Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
Der binne minsken, dy stjûre Skoppenboer fuort en dan krije se in flesfol jenever werom. It gebeurt meastal yn kroegen.
nl.verhalenbank.29546
Guon út 'e Harkema hawwe ris in postloper formoardzje wold. Dat wie yn 'e buert fan 't Feanster tsjerkhôf. Sy stutsen him, mar it mes skampere foar in diel op 'e learen brievetas ôf. Dat sy rekken him mar in bytsje. Mar dêr foel àl bloed fan him op 'e wei. Dat bloed woe letter noait wer út 'e stiennen wei. Omdat it moardnersbloed wie.
Dyselde deis ha se...
nl.verhalenbank.28880
Tusken de grouwe beam en de hoeke fan 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeke altyd in dikke houn, sa great as in keal.
nl.verhalenbank.19485
Yn 'e Westerein wenne in man, dat wie in broer fan myn earste man en in hiel raren. Hy flokte en ketterminte altyd dat it hwat die. Op in kear kaem er mei in keppeltsje jongfolk út 'e kroech. Hy hie 't wer raer opsein, de duvel wie der ek by to pas kaem.
Wylst er mei dat keppeltsje ûnderweis wie, seach er hwat - hwatte dat is men noait gewaer woarn. De...
nl.verhalenbank.36466
Doe't de fûgels allegear in namme en fear krigen hienen, hienen se allegear noch in bigear. De iene woe dìt noch ha en de oare dàt. Hwant sy woenen der graech allegearre tige moai útsjen.
Allinne de nachtegael oppenearre him net. Dy hâldde him stil. Dy wie wol tofreden mei syn ienfâldich pakje.
Mar omt er sa tofreden wie krige er 't allermoaiste geskink,...
nl.verhalenbank.20210
Mien voader zag meer; de spoorliene Assen-Stadsknoal beveurbeeld laank veurtied; hai het n riege lichies zain, dei mit n gloepske gang over t veld nei-den.
Hai wos ook te verteln, dat er lu van de weg smeetn wazzen. Zai binnen woor teegn aanloopn of ain het heur oppakt. Is zulfs n keer aine deur verdronken; hai kwam in t woater terechte.
Hoelnde honden...
nl.verhalenbank.46195
As wy froeger by 't wetter kommen waerden wy warskôge foar de wetterwyfkes. Dat wienen tsjoensters, dy't op 'e biezemstok yn 't wetter delkom wienen om 'e bern to pakken.
nl.verhalenbank.28894
It barde jierren lyn yn Zevenhuzen ûnder Burgumerheide. Dêr wennen Tsjitse en Kei (Boonstra). Op in kear soe Kei de aeijen ophelje, mar de hinnen seinen: "Wy lizze hjoed net."
Doe soe Tsjitse de kou melke, mar de kou kearde him om en sei: "Ik jow hjoed gjin molke."
Tichteby wenne in tsjoenster, dat wie Jantsje. Jantsje hie in winkeltsje. Dy krige de...
nl.verhalenbank.36472
Yn 'e Harkema is in poel, dêr is in fanke yn fordronken mei read hier. 't Wie ien fan Jouke Elzinga. De wyks fan to foaren hienen se in stem út dy poel heard, dy't rôp: "Help! Help!"
nl.verhalenbank.19491
As men hwat fan in tsjoenster oannimt, mat men it noait hielendal opite. Men mat der in hoekje fan oer 't linker skouder smite, dan komt der jin neat fan oer.
nl.verhalenbank.25368
Myn groatmoeke fan Holwert gyng eens feur haar kiend naar Wopke. 't Kiend had kransen in 't kussen.
Wopke sei tegen moeke Tryntsje: Hier heste goed, mar dû moest it an deze kant by dy houwen. En aan die kant moestû niet ien passeare laten, omdat dan dat fleske met goed der an gaat. Ik warskou dy Tryn, denk aan dyn naaste familie.
It waren haar mans vader...
nl.verhalenbank.32614
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje."
Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef.
Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
nl.verhalenbank.23719
Anders Potsje (= A. Reitsma) fan Jistrum koe de huzaren ta de hurddobbe út marsjeare litte.
nl.verhalenbank.34503
Rond 1850 kwam er dikwijls een wild varken door Asten. Er werd wel op geschoten maar niemand kon het raken.
nl.verhalenbank.43953
Wol men jin tsjin 'e tsjoensters hoedzje, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat is in ried fan âlde Joast Wiersma fan Jistrum. (dit lijkt mij niet waarschijnlijk, Joost Wiersma moest niets hebben van tovenarij. A.A.J.)
nl.verhalenbank.24710
Waren er bepaalde voortekenen die aangaven of het verwachte kind een jongen of meisje zou worden of een tweeling?
Als de buik uitpuilt is het een jongen.
Geloof men dat de stand van de sterren tijdens de geboorte invloed heeft op het karakter of het leven van het kind?
Sommige mensen wel
Kent men het verschijnsel 'met de helm geboren'?
Dan zit er vlies...
nl.verhalenbank.42495
As de tsjerne bitsjoend wie woe 't net bûterje.
Mem hie der altyd in hekel oan as der ien by de tsjerne kom, hwant it koe us kwea folk wêze.
nl.verhalenbank.21668
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se.
Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend.
In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314