1,115 datasets found
Place of Narration: De Westereen
Jan Biesterfeld wie in greate bouboer yn Uthuzen. Dêr haw ik wol arbeide. Wy wienen yn 'e keppel. Wy sliepten by him yn 'e skuorre en yn dy skuorre dêr spûke it. As men op in seker plak by de doar lizzen gong, dan woarde men dêr weismiten. Ik ha 't sels bileefd.
nl.verhalenbank.21473
In soad lju hjir yn 'e Westerein ha fan tofoaren de trein riden sjoen mei ljochtsjes en al. Auke van der Sluis fortelde my, dat er de trein tiden tofoaren yn 'e nacht faek fluitsjen hearde.
nl.verhalenbank.21467
To Hurdegaryp wie in hekke, as dy fêst set woarde jouns stie er moarns altyd wer iepen. Dienen se der kettings oan, dat joech neat. 't Wie by Bennema-state.
nl.verhalenbank.38491
It is nou sahwat in tachtich jier lyn. Heit en mem wienen noch mar in pear maenden troud. Heit wie stuolwynder en fortsjinne dêr de kost mei. Mem gong mei him op 'e swalk. Se slepten nachts yn in lange siewein mei hege sketten oan 'e kant, dy't se dan meastal by in boer yn 'e skuorre stean hienen. Se hienen dêr hwat strie en hwat kledeguod yn. Sa wienen...
nl.verhalenbank.17472
De biwuste hekke to Hurdegaryp gyng (giet) altyd fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.19339
Doe't ik noch thús yn 'e hûs wie is der by ús in famke stoarn. Dat wie myn susterke. De dragers kommen by ús yn 'e hûs en seinen: "'t Kistje mat dêr stean." En sy wiisden in plak oan. "Né," sei heit, "it liket my better ta dat it dêr komt to stean." Doe wiisde er nei in hiel oar plak. Heit hie 't kistje dêr al dagen fan tofoaren stean sjoen. Hy wist dat...
nl.verhalenbank.36331
It spul dêr't nou Hindrik en Ael wenje, ha guon minsken fan tofoaren yn 'e brân sjoen. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.17499
Yn Hurdegaryp, op it hiem fan dokter Bontekoe, stie in hekke, dy koenen se nachts noait ticht hâlde. Dêr moest in pleachbeest lâns. In pleachbeest seach der út as in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.36325
Guon dy't mei de helm geboaren wienen moesten bigraffenissen sjen, dy't in dei of hwat letter pleats founen. Hja moesten dan faek yn 'e nacht fan bêd ôf om to sjen.
nl.verhalenbank.32143
Der wienen in feint en in faem, dy trouden. Mar doe't dy feint troud wie hâldde it wyfke him tige koart. De man krige noait gjin bûssinten. Jouns, as er op bêd gong socht syn wiif de skoun en de sokken en de bûsen nei as der soms ek noch in dûbeltsje yn siet. Dan wie 't binnen. Mar op in kear, doe fortsjinne hy in ryksdaelder, dêr't it wiif neat fan...
nl.verhalenbank.37675
Der wienen in feint en in faem. Dy feint woe altyd graech hwat mei syn faem úthelje, mar hja woe 't noait in kear tastean. Doe sei se in kear tsjin har mem: "Hy wol alle kearen graech neuke. Mar dat wol ik net salang wy noch net troud binne. Mar hwat mat ik dêr oan dwaen?" Doe sei har mem: "Dan mast in snoekekop tusken de skonken lizze. Lit him dêr de kul...
nl.verhalenbank.37674
As 't winter wie seagen wy soms froeger in wylde lantearne op 'e heide. Dan seinenn wy: "Sjoch, dêr is in lampe." "Dêr komt skielk in hûs", sei mem dan. En dat kom ek nei.
nl.verhalenbank.24575
Wylde lantearnen seagen se hjir froeger hiel faek. Dat wienen de lettere fytsen mei de ljochten op en de auto's.
nl.verhalenbank.38409
Myn broer fortelde: Twa bruorren, Atse en Wander Veltman, allebeide timmerlju to Eastemar kamen ris op in joune thús, doe sei de iene tsjin 'e oare: "Sjoch, de herberch stiet yn 'e brân." Hy seach de minsken drok yn 't spier om der allegearre guod noch út to heljen. Mar 't wie sa net. Hja rounen der hinne, mar dêr wie hielendal gjin brân. Letter is dy...
nl.verhalenbank.31987
Op in joun stie der in ploechje jongfolk út 'e Westerein by inoar. Greate Hindrik wie der ek by. Doe woardde der ynienen samar ien by harren weinom, sûnder dat se seagen hwa't it die. Sy ha dy fint noait wer sjoen.
nl.verhalenbank.16780