2,995 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Burgum
Gâns minsken fan Sumarreheide ha fan to foaren de ljochtsjes fan 'e tram sjoen, foardat dy noch ried.
nl.verhalenbank.17123
Sudema's jonges har heit, âlde Knjillis Sudema hat sjoen dat it hûs fan Douwe Veenstra yn'e brân stie. Hy sei altyd: "Dat brânt nochris in kear op." Mar it is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.17122
As jy in kikkert deameitsje, dan komt der swier waer.
nl.verhalenbank.31020
Men mat noait op in pod traepje, oars komt der tonger.
nl.verhalenbank.31320
Us mem sei, as der in pod yn 'e hûs kaem, dan soe de húshâlding, dy't dêr wenne, forsmoargje. (dat hie hja heard yn 'e Harkema)
nl.verhalenbank.31019
It barnende lân is fan it Sumarre tramstasjon oant Sumarreheide. Jouns 10 ûre ried dêr in ding lâns mei twa gleone eagen. Dat wie de foarboade fan de lettere tram. In soad lju ha him fantofoaren sjoen. Hy ried by de beamwâl lâns.
nl.verhalenbank.31316
Us mem kom fan Hurdegaryp. Mem fortelde, sy hienen dêr dúdlik it puffen fan 'e trein al heard, fier fantofoaren foardat hy der wie. Krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.27552
De foarboaden fan 'e tram neamden se yn 'e Sumarreheide ek wol wylde lantearnen. Dy gongen by de wâl lâns.
nl.verhalenbank.31318
Mem sei froeger: Traepje noait op in pod, hwant dan krije wy swier waer.
nl.verhalenbank.31237
Ik ha wolris heard dat der op guon plakken, samar yn 'e iepen loft wijde musyk heard waerd. Dan waerd der letter op sa'n plak in tsjerke boud.
nl.verhalenbank.29655
By de Wartenster dyk ried in glêzene wein lâns. Dy waerd samar ynienen mei hynder en al oan kant set. Letter mei it bouwen fan 'e nije Foanejachtsbrêge is de wei dêr forlein. 't Forkear gong doe de nije wei lâns.
nl.verhalenbank.31580
Skoppenboer bringt immen yn great gefaer of hy bringt de dea.
nl.verhalenbank.31025
Alde Fije turfskipper wenne op Uleflecht ûnder Sumar. Dy seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten, sei er.
nl.verhalenbank.23613
Doe't de tram der noch net wie kaem Hedzer-om op in joun om in ûre of tsien fan Wergea werom op 'e Sumarreheide. "Hark," sei er, "hwat is dat?" It wie in gerattel en gebolder fan jewelste. En dêr wie neat to sjen. "Dat ha wy wol honderten kearen heard," sei heit, "altyd om tsien ûre hinne." Letter ried de 10-ûre tram dêr oer de heide.
nl.verhalenbank.31572
Tusken Earnewâld en Garyp wienen wy yn 'e âlde feanen oan 't wurk. Gjert van der Iest hie dêr in protte âlde feanen kocht. Hy woe dêr wol hinne to wenjen, mar elkenien sei, hy krige dêr noait in hûs, hwant hy hie gjin jild. Mar op in joun seach heit it fjild oer dy kant út nei Earnewâld en doe sei heit: "Gjin hûs? Sjoch, dêr stiet in hûs: in stjelp." En...
nl.verhalenbank.31315
Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
Yn Jistrum is ris in hûs ôfbrând, dat hienen guon fan tofoaren al brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.27555
Ik wyt ek noch dat er us sei: Hedzers Baeije Hedzer is nou noch soun, mar dat duorret net lang mear. Ik ha sjoen dat er to hôf brocht wurdt. It is neikom. It duorre mar in pear wiken doe woarde er siik en doe is er stoarn.
nl.verhalenbank.27550
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne. Men rint dan de kâns dat men troch in lykstaesje oan kant reage wurdt.
nl.verhalenbank.31325
Doe't ik noch faem wie moest ik faek oppasse by in minske dat swier siik wie. Der siet ek in kear in frou by. Dy frou sei tsjin my: "Hearst it wol, der tikket hyltyd in horloazje. Nou duorret it net lang mear." En dochs wie der gjin horloazje. Men neamt dat in wyld horloazje. Deselde nachts noch is it sike minske stoarn.
nl.verhalenbank.27553