3,848 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: De Westereen
Yn 7 jier moest in tsjoenster ien deatsjoene, oars gong se sels dea.
nl.verhalenbank.36825
As in houn spûkgûlde bitsjutte dat dat der hiel yn 't koart ien deagean soe dy't tichteby wenne. Dêr wienen de minsken froeger o sa bang foar.
nl.verhalenbank.36816
As eksters skatterje by 't hûs komt der in deaden.
nl.verhalenbank.36584
Minsken dy't net stjerre kinne, ha ornaris hwat oan, dat op snein makke woarn is.
nl.verhalenbank.34630
Op snein mat men noait hwat naeije, hwant krijt men op jins stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin men net ta stjerren komme.
nl.verhalenbank.38488
In tsjoenster mat ienkear op syn minst ien om 'e sawn jier deatsjoene, oars giet hja der sels oan.
nl.verhalenbank.36847
Myn beppe wie deamin, hja lei op stjerren. Mar sy koe net stjerre. Doe sei muoike: "Hat se ek hwat oan dat op snein naeid is?"
nl.verhalenbank.36835
± 30 jier lyn is hjir ien by de brêge fordronken. Kees hiet er. Syn suster Teatske sei: ik bin net lichtgelovich, mar myn mem hat hjir ris in kear hwat forteld, doe sei se tsjin my: "Hjir sil neiby yn 'e Westerein ien fordrinke." Dy drinkeling is har eigen soan woarn.
nl.verhalenbank.36563
Us beppe wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd krekt as der ien deagean soe. Dan seach se de bigraffenis al fan tofoaren. Dy't mei de helm geboaren binne matte der nachts út.
nl.verhalenbank.36818
As minsken op har stjerbêd hwat oan ha dat op snein naeid is, dan lûke se dat út. Oars kin sa'n ien net stjerre.
nl.verhalenbank.36585
Minsken dy't net stjerre kinne ha faek hwat oan, dêr't op snein oan naeid is.
nl.verhalenbank.38536
Myn swager Willem Postma seach geregeld lykstaesjes. Dy moest der om út bêd wei. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. De oare deis sei er dan: Der gebeurt wer hwat; ik ha fannacht wer in lykstaesje sjoen. Mar hy sei noait hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.33676
Ritske Bottinga wie frijmitseler. Dy moest alle jierren hwat nijs bouwe. Hy moest altyd mar timmerje oan 't hûs. Die er it net, dan moest hy der sels oan.
nl.verhalenbank.25432
Tsjoensters matte alle sawn jier op syn minst ien deatsjoene. Dogge se dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.25433
Myn suster wenne dat in eintsje út. Hja hie in âlde buorfrou, dy hie in geit. Dy geit, dat wie suver har breawinning. Dêr hie se de molke fan en dan makke se ek noch bûter en tsiis. Op in kear kom se by myn suster en sei: "O o, 't is net bêst, it binne allegear dragers by my yn 'e hûs (dragers = aasvliegen). As de geit mar net dea giet!" (Hja tocht dat dy...
nl.verhalenbank.33864
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Dy hie in wikseldaelder. Se seinen wol dat er frijmitselder wie. De frijmitselders binne forkocht oan 'e duvel. Om 'e sawn jier mat der ien fan har stjerre. Dy't ienkear by de frijmitselders is, mat der by bliuwe. De duvel lit noait wer los hwat er yn 'e kloeren hat.
nl.verhalenbank.33681
As lju op it stjerbêd klean oan ha, dy't stellen binne, dan kinne se net stjerre. Dy klean matte earst útdien wurde. Ek as se klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne kinne se net stjerre.
nl.verhalenbank.21478
Minsken dy't net stjerre kinne ha hwat oan, dêr't op in snein oan naeid is.
nl.verhalenbank.29795
Wy ha in berntsje forlern. Yn 'e nacht moest ik Antsje der útklopje. In wike foartiid hie Antsje al sein: "Hja hâlde dat jonkje net. Ik ha 't klopjen al heard."
nl.verhalenbank.21082
In hekse mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.29810