4,123 datasets found
Dutch Keywords: zien voorteken
Ien kear ha 'k yn 'e nacht in lykstaesje sjoen. Ik wie doe noch in jonge. Ik ha der lange tiid raer fan west. Mar it is by myn witen noait neikom.
nl.verhalenbank.12275
Oan 'e Ds. Visser-wei yn 'e Houtigehage wienen guon dy seagen dêr ris in hûs yn 'e brân stean. Mar doe't se der by kamen wie der gjin brân. Mar in dei of hwat letter brânde it wol degelik op.
nl.verhalenbank.37449
Omke Jelle gong us mei de jonges nei de Earnewarren, dêr't er yn 't wurk wie. "Matte jim us sjen," sei er, "hwat stiet dêr? Dêr stiet in plaets. Hoe kin dy dêr nou kom wêze?" Mar der stie net in plaets. Net earder as in jier letter, mar hy hie him dêr fan tofoaren al stean sjoen.
nl.verhalenbank.27196
Soms is er een staartster gezien. Ze gold als teken, dat er oorlog zou komen. Die was zó weer weg.
nl.verhalenbank.47614
As heit hwat oan mem fortelde, dan paste mem der op of it ek neikomme soe. Hwant hja twifele soms oan syn wurden. Mar it kom altyd út. Hwat hy fan tofoaren sjoen hie, dat gebeurde letter.
nl.verhalenbank.34547
De tram dy't fan Drachten nei Mearum rydt, is fan to foaren sjoen woarn troch in bulte minsken dy't oan 'e Skieding, op 'e Skâns en Sakebuorren wennen.
nl.verhalenbank.33662
It barnende lân is fan it Sumarre tramstasjon oant Sumarreheide. Jouns 10 ûre ried dêr in ding lâns mei twa gleone eagen. Dat wie de foarboade fan de lettere tram. In soad lju ha him fantofoaren sjoen. Hy ried by de beamwâl lâns.
nl.verhalenbank.31316
Der wie froeger in man by my yn 'e wurkploech, dat wie in skrandere keardel. Dy fortelde my, hy hie 't soms, dan wie der ien by him, dy seach er dúdlik en dêr praette er ek mei, mar yn werklikheit wie dyselde der net. Sa'n ien kom dan earst in skoft letter yn werklikheid.
nl.verhalenbank.28694
Yn 'e oarlochstiid is der in jonge forstoarn fan Atse fan der Heide fan Houtigehage. Skoanmem hie klear de lykwein fan tofoaren oankommen sjoen mei de hynders der foar. Hja wennen doe oan 't Spûkeloantsje ûnder Drachtster Kompenije.
nl.verhalenbank.29414
It spul dêr't nou Hindrik en Ael wenje, ha guon minsken fan tofoaren yn 'e brân sjoen. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.17499
Guon op 'e Tike seagen fan tofoaren lykstaesjes.
nl.verhalenbank.20884
Heit gong der jouns wol gauris út, dan seach er nei de stjerren. It gebeurde dan wol us, dat er allegear ljochten oan 'e loft gewaer woarde. Dat binne letter de ljochten (strjitlampen) oan 'e wei woarn.
nl.verhalenbank.23057
Hamse: Ik weet nich, of ik dat zao verteln kan, mer prebearn dan. Ja dat is west in 1914, doe was d'r ne landbouwcursus hier in Rossum en dee cursus doerde - meester Helt gaf dee - en dee cursus doerde tot half tien. Engelbertink: Gaf meester Plegt dee dan nich? H: Meester Plegt deer dat ok wa, één aomd deer meester Plegt dat en twee aomn meester...
nl.verhalenbank.128412
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
Yn Feanwâlden is us in hûs opbrând. Guon ha dat hûs fan tofoaren yn 'e brân sjoen.
nl.verhalenbank.24472
Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
Jierren foardat de tram kom seagen de minsken yn Grinzer Pein ljochten troch de lange Bosk gean. Sy wisten doe net hwat dat wie, mar doe't letter de tram kom, wisten se dat it foartjirmerij west hie.
nl.verhalenbank.27344
Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.
nl.verhalenbank.21655
Ik wie noch gjin 25 jier doe kom ik to wenjen op 'e Skieding tusken Oerterp en Grinzerpein. Doe wienen dêr minsken dy seagen dêr ljochtsjes, sa nou en dan. "Hjir komt hwat," seinen se, "dat kin net útbliuwe." En it bleau ek net út. De tram kom dêr lâns. 't Wie tjirmerij.
nl.verhalenbank.33535
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?" Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518