4,036 datasets found
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Harkema
As Mike Ruerd en Hindrik Ophuis by 't lân lâns gongen, koe 't fé net yn 't lân bliuwe.
nl.verhalenbank.16886
By tsjoenderij komt altyd tokrûmele roggebrea to pas.
nl.verhalenbank.12368
Op in kear doe krige er in swierdere straf. Doe woarde er 'krom gesloten'. Dat wie mei de fuotten krúst yn 't ket, de fuotten geboeid en de hannen geboeid op 'e rêch. Sa waerd er opsluten. Doe hie Ymke tsjin 'e bewaker sein: "Zo zit ik vast en zo ben ik los." En doe wie 't spul him samar fan 'e hannen en fuotten ôffallen. Doe ha se him mar fuortjage. Se...
nl.verhalenbank.34584
As se my mar neat ynjowe, lit se dan mar tatsjoene!
nl.verhalenbank.23667
Tsjoensters komme troch 't slotsgat.
nl.verhalenbank.25811
Ruerd van der Veen (Mike Ruerd) hie ek in toverboek. Dêr siet er faek yn to lêzen. Dan gong it raer. It wienen soms allegearre roeken by him yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.17415
Heit fortelde ek, dat Ymke de Jong, dy wie in kear op Hamster merke west. Tseard van Dekken dy wie dêr stille plysje. Dat wie ien fan 't allergemeenste alloai. Tseard en Ymke krigen hwat spul en dêrby gniisde Tseard Ymke út en stuts him de gek oan. Doe sei Ymke tsjin him: "Ik jow neat om dy. Ik kin dy wol stean litte, datst net in foet forsette kinste."...
nl.verhalenbank.34587
Hindrik Pyk (= H. Ophuis) hie in soan. Dy sei us: "Hoefolle skiep en rammen ús heit my al net deamakke hat, dêr is de ein fan wei." Hy tsjoende se dea.
nl.verhalenbank.22195
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Us mem hat twa jonges forlern. Dat wie Alle Tet har wurk.
nl.verhalenbank.22031
As to Kollumersweach nachts de molke bitsjoend wie, fleagen de lidden fan 'e bussen ôf.
nl.verhalenbank.15519
Lytse Douwe wenne yn 'e Hamsterheide. It wie ien fan Rudolfsjonges. Hy koe soldaetsjes út 'e hurddobbe komme litte. Hy hie in winkel. Tsjin 'e jonge bazen seid er, sy koenen joun wol komme, dan soe hy de soldaetsjes tofoarskyn komme litte. Op in joun kommen se by him. Hy sei: "Nou jonges, kom foar!" En dêr kommen se út 'e hurddobbe wei. "Ekserseare!"rôp...
nl.verhalenbank.16818
Mike Ruerd liet wolris soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dat die er mei in toverboek.
nl.verhalenbank.25785
Ruerd v. d. Veen wie myn pake. Se seinen, hy hie in toverboek. Hy koe der soldaetsjes mei ta de hurddobbe útkomme litte, woarde der biweard.
nl.verhalenbank.19521
Mike Ruerd fan 'e Harkema liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.33296
Der binne guon, dy kinne de spylkaerten dounsje litte. Dan dounsje se allegear trochinoar. Op it lêst misse der twa. Dat is ien fan 'e hearen en de frou fan in boer. Dy binne der togearre tuskenút knypt.
nl.verhalenbank.25557
Mike Ruerd koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er oer de flier marsjeare.
nl.verhalenbank.29350
In tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.33650
As der ien bitsjoend wie en sy sieden spjelden yn it wetter, dan kommen de tsjoensters boven op 'e skoarstiens.
nl.verhalenbank.16884
As tsjoensters der op út gean to tsjoenen, litte se de pânse achter.
nl.verhalenbank.19972
Imke de Jong kroep op Drachtster merke troch in kachelspipe hinne. Mar ien fan Feansterheide seach, dat hy der by lâns krûpte. Hy joech Imke in slach foar de kont en sei: "Dû mast der ek ècht trochkrûpe, dû mast de minsken net bidonderje."
nl.verhalenbank.22098