4,492 datasets found
Dutch Keywords: vrouw zien
Janke Mozes fan 'e Harkema - de dochter fan Klaes Mozes - seach in hiel soad foarút. Sy wist ek altyd krekt hwannear't der wer in bigraffenis komme soe.
nl.verhalenbank.27784
Hjir wenne in âlde widner. Al gauachtich nei't syn frou stoarn wie sei er: "Myn frou hat hjir hjoed ek wer west." Hja kaem nou en dan by him.
nl.verhalenbank.37346
Doekel seach ek spoken. Dy spoken kommen fan Earnewâld út wei, se farden yn in boatsje oer 't wetter. Hja en Marten Skeet stienen op in joun bûtendoar. Doe sei se: "Marten, mast ris even sjen." Mar hy seach neat. "Hwat is der dan?" frege er. "Se binne der wer", sei se. En doe wiisde se nei 't plak dêr't se de spoken seach. Doe krige Marten in brjit (in...
nl.verhalenbank.33627
Skoanmem hat ris in sémearmin sjoen. Dat wie by Dokkumernijesilen. Se hie prachtich-moai song.
nl.verhalenbank.25844
Myn beppe hie in suster. Dy forfarde nei Amerika ta. Hja skreau beppe yn in brief, hja hie ûnderweis op sé in sémearmin sjoen. Hja is dêr yn Amerika omkaem.
nl.verhalenbank.33696
Doe't ik noch in jonge wie wenne der in frou yn Surhústerfean, dy seach hwat oer de wyk hinne sweven. Hwat it wie, wist se net, mar 't wie spûkerij.
nl.verhalenbank.24195
Ik ha wolris mei in frou praet dy't in pleachbeest sjoen hie. 't Seach der út as in greate houn en 't hie hiele greate egen. Mar 't hie har neat dien.
nl.verhalenbank.11554
Yn Jobbegea haw ik in frou kend, dy gong nachts út bêd wei. Dan mòest se hwat sjen.
nl.verhalenbank.28267
Op 'e Scholtepaden ûnder Droegeham spoeke it ek. Dêr ha guon in frommes sjoen op 'e houtsjes.
nl.verhalenbank.20059
Yn 'e Petten wenne Jille Antsje (J. Hamstra syn wiif). Dat minske wie mei de helm geboaren, seinen se. Dy wist alles foarút. Hja wenne dêr hiel iensum, mar hja wist krekt hwa't der by har lâns komme soenen. Ik en myn wiif binne der is op in nacht om twa ûre lâns kom. Doe stie hja op 'e daem; krekt as wachte se ús op.
nl.verhalenbank.25907
Oan 'e Reidfjildsdyk spoeket in wite dame. Douwe jager (= Feddema) hat har wolris sjoen.
nl.verhalenbank.36614
De mem fan Thys Mulder to Nyegea wie mei de helm geboaren. Dike hiet se. It gebeurde dat se siik woarde. In jongfaem, in sekere Janke, kom by har to wenjen. Doe sei se tsjin Janke: "Fanke, hjir komt in lykstaesje." It wie har eigen lykstaesje, dy't se sjoen hie.
nl.verhalenbank.20862
Us mem wie ris mei har kammeraetskes nei Feanwâldster merke. Op 'e weromreis wie 't tsjuster. Ûnderweis roan der mem in ding foarby, dat hie in bern op 'e earm. It hie net op in minske like, sei mem. It hie twa donkere strepen oer de lea hawn, fan boppe nei ûnderen ta. It hie ek hwat roppen en it sweefde min of mear.
nl.verhalenbank.34550
Myn man Ringer kom wol mei syn handel yn klaeijng ensa by in âld minske, dat yn 'e Harkema wenne. Dat minske wie mei de helm geboaren. Soms stie se by de doar en dan seach se lykstaesjes. Ringer krige sa'n ôfskrik fan har forhalen, dat hy woarde suver bang foar har en hy kom der dêrom op 't lêst mar net mear.
nl.verhalenbank.20915
Op 'e Houtigehaechster wyk hie ús buorfrou Jantsje in hiel soad katten byelkoar sjoen, dy hienen dêr forgadering by in wâl.
nl.verhalenbank.25610
Kij wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wie allinne thús en doe soe 'k op in joun nei Kij syn mem ta. 't Wie donker, mar ik koe wol sjen. Ik hie in line achter hûs spand. De iene linepeal stie foar de reed oer. Doe't ik dêr oan ta wie stie dêr in minske, alhiel yn 't wyt. Ik bin werom gong yn 'e hûs. De oare moarns bin 'k nei Kij syn beppe ta gong. Dy sei, ik...
nl.verhalenbank.33514
Us mem wie faem by in boer yn Greategast. Hja siet ris ûnder in koe to melken. Doe wie der in hiel lyts mantsje by har kom. "Hwat dochstû hjir zo vroeg in de morgen?" hie se sein. Doe wie dat mantsje ek samar wer wei west, krekt as wie 't yn 'e groun sonken.
nl.verhalenbank.24256
Yn 'e oarlochstiid is der in jonge forstoarn fan Atse fan der Heide fan Houtigehage. Skoanmem hie klear de lykwein fan tofoaren oankommen sjoen mei de hynders der foar. Hja wennen doe oan 't Spûkeloantsje ûnder Drachtster Kompenije.
nl.verhalenbank.29414
Willem Lap dy wenne tusken de Skieding en de Oerterper feart yn. Hy seach mear as in oar. Op in kear wie der ien stoarn. Dat wie Jan Pool. Syn dochter Mart wie al in pear jier wei. Doe sei Willem Lap sa: "Mart hat fêst net sa bêst mei har heit kind, hwant dy spoeke hjir niis noch om."
nl.verhalenbank.33666
Myn dochter wenne oan 'e Folgerster loane. Moarns as har man fuort wie en hja foel wer yn 'e sliep, dan sprong der gauris hwat by har op bêd op 't fuottenein. As hja dan seach, wie der neat to sjen.
nl.verhalenbank.25616