3,497 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Boelenslaan
Ik haw ek in pake hawn dy't seldsume sterk wie. Hy wenne op 'e Houtigehage en 't kaem by harren o sa krap om. Op it Kattegat ûnder 'e Rottefalle hie pake in healsuster wenjen. Dy neamden se Manne-Auk omdat it minske keardelswurk die. Hja mjukse en kroade en al sa mear. Pake frege har: "Hast ek hwat jirpels foar my?" It mocht har wol aerdich barre, dat sy...
nl.verhalenbank.17351
In wjerwolf, dat is in minske, dy is heal man, heal frou
nl.verhalenbank.17667
Der wenne op it Fean in frommes, dat wie in frijmitselder. Hja droech in troffeltsje op it boarst en gong altyd nei in great gebou omfierrens, dêr't se achterstofoar ta'nyn gong. It minske hie noait forlet fan sinten. Frâns Dalstra b. 1875 to Boelensloane. hat dêr altyd wenne. Spekloane 1. wie arbeider yn los wurk heit b. yn B'loane mem b. yn B'loane.
nl.verhalenbank.17328
Yn 'e Harkema wenne in frou, dy foroare har yn in hountsje. Dat fleach dêr dan bûten om en dan kifte it sa'n hiele joun.
nl.verhalenbank.38701
In tsjoenster is meastentiids in âlde frou, dy't har, nei't se sizze, yn in kat foroarje kin.
nl.verhalenbank.37839
Pyt Hangop wie in frommes, dy wenne oan 'e Houtigehaechster wyk. Hja krige rimmetyk en doe binaeide se podden yn 'e rok.
nl.verhalenbank.21417
Antsje Snipel dat wie hjir froeger de kaertlizter.
nl.verhalenbank.21892
Sy ha Wyts-muoi al ris yn 'e Houtigehage sweven sjoen op in biezemstâlle. Dêr fleach se mei oer de wyk.
nl.verhalenbank.24442
In nachtmerje is net altyd in frommeske. Ik en myn broer Ielke wienen yn Dútslân oan 't wurk. Der wie yn datselde hûs, dêr't wy yn 'e kost wienen, nòch in kostgonger. Dat wie neffens myn broer in nachtmerje. Ik en Ielke slepten byelkoar yn 't selde bêd. As wy in skoftsje lein hienen, sei Ielke: "Dy forrekte keardel!" "Hwat nou, jonge?" sei 'k. "Ik kin...
nl.verhalenbank.24458
Myn heit syn suster hat de fyk hawn. Doe gongen se op in snein-to-moarn nei Jehannes Hinses op 't Wytfean. Letter wenne Wiger Postma dêr, en nou Geart v.d. Heide. 't Wie ek tagelyk in kroechje. Heit syn suster wie noch net troud. Hja hie hiel bot pine oan 'e hân. Jehannes Hinses sei: "Soa, dêr wiest dan, en dû woest hjir net hinne?" Sa wie it, hja hie der...
nl.verhalenbank.24703
In muoike fan my, dat wie in healsuster fan Hindrik-om. (Hindrik Ophuis). Sy lei in kear op bêd, doe siet de duvel by har op it bêdsbuordtsje. "Né, Satan," sei se, "dû kinst my net krije, hwant ik wurd net loslitten fan de Heare."
nl.verhalenbank.17597
Minse Griper stjûrde skoppenboer fuort om in flesse mei drank. Syn wiif Tryn Snipel koe kaertlizze. Wy ha wol nei har ta west. Blauwe Met lei de kaert ek. Dy hie altyd kaerten by har yn 'e bûse.
nl.verhalenbank.17592
Der gong yn 'e nacht altyd in frou mei in bolkoer yn 'e earm nei de Lytse Wei ta. Der woarde se dan wei. 't Wie in spoek. Timen van der Veen hat har ûnder mear sjoen.
nl.verhalenbank.21212
De minsken hienen froeger faek lêst fan nachtmerjes. In nachtmerje siet krúst op jins liif, mei 't gesicht flak by jin. De nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in man by in frou en yn 'e gedaente fan in frou by in man.
nl.verhalenbank.27266
It is ek gebeurd, dat in frommes, dat in bern forwachte, tige kjel woarde fan in fisk, dy 't omheechsprong. It bern krige letter allegear fiskskobben.
nl.verhalenbank.17405
Oan 'e Lytse Wei stie froeger in beam mei in krús der yn. Dêr wie in âld-minske formoarde woarn. Dat krús bleau dêr altyd yn sitten. Kapten se de beam om dan sprute dy wer út en 't krús kom der wer yn.
nl.verhalenbank.28283
Achter ús mem yn 'e Harkema wennet in minske, dat is de frou fan Piter Rauwerda. Dat minske hat bitsjoend west. Se hie krânsen yn 't kessen. It wie in frommes fan Bûtenpost, dy't har bitsjoend hat (de frou fan Frits Klunder)
nl.verhalenbank.23936
Wy hawwe yn 'e Strobosker Mieden wenne. Dêr wie in buorfrou, dy soe us in kear in ammerfol wetter út 'e sleat helje, doe seach se har eigen geest yn 'e sleat. Hja hat noait wer wetter út 'e sleat helje doarst.
nl.verhalenbank.23934
Janke moest der nachts altyd út as der in lykstaesje to sjen wie. Dan wie 't net to kearen. Sy woarde twongen.
nl.verhalenbank.28082
In frou dy't yn forwachting is mei net ûnder 'e leider trochrinne. Hja mei ek net ûnder 'e line troch. En hja mei de beide hannen ek net boppe de holle stekke, wòl ien hân.
nl.verhalenbank.26108