3,018 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Twijzelerheide
Sa haw ik ek faek fortellen heard dat men in hûs yn 'e brân seach, mar yn werkelikheit barnde it net. Dan seinen se: dat hûs sil nochris opbarne. En dat gebeurde dan letter ek.
nl.verhalenbank.38624
Trapet men op in pod, dan komt der tonger.
nl.verhalenbank.38658
Ik haw in frou kend, dy seach wit hoe faek in lykstaesje. Dan woarde se optild en oan kant set. Hja libbet noch en wennet yn 'e Westerein. Hja hat twa kear de man forlern en noch fiif bern.
nl.verhalenbank.28701
Ik hie in omke, dy hiet fan Eatse. Dy hearde ris op in nacht hoe't it tichte by syn hûs yn Twizelerheide op in timmerjen gong. Hy gong út bêd wei en nei bûten ta om to sjen hwat dat wêze koe, mar doe't er bûten wie fornom er neat mear, en der wie ek neat to sjen. Doe gong er wer op bêd. Hy lei noch mar even of doe hearde er it wèr. Hy tocht: Hwat dat is,...
nl.verhalenbank.28766
It is hjir gebeurd dat der op in joun by tsjuster guon lâns it tsjerkhôf gongen. Dy woarden fan 'e iene kant nei de oare smiten. Dat kom fanwege in lykstaesje. Dêr moesten se rûmte foar jaen.
nl.verhalenbank.28837
Iede Prins wenne hjir yn Twizelerheide. Dy seach lykstaesjes fan minsken dy't noch net stoarn wienen. Mar hja stoaren wol deeglik in skoftsje letter. As er sa'n lykstaesje seach moest er hurd oan kant gean. Hy mòest der hinne om to sjen. Dan nom er it koartste paed, rjochtút. De oare deis sei er tsjin 'e minsken: "Dêr en dêr komt it lâns." 't Kaem altyd út.
nl.verhalenbank.37648
Antsje seit, as de kofje bot yn 't laedtsje fan 'e kofjemoune omstout, dan krije wy winter.
nl.verhalenbank.22119
As in houn spokgûlt, is der in sterfgefal op til. Soms giet er lizzen foar de doar fan deselde, dy't gau stjerre sil. Wy ha 't faek meimakke.
nl.verhalenbank.28449
As der in wite flinter op jin ynkomt dan bitsjut dat dat men in brief kriget.
nl.verhalenbank.22158
Myn wiif har folk wenne achter de âld Staetsskoalle yn Broek. Op in kear doe kom har broer de jouns thús. Hy sei: "Hwat wurdt der timmere yn 'e âld-skoalle." Dat wie foartjirmerij. "Harkje ris", sei er, en doe hearden de oaren it ek. De hiele skoalle is koarte tiid dêrnei fornijd.
nl.verhalenbank.28429
Ik ha faek fortellen heard dat minsken hjir yn Twizelerheide jouns timmerjen hearden sûnder dat der yn werklikheit timmere waerd, en dat der dan letter op sa'n plak in hûs kaem to stean.
nl.verhalenbank.38623
Froeger wie der nou en dan wol us in wylde lantearne yn 'e Houtigehage. Dan kom der letter op sa'n plak in hûs to stean. Wylde lantearnen binne foarboaden.
nl.verhalenbank.20093
As in spegel delkomt, komt der binnen seis wiken in sippe deaden.
nl.verhalenbank.21986
Foardat it spoar hjir wie, ha de minsken it al riden heard, krekt like dúdlik as doe't it der letter wie, sei myn âlde omke.
nl.verhalenbank.28431
Ik haw wolris fortellen heard, dat guon oargelspyljen en sjongen heard hienen op it plak dêr't letter in tsjerke boud waerd.
nl.verhalenbank.38635
As ik op bêd lei yn 'e Falom hearde ik nachts it timmerjen oan 'e huzen, dy't der letter kom binne. Dat wie ek foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28432
"Dêr is ek wer in wylde lantearne", sei ús heit froeger, en dan gongen wy nei bûten ta om to sjen. Sokke wylde lantearnen wienen de foarboaden fan 'e lettere fytslampen.
nl.verhalenbank.38625
Trapet men op in pod, dan komt der tonger.
nl.verhalenbank.10697
Doe't ik noch yn 'e hûs wie yn 'e Falom, rôp mem us op in kear: "Hiske, dêr ropt ien fan 'de krante!'" Ik sei tsjin mem: "Gean mar hinne, mar der is neat. Nei in healûre komt de krante wol." 't Wie èk sa. In healûre letter waerd der roppen: "De krante!" En doe wie hy der werklik. Dat wie alle jounen sa. Ik hearde 't altyd in healûre fan tofoaren al en nou...
nl.verhalenbank.22018
Us heit hat us in kear in hutte boud by 't hûs. Fan tofoaren sei ús mem: "Hwat giet it der hjir jouns doch oan wei. It giet altyd mar op in timmerjen." Dat sei se tsjin heit. Doe sloech heit letter dat hutsje. Dat wienen de lûden dy't se heard hie.
nl.verhalenbank.22146