415 datasets found
Place of Narration: Akkrum Eastermar
Wjerwolven Us mem hie it altyd oer de wjerwolf. Dat wie net in maklik hearskip; dy't it der mei te stellen krige gong der oan. Wannear't wy as bern ûndogens wienen, waarden wy der gauris bang mei makke. Ien ferhaal is my bybleaun. Der wie hjir ris in mier, dy gong mei in maat te meanen nei de Gariper Mieden. Se hienen al in moai stik hinnemeand en it...
nl.verhalenbank.12468
Spoekjende dieren En dan de fjildspoeken, blikstiend er ja, dy w ienen der wol, hear ! Doe't wy bern wienen rûn der op 'e wei fan Skûlenboarch nei Sân Hûskes, op nei Heechsân (Eastermar) in hûn mei in brijpot om 'e kop. Dêr wienen wy goed bang foar. Myn broer en ik moasten ris op in jûn foar ús heit in brief nei de bus bringe. Wy wienen krekt by Teie...
nl.verhalenbank.12454
Manke Meine en Kromme Knilles Kunstwerk dat Manke Meine en Kromme Knilles voorstelt (verwijzende naar de legende over Manke Meine en Kromme Knilles).
nl.verhalenbank.15565
Hoe't de nammen Eastemar, Sumar en Akkrum ûntstien binne: Der wienen in pear manlju út 'e Rottefalle, dy soenen in feart grave. Doe kommen se op in plak, dêr woenen se úteinsette. "Earst hjir mar bigjinne", sei der ien. Der wienen guon dy hearden dat en doe joegen se dat plak de namme Eastemar. Doe't se in ein fierder wienen kommen se op in plak, dêr sei...
nl.verhalenbank.32957
I. De duivel 4. Wordt van hem verteld, dat hij, evenals de nachtmerrie de mensen berijdt of dat hij bepaalde mensen (b.v. de vloekers) achtervolgt? Hij achtervolgt ijdele mensen vooral kinderen die vaak in de spiegel zien.
nl.verhalenbank.127030
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
nl.verhalenbank.127028
I. De duivel 3. Kan hij ook wel de gestalte van een dier aannemen? Zo ja, van welk (bok, kater, hond, spin, vlieg enz.)? Ja, een bok of liever een mensgestalte met bokkehorens en -poten. Soms een paardenpoot.
nl.verhalenbank.127029
Ien kear ha 'k yn 'e nacht in lykstaesje sjoen. Ik wie doe noch in jonge. Ik ha der lange tiid raer fan west. Mar it is by myn witen noait neikom.
nl.verhalenbank.12275
By de Heale Wei rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21867
Ik wyt noch dat wy froeger arbeiders hienen, dy lieten noait de flaeikloppe op 'e tersk lizze. Hwant, seinen se, dan giet it fannacht op in terskjen. De kloppe hongen se foar de nacht altyd op. Mar it lêch lieten se wòl lizze.
nl.verhalenbank.12507
Alde Ealse Sijke fan Eastemar fortelde, der wienen wol berntsjes fan kant makke woarn, dy't de âlden net bigearden. Mar dan kommen dy berntsjes werom en spoeken algeduerigen. Hwant dy berntsjes koenen de rêst net krije omdat se gjin léguod meikrigen hienen. Der moesten dan twa minsken freegje, hwat se bigearden. Dat wienen de oansprekkers. Ien...
nl.verhalenbank.21873
Doomny van Velzen fan Droegeham hie in protte fijânnen trochdat hy de wiere leare forkondige. Der ha guon west, dy woenen him deameitsje. Mar hy woarde troch Us leaven Hear biskerme. Dat gebeurde sa: Op in kear ried er yn in glêzen wein. Doe soed er nei in oar plak ta to preekjen. Underweis skuort ien de doar fan 'e wein iepen en hy wol doomny in stek mei...
nl.verhalenbank.33734
Hearke hie in bytsje buorkerije en hy hie ek in âld hynderke. As er dan in wein fol dong laden hie en 't hynder koe de wein net út it skerngat weikrije, dan luts er de wein der sels út.
nl.verhalenbank.37618
Trape men op in pod of slak dan kom der tonger, seinen se.
nl.verhalenbank.37624
Piter Ielkes Zandstra fortelde: It wie sahwat yn 1867, ik ûngetide doe to Easterlittens. Wy hienen in wike meand, doe gong it op in swyljen. Dêr woarden forhaeltsjes by forteld. Ien fan 'e mieren fortelde: Der wie us in feint by in boer, dy moest elke dei to melken mei it boatsje. Mar it nuvere wie dat dat boatsje elke dei hwat op in oar plak lei as dêr't...
nl.verhalenbank.21735
Op in kear wie Hearke op it lân oan 't ploeijen. Doe kaem der ien by him, dy frege: "Wite jo hwer't sterke Hearke wennet?" "Jawol," sei Hearke, "sjoch, dêr wennet er." Doe stiek er de ploech foarút en wiisde nei 't hûs. "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37619
As minsken (arbeiders) tofolle praetten by it wurk, krigen se it folgjende teltsje to hearren fan 'e boer: Der wienen twa arbeiders, dy groeven in feart. Sy bigongen elk op in ein. Doe wienen se op it lêst byinoar. Doe bigong de iene to praten. Doe hâldde de oare op mei graven en sei: "Ik wol net mear mei dy arbeidzje, want dû bist in prater."
nl.verhalenbank.20601
Der stienen trije man by in bakker foar de etalage to sjen. Dêr lei in prachtige taert foar. Hja praetten ûnder elkoar ôf, hwa't de dikste rachel spuije soe, dy soe de taert ha. De beide oaren soenen him dan bitelje. De earste spuide in dikke rachel. De twadde spuide in rachel, dy wie nòch dikker. Mar de trêdde gong hinne, dy slobbere dy beide rachels op...
nl.verhalenbank.33735
Alde Geart Bakker (stoarn ± 1955) fortelde dat der oan it paed nei Jan Nicolai op it Wytfean yn 'e nacht in wyfke siet to spinnen oan in gouden spinnewiele.
nl.verhalenbank.12506
By 't spul fan Albert Bakker spoeke in swarte dame om. Hja hie forkearing hawn mei ien, dêr't har heit op tsjin wie. Hja wie weikwynd en sûnt spoeke hja dêr.
nl.verhalenbank.21866