3,671 datasets found
Dutch Keywords: sterven Place of Narration: Boelenslaan
Boardzer Bruining, hjir fan'e Loane, kin faek fan tofoaren sizze dat der in sterfgefal komt.
nl.verhalenbank.28128
Frou Pander seach altyd fan tofoaren as der guon dea gean soenen.
nl.verhalenbank.17030
Durkje boun har dochter jouns oan 'e stile fêst. Op in kear hat se it bern in dik wân op 'e hûd jown. Dat kom sa bot oan. dat doe hat it bern noch in fjirtsjin dagen leefd, doe is se stoarn.
nl.verhalenbank.38700
Piter Scheper nom de minsken de koarts ôf. Dat wie gjin smoesje. Hy brocht de koarts op in beam oer. Dy beam gong dan letter dea.
nl.verhalenbank.27581
Ien dy't in himd oan hat, dat op snein naeid is, dy kin net stjerre, as er op stjerren leit. Dêr mat earst in knip yn.
nl.verhalenbank.17733
Wy ha in bernsberntsje forlern. Op it plak dêr't syn bernewein gewoanlik stie, hat in houn fan to foaren stien to spûkgûlen. 't Wie ien fan in soan fan my.
nl.verhalenbank.17726
As de spegel falt en dêr komme diggels, dan komt der in sterfgefal yn 'e hûs of der gebeurt oars hwat slims.
nl.verhalenbank.17725
It gebeurt wol, dat ien net stjerre kin. Dan hat er hwat oan dat se op snein makke ha. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, earder kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.37848
Bloedplakken dy't troch moart foroarsake waerden komme altyd wer tofoarskyn, as men se útwiske hat.
nl.verhalenbank.25487
Ien dy't op syn stjerbêd hwat oan hat, dat op snein naeid is, kin net stjerre, sizze se. Dan mat der in knip yn dien wurde.
nl.verhalenbank.21418
As in houn spûkgûlt komt der ien to forstjerren. Lammert wie in jonge fan Wolter Veenstra. Dy is forstoarn. Fóár syn dea hat de houn wol trije nachten spûkgûld. Doe't Lammert stoar wie't spûkgûlen oer. Yn Oerisel yn Oudleusen dêr hearde in frou de houn fan 'e buorlju spûkgûlen. Se hie der alhiel gjin erch yn dat dat ergens op doelde. Mar de oare deis...
nl.verhalenbank.17579
Frijmitselers binne kûgelfrij. Dy binne oan 'e duvel forkocht en ha noait forlet fan jild. Mar sy stjerre in rare dea.
nl.verhalenbank.36207
Frijmitselders binne kûgelfrij. Sy binne mei de duvel anneks. Om 'e sawn jier mat der in frijmitselder stjerre.
nl.verhalenbank.21551
Ien dy't tige siik wie en op stjerren lei koe soms net stjerre. Dan moesten se hinnegean en knip even yn ider kledingstikje, dan koe dyselde rêstich fuortgean.
nl.verhalenbank.25301
Thomas en Clare wennen op 'e Houtigehage. Sy hienen in jonge, dy hiet fan Folkert. Dy jonge wie sa'n fjirtsjin jier âld. Op in joun seagen se dat der in kiste ta 't hûs yndroegen woarde. Doe soenen se yn 'e kiste sjen, mar doe hie dy kiste ek wer fuort west. Koarte tiid dêrnei stoar Folkert. It hie foartjirmerije west.
nl.verhalenbank.27265
As men fan fisken droomt, komt der in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.19601
As ien net stjerre koe dienen se in knip yn 't himd, of se skuorden it in eintsje op.
nl.verhalenbank.32242
Yn Grins hienen jy in swarte spegel. As jo dêr yn seagen en jo wienen noch net troud, dan seagen jo dêryn dejinge, mei hwa't jo trouwe soenen. As jo net trouwe soenen, dan krigen jo in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.27277
Wy mochten froeger de neils net ôfknippe op snein. Mem sei, as wy dat dienen, dan moesten wy yn 't hjirneimels al dy stikjes neil wer opsykje.
nl.verhalenbank.28527
Spûkgûlen fan in houn tsjut ek op in sterfgefal.
nl.verhalenbank.32232