3,393 datasets found
Dutch Keywords: ziek toverij
Jan was ziek. Een buurvrouw vroeg: Bin ie ook bie die man èwest? Die het oe beteuverd.
nl.verhalenbank.43268
Us heit sei altyd: ik wol elkenien net by it fé ha. Der binne guon dy ha 't fé samar siik.
nl.verhalenbank.28522
Der binne lju dy kin men net by 't fé litte. Dan reitsje se siik.
nl.verhalenbank.23046
Yn Droegeham wenne in frommes, dat wie in tsjoenster. Sy hie de gewoante dat se hjir en dêr hinne gong en dan bitsjoende se de bern. Dêr't sy west hie, woarden de bern altyd siik.
nl.verhalenbank.25342
Yn 'e Harkema woarden se froeger wol warskôge foar guon, dy't se noait by 't fé litte moesten. Wie dyselde der west, dan woarden de beesten lam.
nl.verhalenbank.27801
Doe't heit noch net troud wie, woarde er siik. Dokter wist net hwat him skeelde. Doe toarnden se 't kessen iepen. Doe siet der in krâns yn. Dy wie hast klear. Dy krâns woarde opbrând en heit woarde wer better. Hy wie bitsjoend.
nl.verhalenbank.17108
Piter Scheper fan Houtigehage koe de minsken de koarts ôfnimme. Hy brocht dan de koarts op in beam oer.
nl.verhalenbank.36199
Piters Hindrikje hat de bern fan Wytse Hountsje en Hinke èk bitsjoend.
nl.verhalenbank.33038
Myn suster yn Twizelerheide hat ris op 'e pânse fan in tsjoenster trape. Dy tsjoenster wenne flakby. Hja hie de pânse by uzes op 'e strjitte dellein. Myn suster moest der even út. De oare deis lei de tsjoenster op bêd, doe fielde se har net to goed. Dat traepjen op 'e pânse hat har sear dien fansels.
nl.verhalenbank.33837
Se hadden hier froeger faek kransen in 'e kussens. Myn skoansuster Cor was noait goed. Doe hè se 't kussen openmaakt en doar saten kransen in.
nl.verhalenbank.26340
As in bern bitsjoend wie gongen se nei de duvelbanner. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne. Heit hat der mei myn suster hinne west. Dat wie doe noch in famke. Se krige in dikte oan 't wang. Wopke hat har wer better makke.
nl.verhalenbank.33571
It gebeurde ek wol dat se de duvelbander ophellen yn Jobbegea. Dan wie hy der sels by.
nl.verhalenbank.28269
Se kennen ook bomen siek maken. So'n boom begint dan te kwinen en gaat op 't laatst dood.
nl.verhalenbank.24283
Froeger wie hjir yn Sweagerbosk faek tsjoenderij. Hjir ha minsken wenne, dy krigen in lytse poppe. Dat bern bigong to sukkeljen. Doe gongen de âlden nei de duvelbander ta. Dat wie Jonge Jan fan it Wytfean. (Dêr gongen in protte minsken hinne) Doe ha se it bêd iepen makke. Dêr sieten twa krânsen yn, dy wienen hielendal klear. De trêdde in stik hinne. As se...
nl.verhalenbank.17102
As der ien bitsjoend wie, dan siet der in krâns yn 't kjessen dêr't dyselde mei de holle op lei. Dy krâns forbrânden se yn 'e dôfpot, dan kaem de tsjoenster foar de doar.
nl.verhalenbank.28101
Dy en dy moat net nei 't fé ta, hwant dan komt it net goed, seinen se froeger. Dêr bidoelden se guon mei, dy hienen de kweade hân. Sokken makken it fé siik.
nl.verhalenbank.29343
Der wienen minsken dy wienen net by 't fé fortroud. Dan woarde it fé siik.
nl.verhalenbank.24100
Piter Rauwerda syn frou Lys, hjir op 'e Bulten, hat in jier of hwat lyn bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen.
nl.verhalenbank.32954
Kei (myn man) en ik kamen froeger in bulte by âlde Gjetsje. Wy wennen yn har húske en wienen tige iens mei elkoar. Kei foaral. Kei krige altyd kofje en in stik koeke foar har. Dêr wie se tige mâl mei. Ik krige noait hwat. Doe waerd Kei siik. Hy bigong to sukkeljen. Doe sei myn mem tsjin my: "Dû mast Kei duveldrek yn 't festjebûske dwaen." Dat haw ik dien...
nl.verhalenbank.22010
Myn skoansuster Akke wie noch in famke. Se wenne yn 'e Westerein. Sy woarde siik. Net sa fier fan skoanâlden ôf wenne in âld wyfke. As dy nei in winkel ta woe gong se altyd by skoanmem en dy oer 't hiem. Dan joech se Akke altyd hwat, soms in koekje, ek wolris hwat oars. Doe't Akke dan siik woarde gong skoanmem nei de duvelbanner ta. Dat wie greate Wopke...
nl.verhalenbank.33081