Wy ha yn Gariperheide wenne. Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem de lûden al. Sy hearde him oer de rails hinnegean.
nl.verhalenbank.22788
It wie sahwat yn 1910. Myn suster roan mei in tas mei negoasje by de huzen lâns. Doe't se de jouns thúskaem, sei se: "Hjoed ha 'k hwat wûnders bileefd. In plaetske yn Sânbulten oer 't spoar hinne stie yn ljochte lôge, doe't ik der lâns kom. Ik roan der hurd op yn, hwant sa'n greate brân hie 'k noch noait sjoen. Mar doe't ik der oan ta wie, wie der neat...
nl.verhalenbank.17484
Myn man en ik soenen op in kear to praten. 't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Wy wennen yn Bûtenpost.
Doe't wy op stap soenen, sei 'k tsjin myn man: "Wy kinne better thús bliuwe, hwant it is my ynjown, dat dy en dy aenst komme sille."
Wy gongen fuort, mar de minsken dy't ik forwachte binne wol kom.
Ik sjoch soks wol mear. Dan wyt ik hwa't der komme sille.
nl.verhalenbank.22842
Op in kear kom ik fan 't spoar yn 'e Westerein. 't Wie sahwat alve ûre op 'e joun en ik hie sa'n 200 meter roan. Liuwe wie by my.
Doe hearde ik dêr de stim fan in frommes, dat klonk aeklik.
Ik sei: "Hark ris , sa giet Bouke Minke to kear. (Dat wie it wiif fan Bouke de Jong)
In pear dagen letter forsûpte har bern op itselde sté dêr't wy Minke kleijen heard...
nl.verhalenbank.17010
Yn 'e oarlochstiid is der in jonge forstoarn fan Atse fan der Heide fan Houtigehage. Skoanmem hie klear de lykwein fan tofoaren oankommen sjoen mei de hynders der foar. Hja wennen doe oan 't Spûkeloantsje ûnder Drachtster Kompenije.
nl.verhalenbank.29414
Eene vrouw te Boyl, geloovende aan <> of <> , zooals men het daar noemt, verzekerde, dat zij op zekeren nacht eene pastorie aldaar had hooren bouwen, en dit had plaats eer er nog sprake van was, dat Boyl eene afzonderlijke gemeente zoude worden. Dit geschiedde in 1860.
nl.verhalenbank.69811
Veurloop
Vrouw Pr. zag nog meer; zij woonde in het Eksler moeras. Veurnoamelk waarn het liekstaties, woor ze met bezig was.
En dan gung ze dr s nachts uut.
Heur man zee dan:“Blief toch lign.”
Moar dat kon ze onmeugelk. Dan zol ze er last van kriegen, zee ze.
nl.verhalenbank.43358
Us mem en dy moesten froeger Sytske al us in kear ophelje. Dy wenne by 't monumint op 't Bomkleaster.
Hja soe komme to naeijen, mar sy koe sels de naeimesine net drage. Mem droech de naeimesine. De krúswei moesten se passeare, dy wie doe noch net forhurde.
De oare deis fortelde mem, se hienen dêr by de krúswei sa bot mei stiennen smiten, dat hie se dúdlik...
nl.verhalenbank.24329
In Lukaswolde, gemeente Grotegast, woonde een frou, die zei al een dag of wat van teforen: die en die wordt dan en dan begraven. 't Kwam altijd uit. Ze was mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.37989
De frou fan myn broer Albert seach froeger by joun allegear ljochten oan 'e Nije Wei, omheech yn 'e loft. 't Liken krekt allegearre lampkes. Letter kamen dêr de lantearnen to stean.
nl.verhalenbank.19531
Myn skoanmem seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten.
nl.verhalenbank.29418
Veurloop.
Heur ie non nich veule meer van, man ik heb toch wol zo t ain en ander zain.
Wie wurn as kinder wol es woarschouwt, um gain appels aan te nemen van dai wat soort vroulu.
t Kun man zo gebeurn, da-je dan zaik wurn.
nl.verhalenbank.44551
Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
Us mem seach us yn 'e Bisskop op 'e heide by joun allegear ljochtsjes. Letter kom de tram dêr lâns. Dat hawwe dy ljochtsjes doe west. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.26088
Ik wie yn Westergeast útfanhûs by myn dochter. Doe hearde ik dêr timmerjen en der waerd mei balken smiten ensa. Ik sei: "Hjir sil skielk hwat gebeure."
Myn dochter Klaske woe 't earst net sizze. Sy woenen 't stil hâlde, net ien mocht it noch wite, mar de saek soe fortimmere wurde. En 't is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24847
Skoanmem hat faek sein dat se de tram fan Drachten fier fan tofoaren al heard hie en in bulte oare minsken ek.
nl.verhalenbank.31418
Us mem hearde froeger wol us timmerjen hjir en dêr. Dan kom der letter op sokke plakken in hûs of in hok to stean. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.22288
Dyselde man syn frou hearde op in joun dat der in lading hout delplofte flak by har hûs. Krekt as waerd it fan in wein smiten.
Binnen it jier woardde der op dat plak in nij hûs delset, dêr't hja ynkommen to wenjen. Mar dêr wisten se doe noch neat fan. Doe kaem der ek in wein mei hout oan dat dêr delsmiten woardde. Dat wie deselde plof.
nl.verhalenbank.37685
In suster fan myn heit wie ris op in dei hiel bot oerstjûr. Hja hie 't gefoel dat har man dea wie. Mar 't wie sa net, hy leefde en der skeelde him neat.
Mar in deimennich letter wie er dea.
Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.33595
Myn mem har suster yn Stiensgea - Klaske-muoi - wie tige siik.
Hja hie longûntsteking. Mem wie neat net bygelovich.
Der komt in ekster oanfleanen by ús mem. Dy komt tsjin 't sydgleske oan. Doe blykte dat har suster overleden wie. De ekster wie de boade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.27494