409 datasets found
Place of Narration: Eastermar
Sterke Hearke ploege op 'e Dunen yn 'e Harkema. Der kom ien oer 't paed by him lâns. "Hwer sille jo hinne?" frege Hearke. "Ik sil nei sterke Hearke", sei er. Hearke sei: "Doch even geduld." Doe helle er de hyns út, hy krige de ploege fan achteren beet en tilde him op mei ien hân. Mei dy ploege wiisde er nei syn hûs. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe...
nl.verhalenbank.20596
Tseard van Dekken wie plysje yn 'e Ham. Hy wie in kear op Eastemarre merke. Dêr wie Imke de Jong ek. Tseard stuts Imke de gek oan. Mar doe hied er de forkearde foar. Imke liet him stean, heite en hy sei: "Nou kinst dyn gong mar gean." Mar Tseard dy koe net in poat forsette. Sa hat er dêr in hiel set stien. Op 't lêst hat Imke him wer forlost.
nl.verhalenbank.19471
Skoanmem fortelde hja wie op in joun oer 't Heechsân to Eastemar roun. Tusken de herfoarme tsjerke en de pleats fan Mame Ozinga hat in buorkerij stien mei de hekke by de wei. Dy pleats stie in eintsje achterút. Op dy hekke sieten de Harms-Antsje-froulju alle trije mei wite mûtsen op. Doe wienen se al lang dea. Dy froulju spoeken dêr.
nl.verhalenbank.32155
Guon kommen us let yn 'e nacht fan in pretsje. Se mâltjirgen net allinne, mar der woarden slimme flokwurden brûkt. Se kommen yn 'e buert fan Eastemar tusken hege diken. By in hekke woarde ien fan dy feinten dy't it sa mâl opsein hienen, samar by de oaren weinom, dat se stienen forstomd. Ien wie hwat dryster as de oaren, dy kom tichter by de hekke. "Der...
nl.verhalenbank.16778
Hoe't de nammen Eastemar, Sumar en Akkrum ûntstien binne: Der wienen in pear manlju út 'e Rottefalle, dy soenen in feart grave. Doe kommen se op in plak, dêr woenen se úteinsette. "Earst hjir mar bigjinne", sei der ien. Der wienen guon dy hearden dat en doe joegen se dat plak de namme Eastemar. Doe't se in ein fierder wienen kommen se op in plak, dêr sei...
nl.verhalenbank.32957
De moedige dienstmeid van Oostermeer. Het dorp Oostermeer in Tietjerksteradeel heeft evenals honderden andere dorpen een kerk en toren. Maar deze staat niet midden in het dorp, iets wat anders volgens een friesch spreekwoord een noodzakelijk vereischte is. Te Oostermeer staan kerk en toren op eenigen afstand buiten het dorp, geheel alleen tusschen het...
nl.verhalenbank.57762
Een slimme boerendochter. Een boerendochter in de Wouden zoude eens naar de stad gaan voor boodschappen, De weg was lang, misschien wel twee uren gaans, maar dit was voor haar geen bezwaar, want zij was jong en sterk en moedig. De weg was ook eenzaam en dit was in vroeger tijd - want het is reeds heel lang geleden - dikwijls niet zonder gevaar. Toen het...
nl.verhalenbank.54486
Der wie in dief, dy hie stellen. In hiele bult minsken der achteroan. Sy kommen troch in doarp, dat noch gjin namme hie. "Hokker matte wy pakke?" rôpen dy minsken. "De earste mar!" woarde der weromroppen. Doe krige dat doarp de namme Eastemar. Doe kommen se yn in oar plak, dat èk noch gjin namme hie. Dêr rôpen se: "Sy ha him samar!" Doe krige dat plak de...
nl.verhalenbank.33044
De Surhústerfeansters binne meslûkers. De Burumers binne bollen. De Bûtenposters binne brimzen. De Eastemarders binne broekophâlders.
nl.verhalenbank.23603