3,227 datasets found
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Drachten
Mem fortelde: Sjoerd van der Heide fan Aldegea seach bigraffenissen fan tofoaren, foar dat se der echt wienen. Hy sei dan: "Wy krije earstdeis wer in sterfgefal yn 'e famylje, ik haw de bigraffenis al sjoen."
nl.verhalenbank.33330
Us heit hat wolris fan tofoaren lykstaesjes sjoen. Letter wie dêr dan de echte bigraffenis. 't Wie oan 'e Noarderdwarsfeart dêr't er dy lykstaesjes seach.
nl.verhalenbank.37119
Doekel seach ek spoken. Dy spoken kommen fan Earnewâld út wei, se farden yn in boatsje oer 't wetter. Hja en Marten Skeet stienen op in joun bûtendoar. Doe sei se: "Marten, mast ris even sjen." Mar hy seach neat. "Hwat is der dan?" frege er. "Se binne der wer", sei se. En doe wiisde se nei 't plak dêr't se de spoken seach. Doe krige Marten in brjit (in...
nl.verhalenbank.33627
Myn beppe hie in suster. Dy forfarde nei Amerika ta. Hja skreau beppe yn in brief, hja hie ûnderweis op sé in sémearmin sjoen. Hja is dêr yn Amerika omkaem.
nl.verhalenbank.33696
Ik wie hjir ris in kear by de skearbaes yn Drachten. Dêr wie Ruerd ek. Ruerd wennet yn 't earmhus en hy is mei de helm geboaren. De kapper wie mei my oan 't knippen. Ruerd mompele hwat yn himsels. Doe hearde ik dat er sei: "Ja, de oaljemoune is èk ôfbrând. Ik wist wol dat it gebeure soe. 'k Hie 't fan tofoaren al brânnen sjoen." De minsken skodden de...
nl.verhalenbank.33338
Doe't Hitler oan 'e macht kaem, wenne der yn Frankryk in minske, in sikere Madame, dy koe alles foarút sjen. Dêr stjûrde Hitler ien hinne om presys gewaer to wurden hoe't it forrin wêze soe fan syn polityk. It minske hat alles haarfijn forteld. It is krekt sa gong oant yn 'e lytste bysûnderheden ta. Trouwens in diplomaet Dimitrow hat him ek foarspeld...
nl.verhalenbank.33708
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane koe nachts alle lykstaesjes sjen. As der ien wie moest hy der nachts út. Hy wie mei de helm geboaren. As er mei ien oproan, sei er wol gauris: "Gean even oan kant." Dan seagen dy minsken neat, mar hy wòl.
nl.verhalenbank.26115
Froeger hearde men gauris: dêr brânt in wylde lantearne! De paden dêr't dy dingen sjoen woarden, woarden mijd; in soad minsken doarsten dêr net lâns: it doogde dêr net. It wienen faek plakken, dêr't ien in moard dien hie.
nl.verhalenbank.29384
Ynse Boomsma fan 'e Boelensloane wie mei de helm geboaren. Hy seach lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.23481
Wy wennen by de Skieding ûnder Drachtster Kompenije. Mem fortelde op in moarn. Nou haw ik justerjoun twa ljochtsjes oer de heide kommen sjoen, dy gongen fan Mearum nei Trimunt ta. Dat wie noch foardat de tram dêr lâns ried. Letter is dy dêr kaem. It wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.36950
Der binne wol mear minsken dy't op itselde plak by van Slooten dêr dat pleachbeest sjoen ha. Fan Blauhûs nei Boelensloane roan ek in pleachbeest. Dat roan mei in fûle feart dwars troch 't lân hinne. Dan wie der in stoarmwyn yn 'e beammen by 't Blauhûs. Hwant it pleachbeest fleach troch de beammen. Dan waeide 't hiel bot.
nl.verhalenbank.26045
In âld minske yn 'e Boelensloane hie us trije wite wiven sjoen, dy sweefden troch de loft. "Krekt as gong ik mei yn 't soch fan dy wite wiven", sei se. Dat fortelde se mem.
nl.verhalenbank.23496
In âlde séman, in Brabander, fortelde my: Wy ha 't hawn, op 'e oséaen, doe kom der hwat ta 't wetter út. Dat wie sa'n great ding, 't hie de kop wol healwei de mêst. De kaptein sei: "Dat is in séslange."
nl.verhalenbank.24932
Oan 'e Berchloane yn Drachten spoeke it. Alde Hindrik Stoarm gong der us op in joun lâns. Doe siet der in spoek op 'e bank oan 't jildtellen
nl.verhalenbank.18129
Greate Jelle (Bekkema, in 'broer'* fan har) fortelde, hy kom us in kear fan in feestje. Doe't er by âlde Wopke lâns kom, gong it der dêr wol sa bot oan wei, achter hûs. Doe't er thús kaem by mem en dy wie dêr krekt itselde lawaei op it hiem. En dòch wie der neat to sjen. Dat hat de duvel west mei syn maten. Jelle is een zoon van haar zuster, een...
nl.verhalenbank.25480
By 't Blauhûs spûke it altyd. Dêr waerd fan alles sjoen. Forskate minsken ha dêr in grouwe, swarte houn sjoen, dy roan dan mei de minsken mei. Dêr wienen se fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.37912
Ik wie in jonge, doe wenne ik yn Aldegea by Germ van der Ploeg. Dy hie buorkerij. Der wie doe noch gjin elektrysk, dat jouns wie alles dêr tsjuster. Yn 't bûthús hienen se in flearmûs-lantearne hingjen. 't Wie op in joun, alles wie birêdden. De arbeider wie al fuort. Ik wie noch mei Germ yn 't bûthús. Wy praetten noch even. Ik soe in bakje mei sân helje,...
nl.verhalenbank.33625
Yn Aldeboarn wenne in frou dy wie mei de helm geboaren. As der hwat to sjen wie moest sy der nachts altyd ôf. It hindere har bot en sy klage der faek oer. De lju seinen tsjin har: "Bliuw lizzen, minske." Mar hja sei: "Dat kin ik net." "Och", seinen se, en sy woenen it net leauwe. Doe sei se: "Jimme matte 't jim foarstelle as dat jim noadich pisje matte....
nl.verhalenbank.33157
Mem kaem fan de Wylgen. Hja hienen dêr hwat buorkerije by har folk. Soms gong it dêr jouns by har op 't spultsje allerdonderst oan wei. Dan gong beppe nei achteren ta, fortelde mem. Dan waerden de doarren iepen smiten. Mar as beppe seach, wie der net ien. Hja tochten dan dat de kij fan 'e stâl wienen, mar dat wie net it gefal. It spûke dêr.
nl.verhalenbank.29641
Auke Siebenga fan Nyegeaster Pein hie nei Aldegea nei de faem ta west. Hy wie op 'e weromreis en roan de Aldegeaster dyk del. Hy wie noch net oan 't brechje ta. Der stienen trije rigen swiere ikebeammen oan wearskanten fan 'e wei. Doe kom der in ljocht oan, de kant fan Nyegea út wei. Auke sprong oan kant, hwant hy tocht: dat kin wolris in auto wêze. Hy...
nl.verhalenbank.33624