Hindrik Vaatstra seach mei eigen eagen in kiste op it hiem stean. Koarte tiid dêrnei kom syn eigen wiif to forstjerren.
nl.verhalenbank.12333
Doe't myn frou stoar hie se ek alles al fan tofoaren sjoen. Hja wie doe útfanhûs by har dochter yn Bûtenpost.
nl.verhalenbank.34462
Op in kear kom ik fan 't spoar yn 'e Westerein. 't Wie sahwat alve ûre op 'e joun en ik hie sa'n 200 meter roan. Liuwe wie by my.
Doe hearde ik dêr de stim fan in frommes, dat klonk aeklik.
Ik sei: "Hark ris , sa giet Bouke Minke to kear. (Dat wie it wiif fan Bouke de Jong)
In pear dagen letter forsûpte har bern op itselde sté dêr't wy Minke kleijen heard...
nl.verhalenbank.17010
Dirk Hoogenboom was boer op Het Paradijs (1). Toen kwam er een vrouw aan de deur, een waarzegster. Die zei: "Er is altijd nog een verdrinkeling (2) bij". Een poosje later zei die boer, dat er geen een verdronken was (3). Maar later is hij zelf verdronken in de IJssel. Toen was hij al boer af. Hij woonde toen op het Jaagpad.
(1) boerderij vlak bij...
nl.verhalenbank.50571
Alde Japiks Fokje hat hjir wenne, dy hat ek yn 'e Koaten wenne. Dat wie in kaertlizter. Sa'n fyftich jier lyn gongen de jonge bazen dêrhinne.
Wy forwachten in berntsje, doe gong ik nei Fokje ta om 'e kaert útlein to krijen.
Myn frou rekke yn 't sikenhûs, doe't hja yn forwachting wie.
Fokje sei: "Dat bern krije jim net thús. Ik ha 't bern fannacht yn 't...
nl.verhalenbank.37340
Veurloop
Vrouw Pr. zag nog meer; zij woonde in het Eksler moeras. Veurnoamelk waarn het liekstaties, woor ze met bezig was.
En dan gung ze dr s nachts uut.
Heur man zee dan:“Blief toch lign.”
Moar dat kon ze onmeugelk. Dan zol ze er last van kriegen, zee ze.
nl.verhalenbank.43358
By Rinse Hamstra yn 'e Harkema krigen se in berntsje, mar dat rekke wei. Letter krigen se wer in berntsje, mar dat rekke ek wei.
De trêdde kear gong it goed. Mar de mem sei: "Ik wyt nou, hwa't it dien hat." Doe seach se troch de glêzen. "Dat âld wiif dêr hat it dien!"
Dit is noch mar in pear jier lyn.
nl.verhalenbank.33324
In Lukaswolde, gemeente Grotegast, woonde een frou, die zei al een dag of wat van teforen: die en die wordt dan en dan begraven. 't Kwam altijd uit. Ze was mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.37989
Mem hie in muoike, dat wie Hiltsje Alles Adema. Hja wie troud mei Hidde van Houten, in timmerman to Grins.
Hiltsjemoai forstoar yn 1883 en kom yn Garyp ûnder 'e ierde. Us mem wie doe swier fan myn jongere broer Tseard. Mar sy woe by de biïerdiging fan Hiltsjemoai yn Garyp wêze en sy hat der ek hinne west.
Mar doe't Tseard geboaren woarde, wie dy alhiel...
nl.verhalenbank.22982
Alde Taeke Pyt hie har oan 'e duvel forkocht. Doe't in oar yn 'e earmoed siet, hie hja altyd sinten. Mar sy is in rare dea stoarn.
nl.verhalenbank.28048
As in frou trije of fjouwer manlju hawn hat, dy't allegear by har weistoarn binne, dan hat sa'n frou in wite lever. By sa'n ien kin net in minske yn leven bliuwe.
nl.verhalenbank.22834
Hjir hat in frou wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes. Hja wist altyd as der ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.27817
Peije wie myn styfheit. Dy syn mem is bitsjoend woarn troch in stikje tsiis. 't Minske is der fan wei rekke.
nl.verhalenbank.24439
In suster fan myn heit wie ris op in dei hiel bot oerstjûr. Hja hie 't gefoel dat har man dea wie. Mar 't wie sa net, hy leefde en der skeelde him neat.
Mar in deimennich letter wie er dea.
Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.33595
Myn mem har suster yn Stiensgea - Klaske-muoi - wie tige siik.
Hja hie longûntsteking. Mem wie neat net bygelovich.
Der komt in ekster oanfleanen by ús mem. Dy komt tsjin 't sydgleske oan. Doe blykte dat har suster overleden wie. De ekster wie de boade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.27494
Ik wie sahwat in sawntsjin, achtsjin jier, doe wenne ik op 'e Gordyk as bakkersfeintsje. Myn domisily hie 'k yn Boarnburgum. Dêr yn 'e Gordyk wie in frou ûnforwacht stoarn. De forhâlding tusken har en har man hie tige min west. Der wie ien jonkje, dat hie gjin forstân.
Doe't dy frou stoarn wie, kom se jouns by skimertiid werom. Guon ha har sjoen. Ik bin...
nl.verhalenbank.25679
By ús woarde it hûs fortimmere. Wy hienen in greate húshâlding, der wienen 9 bern en mem forwachte it tsiende. Doe kom der in frou by ús op bisite. 't Wie âlde Auke Tryn. Dy biseach alles fan de fortimmerderije.
Doe't se thúskom, sei se tsjin har man: "Och och, 't wie dêr allegear folk yn 'e hûs/yn 't achterhûs en om 'e doar. Sil ik dy ris hwat sizze?
Het...
nl.verhalenbank.34562
Dy't mei in helm geboaren wie moest alles sjen.
Alde Tsjits, de widdou Rekker seach altyd lykstaesjes.
Op in kear stie se yn 'e nacht op in hoeke bûtendoar.
Doe seach se allegear regenkleden, dy't wapperen en hja woarde oan kant skoud. Hja hie de lykstaesje yn 'e wei stien.
Hja fortelde 't hjir de oare moarns.
De oare wyks wie der in sterfgefal op 't...
nl.verhalenbank.33752
Marten Skeet wenne yn Aldegea, yn 't lêste hûs.
Syn frou hiet Doekel, dy koe mear as in oar, seinen se. Dy seach allerhande dingen dy't in oar net seach. Hja wie mei de helm geboaren en moest dan de lykstaesjes fan tofoaren sjen.
Op in kear wie der in keardel yn Aldegea tige siik. Dat wie Jan Sjirks. Hy hie longontsteking en it like o sa slim.
Der stie op...
nl.verhalenbank.33626
Myn wiif har beppe Tryntsje lei op it stjerbêd. Hja hie hwat oan dat hie skoanmem op snein yn elkoar set en doe koe 't âld-minske net ta stjerren komme. Doe ha se har dat útlutsen en doe wie 't goed. Hja die de egen ticht en wie dea.
nl.verhalenbank.33380