3,020 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Eastermar
Alde Tamme Hooijenga dat wie de heit fan Jelle Hooijenga. Dy wenne op Sumarreheide. Dy fortelde dat hy wie ris tichte by de âld tramwei west - mar der wie doe noch gjin tram - doe hearde hy klear in fluitsje. Dat wie it fluitsjen fan 'e lettere stoomtram.
nl.verhalenbank.36026
Ik stie op in joun to Jistrum achter hûs. Doe hearde ik dat it skean achter my drok op in timmerjen gong. Mar dêr wie neat to sjen. Ik tochte by my sels: Kin dit ek foartjirmerij wêze? En dat hat it west. Letter ha wy op datselde plak in hûs krige. Ik wist der doe noch neat fan dat wy dêr in hûs sette litte soenen. Wy binne letter yn dat hûs kom to wenjen.
nl.verhalenbank.36025
Ien kear ha 'k yn 'e nacht in lykstaesje sjoen. Ik wie doe noch in jonge. Ik ha der lange tiid raer fan west. Mar it is by myn witen noait neikom.
nl.verhalenbank.12275
Alde Frytsen wenne yn Eastemar yn 'e foarige ieu. Dat minske gong nachts soms út bêd, dan seach se lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37608
As in houn spûkgûlt, komt der in lykstaesje lâns.
nl.verhalenbank.12266
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.29319
Trape men op in pod, dan kom der tonger.
nl.verhalenbank.28383
Noait op in pod traepje. Oars krijt men tonger.
nl.verhalenbank.36179
As de stienûle rôp, rekke der ien dea.
nl.verhalenbank.12280
As in fûgel it paedtsje fan in hûs lâns komt, dan bitsjut dat, dat der in deaden komt.
nl.verhalenbank.21864
Nei Eastemar út seagen se dêr froeger gauris ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen, sa neamden se dy ljochtsjes. It ha de foarboaden west fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.33849
Us heit wenne froeger oan 'e Hearrewei ûnder Sumar. Faek hat er forteld dat se soms achter hûs lûden hearden; it wie krekt dat der izer oer izer hinne glied. Al gau dêrnei is de tram dêr kom. Dat ha de lûden doe west fan 'e tram dy't oer de rails glied.
nl.verhalenbank.33848
Guon dy't mei de helm geboaren binne gean der yn 'e nacht op út. Dy witte altyd fan sterfgefallen foarút.
nl.verhalenbank.36175
As der in gewicht fan 'e klok foel bitsjutte dat dat der yn 't koart in deaden komme soe.
nl.verhalenbank.28377
As hounen spûkgûle sil der ien stjerre. Ek as de eksters om 't hûs hinne skatterje.
nl.verhalenbank.36174
As in frou yn blide forwachting is, en hja rint ûnder in line troch, dan is it bern bistringe (dan hat it stringen om 'e hals).
nl.verhalenbank.21805
Inkelde bloeddrippen (3) dy't falle, jowe in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.21806
As jy dreame fan in bigraffenis, dan komt der brulloft.
nl.verhalenbank.20078
Der wie in persoan, dy seach de kant út nei de Mar. Doe seach er hwat oankommen oer it lân. In feart wie der net. It like wol in skip, mar it hie gjin seilen. Letter die bliken, dat ding dat hie de Eastemarre boat west, dy't dêr letter farde op it plak dêr't se letter it kanael groeven ha.
nl.verhalenbank.21832
As der yn 'e nacht eksters op 'e naed fan 't hûs omskatterje, dan komt der yn dat hûs gauachtich in deaden.
nl.verhalenbank.20494