186 datasets found
Place of Narration: Feanwâlden
Yn 'e Westerein wenne in man, dat wie in broer fan myn earste man en in hiel raren. Hy flokte en ketterminte altyd dat it hwat die. Op in kear kaem er mei in keppeltsje jongfolk út 'e kroech. Hy hie 't wer raer opsein, de duvel wie der ek by to pas kaem. Wylst er mei dat keppeltsje ûnderweis wie, seach er hwat - hwatte dat is men noait gewaer woarn. De...
nl.verhalenbank.36466
Greate Pier wie ris in kear oan it ploeijen op in stik groun. Doe kaem der in man by him yn 't lân, dy frege him: "Kinne jo my soms ek sizze, hwer't hjir ergens greate Pier wennet?" "Jawol", sei Pier, sjoch, hjir stiet er. En doe pakte er de ploege beet, dy't er optilde en wiisde dêr syn hûs mei oan en hy sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37744
Mem har beppe wie mei de helm geboaren. Hja woe noait lije dat mem en dy by 't tsjuster midden op 'e wei roannen. Hwant dan koenen se tsjin in lykstaesje oprinne en in rare stomp krije. Mem har beppe seach lykstaesjes fan tofoaren. Hja hat ek sjoen hoe't har eigen soan op in skip fordronken is. Hja sei de deis fan tofoaren noch tsjin him: "Dû mast der...
nl.verhalenbank.37750
Myn swager hie in jong hynder. Dêr wie er greatsk op en ek tige mâl mei, hwant it hynder wie och sa gehoarsum. Hy sei: "It hynder hat noch noait hwat wegere. Dy lit neat stean." Doe't er dat sei, wie Jehannes krekt oan 't baeldertellen. Doe't de wein fol wie mei baelders soe myn sweager der mei fuort. "Fuort", sei er tsjin 't hynder. Mar 't hynder bleau...
nl.verhalenbank.38259
Jehannes hie altyd in pet op. Noait wie er mei de bleate holle en hy makke him noait lulk.
nl.verhalenbank.38265
Wy hienen baelders (turf) yn 't achterhûs, dy makken wy sels. 't Wie in moaije bult. Op in nacht gebeurde it, dat myn man om ien ûre thús kaem. Doe sei ik tsjin him: "Dû hast moarnmoarne wol wurk, Klaes, hwant de baelderbult is útsketten." Ik hie 't dúdlik heard, it wie ien en al gerattel fan turven. De oare moarns gong Klaes fuort út bêd wei dêr hinne....
nl.verhalenbank.38271
Achter Jehannes wennen in pear âlde minsken, in man en in frou. Op in joun doe wie 't jongfolk op 'e wei hwat oan 't oangean. Se spilen op 'e harmoanika en guon songen der ek by. Doe kom der in frou út 'e hûs wei, dy sei tsjin 't jongfolk: "Jimme matte net sa oangean, hwant de âlde minsken dy't dêr wenje, matte sliepe. De man mat der moarn yntiids wer...
nl.verhalenbank.38270
Jehannes koe ek de tange dounsje litte.
nl.verhalenbank.38264
Jehannes gong wolris mei heit to strunen. As de doar dan ticht siet, sei heit: "Dit is neat wurdich jong, dit kin net, de doar sit ommers fêst." Mar altyd krige Jehannes de doar los.
nl.verhalenbank.38258
As men op in slak of op in pod trapet bigjint it to tongerjen, sizze se.
nl.verhalenbank.37751
Marten Spiekstra fan Burgum fortelde my ris it folgjende: Der siet in famke foar 't rút. It sil yn Burgum of omkriten west ha. "Heit," sei se, "der komme swarte mannen oan en dy wolle hjir in kiste troch 't rút triuwe." Mar de heit seach neat. In wike of hwat letter stoar der ien yn dat hûs. Der moest in kiste brocht wurde, mar dy koe net troch de doar....
nl.verhalenbank.37745
As eksters skatterje yn 'e beam komt der in bigraffenis. As ien ekster flak by de doar komt krijt men bisite. Spûkgûlt der in houn, dan komt der mei gauwens in deade.
nl.verhalenbank.36467
Jehannes Meerstra kaem mei Edammer tsyskes bylâns. De famkes doarsten net nei de doar ta, hwant hy liet har samar de rokken ôfsakje. Myn suster hâldde de rokken altyd fêst beet, as hy der wie. It iene momint hied er neat yn 'e hannen en it oare momint hied er de hannen fol dûbeltsjes. Hoe't dat koe bigriep net ien.
nl.verhalenbank.36471
Achter Bennema-state wie 'k in kear hielendal achter yn 't lân. 't Wie prachtich-moai stil waer. Der wie abslút gjin wyn. Ynienen giet der troch 't lange gers in twirre. Dy twirre giet oan 'e beammen fan 't slot ta en giet sa yn 'e beammen op. En doe wie 't fuort en wie der gjin twirre mear. 't Wie wer blêdstil, de hiele middei. Dat wie in moai...
nl.verhalenbank.37753
In nachtmerje is in libben wezen. Us mem hat it ris mei in nachtmerje hawn, doe bigounen earst de gerdinen to wapperjen. Doe sprong der in swier ding op my, sa fortelde mem. It bigoun by de teannen en sa gong 't omheech nei de holle ta. Ik lei machteleas. De nachtmerje kaem by mem en dy yn 't skip troch de patryspoart. Dat wie in ding fan 15 cm. Wylst dat...
nl.verhalenbank.37747
Op in nacht hearde ik dúdlik in kroade by ús yn 't achterhûs, dy ried nei de wei ta. Ik sei tsjin Klaes: "Hark, dêr rydt in kroade de wei del. Dy komt by ús út it achterhûs. Dy kin ús turf wolris meinimme." Klaes der ôf en sjen. Hy hie 't gewear klear. Mar der wie neat to sjen. It hie Jehannes syn wurk wer west.
nl.verhalenbank.38272
Hy koe de froulju de rokken samar ôfsakje litte. Dat die er ek echt, ik wyt dat it wier is.
nl.verhalenbank.38266
Op 't Bûtenfjild wie 't froeger allegearre wetter. Doe sei Jehannes ris op in kear: "Dêr komt in dyk en in brêge. Ik sjoch de skiep oer de brêge rinnen." Tsien jier letter is dêr in dyk kaem en ek in brêge. Hy hie 't wol goed sjoen.
nl.verhalenbank.38267
Mar it hat net allegear Jehannes syn wurk west, hwat der by ús gebeurde. Hwant de earste twa jier, dat wy dêr yn dat hûs op 'e Wâl wennen, wenne Jehannes dêr noch net. Doe't wy dêr kamen to wenjen sei de foarige biwenner tsjin ús: "It doocht hjir net." Myn man hat yn dat hûs noait in dier yn leven hâlde kind, de earste beide jierren like min as letter. De...
nl.verhalenbank.38273
Wylde lantearnen, dat bisjutte hwat. It wienen de autoljochten fan letter tiid.
nl.verhalenbank.37746