Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.
nl.verhalenbank.21655
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?"
Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
Duvels
Grode verhoaln wurn dr van verteld. Zai zoln deur n sleudelgat kroepm kunnen. As ik zee dat ik et wol es zain wol, zeden ze bie ons in hoes dat ik dr nich mit spotn mog.
Ik heb wol es duvels dansn zain. Dat kun zo moar, in hoes of op boetn. Ie zagn dan n poar dansn, hail eevn en inains wazzen ze dan weer vot. Wat zol dat nou anders west weezn? Dat...
nl.verhalenbank.43159
Myn skoanmem seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten.
nl.verhalenbank.29418
Der kom us in keppeltsje froulju fan 't wjudderslân. Dêr wie ek in âld minske by, dy roan hwat foaroer. Sy gongen in reed del en doe woarde dat âld minske samar ynienen oan kant treaun, sûnder dat ien fan 'e oaren har oanrekke. Sy kom ta fallen.
De oaren seinen: "Hoe is 't nou?"
"Och ja," sei 't âldwyfke, "dêr wie in lykstaesje."
"Hea," seinen de...
nl.verhalenbank.21656
As heit it oer sokke dingen hie sei mem: "Dû mast dy dêr stil oer hâlde. Dêr meije wy net oer prate." Mem hie der in hekel oan.
As hy der yn 'e nacht op út west hie, sei mem: "Hè, hwerom hast der nou wer út west?" Mar hy koe net oars, hy moest it sjen.
nl.verhalenbank.27551
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) wie in dobbe yn 'e kampen foar Siger Hoekstra.
Pim fan Syberens Baeije seach altyd in âld-minske út dy dobbe kommen. Dy woarde ek sa wer wei.
nl.verhalenbank.22789
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Boardzer Bruining seach op in kear in lykstaesje midden yn 'e nacht fan 'e kapper (oan 'e Spekloane) ôf oan Hindrik de Haan ta (oan 'e Houtigehaechsterwei). In wike letter wie dêr in èchte bigraffenis.
nl.verhalenbank.28313
Beppe hat wol us forteld, yndertiid seagen se oan 'e Haasterwei (gemeente Mearum) allegearre ljochtsjes. 't Wienen wylde lantearnen. Ik ha letter faek oan har wurden tocht. Hwant nou stean dêr wol achtsjin, njoggentsjin buorkerijen.
nl.verhalenbank.19494
As der ien dea wie dienen se in swarte doek oer de spegel. Oars seagen se de kiste letter wèr yn 'e spegel.
nl.verhalenbank.33863
Greate Sytse Boonstra koe ek bûksprekke. Dy hie de kat yn 'e kachel, mar yn werklikheit siet hy der net yn. 't Wie in klompkachel. Skoanmem wie by him en dy wie yn 'e fêste forbeelding dat it beest der yn siet. Sy die it doarke fan 'e kachel iepen, mar der wie neat to sjen. Op it lêst hied er de kat yn 'e kleankast. Mar doe't se dêr yn seach wied er dêr...
nl.verhalenbank.19640
In omke fan myn mans kant wie skeper op Driemunt. Dêr wie 't doe yndertiid allegear noch heide.
Op in kear sei er tsjin my: "Ik ha justerjoun in wylde lantearne sjoen. Hy kom fan Mearum en gong de kant út nei Drachten."
Hy hat it letter noch faker sjoen. "Der komt hwat to rinnen fan Mearum op Drachten yn", sei er.
Ik sei: "Merakels allegear."
Mar letter...
nl.verhalenbank.27483
Roanes Pander is noch in bitreklik jonge man yn 'e Harkema. Hy is us in kear fan 'e wei ôfreage woarn. Doe hat er in lykstaesje sjoen, dêr't er alle minsken fan koe.
nl.verhalenbank.21391
By de Slotsingel fan Aldegea op 'e souder fan 't slot lei in hiele protte jild. Dat is letter by sekfollen op boereweinen fuortriden. As men dat jild sjen woe, moast men in skelling jaen. Dy smiet de hear dan by it oare jild en sa waerd de hoop almar greater.
nl.verhalenbank.11508
Op in sneintojoun kom ik mei myn kammeraetske hjir oer in brechje, dêr't se fan seinen dat dêr altyd wearwolven tahâldden. Dy jouns ha wy tige dúdlik kôgjen heard, mar wy ha neat sjoen.
nl.verhalenbank.30077
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Yn Twizelerheide, oan 't Wyldpaed, stie in hûs yn 'e brân. Us folk seach it barnen. Der allegear hinne, mar it stie net yn 'e brân. Ik wie doe in famke, 'k ha der ek noch hinne west to sjen. It is net opbarnd, mar de hiting is dat dat noch gebeure sil. Dat leauden ús heit en dy ek grif en ik sels èk.
nl.verhalenbank.33807
By ús woarde it hûs fortimmere. Wy hienen in greate húshâlding, der wienen 9 bern en mem forwachte it tsiende. Doe kom der in frou by ús op bisite. 't Wie âlde Auke Tryn. Dy biseach alles fan de fortimmerderije.
Doe't se thúskom, sei se tsjin har man: "Och och, 't wie dêr allegear folk yn 'e hûs/yn 't achterhûs en om 'e doar. Sil ik dy ris hwat sizze?
Het...
nl.verhalenbank.34562
Greate Jelle (Bekkema, in 'broer'* fan har) fortelde, hy kom us in kear fan in feestje. Doe't er by âlde Wopke lâns kom, gong it der dêr wol sa bot oan wei, achter hûs.
Doe't er thús kaem by mem en dy wie dêr krekt itselde lawaei op it hiem. En dòch wie der neat to sjen.
Dat hat de duvel west mei syn maten.
Jelle is een zoon van haar zuster, een...
nl.verhalenbank.25480