoensters kinne fleane. Dat dogge se meastal op in biezemstok.
nl.verhalenbank.32748
Us âlde beppe wenne op 't Ketling, ûnder Surhústerfean. Op in moarn sei se: "Binnen 14 dagen brânt dat en dat hûs op. Ik ha 't fannacht brânnen sjoen." Binnen twa wiken tiid wie 't hûs in jiskebult.
nl.verhalenbank.12498
Sytse Jager wie ris mei in stik of hwat fan syn kammeraden op 'e Húsloane (de wei nei 't Bomkleaster ta). Hy wie in greate spotter. Dy jouns hied er ek wer forkeard praet hawn en dêrby wied er dronken. Hy woarde ynienen by syn maten weinom en oer de dyk smiten. Dat wie de duvel syn wurk. Dy reis hat him net smakke. Hy hat letter noait wer allinne jouns by...
nl.verhalenbank.32984
Ruerd van der Lei wie koopman yn hinnen en kninen en sa yn 'e Harkema. As er freed-to-moarns nei stêd ta gong en Taeke Alma syn spultsje passearde, dan stie de hekke dêr altyd iepen, wylst it fé doch yn 't lân bleau. Dat bruide der noait in kear út. De hekke woardde jouns ticht dien, mar moarns stie der altyd wer iepen. Dat mat wurk fan 'e duvel west ha.
nl.verhalenbank.16832
Jehannes Jager syn broer Sytse moest us in kear út 'e broek. Doe woarde er krige en fan 'e iene kant oer de dyk nei de oare kant smiten. Hyltyd mar wer. Op 't lêst wied er lizzen bleaun, alhielendal slop en blau. Oaren ha him dêr wei helle. 't Wie in raer man. De duvel hie 't dien.
nl.verhalenbank.22229
Der wie us in pearke, dat wie by de Skieding oan 't kuijerjen. Hy hiet fan Jan van der Woude. Sy hienen it der oer, dat se trouwe woenen. Dêr hienen se noch noait earder oer praet. Se neamden de datum ek. Der wie hyltyd in kat by harren. Nergens wie in minske. De oare deis wisten alle minsken dat se trouwe soenen. Dat hie dy kat oerbrocht, hwant dat wie...
nl.verhalenbank.24880
By ús thús hearden wy froeger nachts faek de brake gean. Mar it gong fansels ek faek op in braekjen by ús.
nl.verhalenbank.19532
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel. Sy matte der nachts faek op út. Der lekt neat fan út hwat se om hâns ha.
nl.verhalenbank.28923
Alle Tet op 'e Bulten wie blau om 'e holle. Dêr koe men oan sjen dat in tsjoenster wie. Sy bitsjoende faek bern. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. As bern wienen wy binaud foar har. As wy har oankommen seagen, naeiden wy hurd út.
nl.verhalenbank.19526
Hindrik Ophuis syn wiif gong der wol op út to naeijen. Sy kom ek by in frommes, dat wie in tsjoenster. Dêr krige se in stik krintebôlle en hja hie forgetten de earste hap út to spuijen. Hie se dat dien dan koe 't gjin gefaer. Sy kom thús, deabinaud. Mar har eigen keardel Hindrik Ophuis wie ek in tsjoenster. Dy wist der alles fan en sei: Dû mast...
nl.verhalenbank.12315
Der hat hjirwei in manspersoan nei Wopke ta west om in drankje. Wopke joech it him, mar sei: "Tink der om, dat se dy de drank ûnderweis net ûntstelle. Pas der goed op." De man die de flesse mei 't drankje yn 'e binnenbûse en seach der ûnderweis net wer nei om. Hy tocht, dat it dêr wol feilich wêze soe. Mar doe't er thúskom, wie 't fleske leech. Hy werom...
nl.verhalenbank.32953
Oan 'e ein fan 'e Lange Loane, dy't froeger oan 'e Lauwerssé ta gong, stie ien hûs. Oeds Kûper hie dêr in stik lân lizzen. Dêr wienen fjouwer wringen. By dy fjouwer wringen kaem jouns altiten in âld wyfke it lân delstappen. As der ien troch moest, stienen de hekken alle fjouwer iepen. Mar it fé, dat dêr roan, kom net ta 't lân út. Dat wie it wûnderlike...
nl.verhalenbank.17523
Sjouk har suster seach op in kear in nachtmerje oankommen. Hja lei op bêd. It wie in ding, sa great as in ichelbaerch. It wie brún. It sprong har op 'e fuotten, doe op 't lichem. Al hiel gau wie se sûnder siken.
nl.verhalenbank.17537