3,524 datasets found
Dutch Keywords: heks Place of Narration: Boelenslaan
Yn Houtigehage wenne in tsjoenster. Ritske Bekkema sei us tsjin har: "Nou krijst de kûgel!" Mar hy hat har net rekke.
nl.verhalenbank.38702
Twa bruorren Germ en Frâns wennen by elkoar. Frâns forstoar en Germ bleau allinne oer. Doe kom der hyltyd in kat by Germ en dy waerd al mar dryster en dryster. Germ wie der wis fan dat it in tsjoenster wie. Doe hat er de heafoarke krigen en it dier de egen útstutsen.
nl.verhalenbank.17333
Op 'e Houtigehage wenne in frommes, dy koe tsjoene. Sy bitsjoende har eigen buorwiif, dat wie al in hiel âld minske. Dy tsjoenster hiet Jeltsje Kooistra. It âld minske hie krânsen yn 'e kessens en sy ha Frânse Hinke, de duvelbanster fan Rottefalle der noch mei yn bihelle.
nl.verhalenbank.17355
Rikele Myt wie in biruchte tsjoenster, nei't se seinen. Hja wenne op 'e Skieding. Dy foroare har faek yn in kat.
nl.verhalenbank.27269
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.27271
Kriget ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod, as hy him lizze lit.
nl.verhalenbank.28521
In tsjoenster is meastentiids in âlde frou, dy't har, nei't se sizze, yn in kat foroarje kin.
nl.verhalenbank.37839
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Dêrom hienen in protte minsken yn 'e Harkema oan 'e binnenkant in lipke foar 't kaeisgat. Dan koenen se der net troch.
nl.verhalenbank.21546
Hjir skeanoer wenne myn broer Jehannnes. As dy sneins nei tsjerke west hie en hy kom werom, dan wienen altyd de kij los op 'e stâl. En sa wie 't ek mei de keallen bûtendoar, dy sieten net mear oan 't tou. Earst gong it der soms bot oan wei, dan wie 't ien en al leven op stâl. 't Gebeurde ek faek dat de bargen út it hok wei wienen. Dan fleagen dy bargen as...
nl.verhalenbank.24373
Janne Durkje wenne oan 'e Spekloane. It wie in tsjoenster. 't Wie doe noch in sânpaed. Heit kom dêr freed-to-nachts altyd mei de hounekarre lâns, as er nei Ljouwert ta west hie. As de hounen oan 'e dammen ta wienen dy't nei 't hûs ta gongen woenen se net mear lûke, dan hienen se 't binaud. Dan moest heit de karre mei lûke. Wienen se 't hûs foarby, dan...
nl.verhalenbank.38697
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Sy wennen hjir oan 'e Spekloane. Minse Griper hie in forboun mei de duvel, waerd der sein en Tryn koe tsjoene. Se kamen ek wol by har om de kaert lizze to litten.
nl.verhalenbank.17329
Sy ha Wyts-muoi al ris yn 'e Houtigehage sweven sjoen op in biezemstâlle. Dêr fleach se mei oer de wyk.
nl.verhalenbank.24442
Op 'e Feansterheide wenne âlde Rikele Myt. Dat wie in tsjoenster. Dêr doarst net ien lâns to kommen. 't Wie in sutrich âld minske, dy't fearren yn 'e kessens tsjoende. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompels om har, en net ien dy't hwat fan har oannimme doarst. As men duveldrek yn 'e bûse hie, soe der noait in lulke houn op jin ta komme.
nl.verhalenbank.36202
De minsken wienen froeger bang foar in pod. Hwant dat wie in tsjoenster, mienden se. Dy koe har yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.21553
Dy't hwat fan in tsjoenster krijt, mat it net opite, hwant it foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.25510
Hjir wennen froeger tsjoensters. Sy bitsjoenden altyd bern. Dan hienen se in panne mei wetter oer mei nuddels der yn. Hoe mear dat sea, hoe mear de bern raesden. De minsken hienen de slotsgatten fol brea om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.17164
Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. Deselden dy't dêr mei de holle op leinen, woarden siik.
nl.verhalenbank.36209
De minsken hienen hjir meastal duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie fanwege de tsjoenderij, dan koe de tsjoenster der net oerkomme. Se hongen ek wol flearloaten foar de drompels.
nl.verhalenbank.21897
Ik hie in muoike, dat wie Jehannes Wyts. It wie in âld tsjoenster. Sy wenne op 'e Houtigehage. Ik hie in dochterke, dat wie ús Iebel, dy gong sneins nei de sondagsskoalle en dan joech Wytsmuoi har wol us in muntsje. Op in kear doe stjûrde myn wiif Iebel nei Japik Bron om petroalje. 't Wie al op 'e joun. Doe kom ús Iebel alhiel fan 'e wize thús. Alde...
nl.verhalenbank.24441
Jierren lyn hat hjir achter ús in húske stien, dêr wenne in âld minske yn: Sjirke Sjerk mei har soan Earnst. Op in joun kommen se ús togearre foarby. Doe sei 't âld minske: "Alle jounen as wy hjir lâns geane, is der in dikke wite kat by jimmes. Sjogge jim dy noait?" "Né", sei 'k. "Ja," sei Earnst, "dy is hjir alle jounen." Hwat gebeurde? Ik rekke ridlik...
nl.verhalenbank.24440