4,291 datasets found
Dutch Keywords: heks Place of Narration: Harkema
Yn 'e Harkema wenne in greate tsjoenster. Dat wie Alle Tet. Dy hat Klaze Maei it tsjoenen leard.
nl.verhalenbank.16956
Katten binne tsjoensters.
nl.verhalenbank.16076
Thomas Klare fan Houtigehage, in forneamde kaertlizter, wie in dochter fan Antsje Snipel. Tryn Snipel, in tsjoenster, ek to Houtigehage, wie in suster fan Antsje Snipel.
nl.verhalenbank.16951
In swarte kat dy't net in inkel oar kleurke oan him hat is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28717
Alle tsjoensters kinne har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.26248
Tsjoensters foroaren har yn katten.
nl.verhalenbank.25727
Der wie in dûmny, dy moest by in frou komme. Dy frou gong foar in tsjoenster troch, mar de dûmny woe dêr wissichheid fan ha. Sy kom noait yn 'e tsjerke. Ha jo ek sin oan pankoeken? frege se de dûmny. Jonge ja, sei er. Doe bigong sy to pankoekbakken. Doe't se trije klear hie, brocht se se him. Mar hy iet se net op. Doe't se wer fuort gong om mear to...
nl.verhalenbank.16893
Soms hâlde de katten in forgadering.
nl.verhalenbank.26946
Lytse Bearn (van der Veen) gong alle moarnen om fjouwer ûre yn 'e moarn nei de boer ta op it Wytfean, dêr't er arbeider wie. Hy moest dan troch de bosk, dat se nou de Bulten neame. Dêr wienen dan faek in stik of hwat katten byelkoar, dy't dêr in forgadering hâldden. Dêr wie Alle Tet ek by. (as kat)
nl.verhalenbank.17378
Pake Jan (Jan Spoelstra) smarde duveldrek ûnder 'e finsterbanken. Hy wie âld-feint. Dêr kaem nachts altyd in tsjoenster by him foar 't glês. Mar sûnt er dy duveldrek dêr brocht hie, net wer.
nl.verhalenbank.17397
As in tsjoenster der op út giet, is de geest út har lichum wei. De gedaente bliuwt thús. Dêr is dan alle wêzen út, krekt as út in deade. De geest is der út.
nl.verhalenbank.16088
Alde Aeltsje (= widd. A. Schievink-Westra; sj. B65-15/16) is in tsjoenster. Sy hat us ien in apel jown. Doe hat dyselde de apel yn in panne lein en der in lid bovenop dien. Doe't er de oare deis yn 'e panne seach, siet der net in apel yn, mar in pod.
nl.verhalenbank.16085
As in tsjoenster stjert, wurdt se net stiif, mar bliuwt slop. Alle Tet wie as in flarde sa slop, doe't se in lyk wie. Mem hat har mei ôflein. Ik koe har wol oprolje, sei mem, de âlde duvel, sa slop wie se. En har troanje wie hielendal blau.
nl.verhalenbank.16084
Alle Tet hat hjir in hiel soad minsken bitsjoend.
nl.verhalenbank.20136
De tsjoenster kin in minske troch 't lampeljocht krije.
nl.verhalenbank.16081
Elke tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.27006
Tsjoensters komme troch 't slotsgat.
nl.verhalenbank.25811
Krintebôlle mat men noait fan in tsjoenster oannimme, hwant dat wurdt altyd bitsjoend.
nl.verhalenbank.16894
Sy dienen hjir yn 'e Harkema faek duveldrek ûnder 'e bargetrôch. Dat wie om 'e tsjoensters. Under 'e drompel hie hast elkenien duveldrek.
nl.verhalenbank.17396
Hwat in tsjoenster jin jowt, dat foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.24637