Yn 'e Smellinger Pein stie master mei in ploechje arbeiders to praten. Wylst lette de klok.
Master sei: "Hearre jim wol hwat de klok seit?"
"Ja, bim-bam."
"Né, hy seit:
"Hjoed oer in jier
komt master Pier."
Krekt in jier letter is er stoarn. Heit hat it my forteld.
nl.verhalenbank.17324
As it glês fan 'e petroaljelampe swart brând wie, dan seinen se: der sit in brief op 'e lampe. Dan gebeurde der hwat.
nl.verhalenbank.17320
As men op in pod trapet komt der tonger, waerd der sein.
nl.verhalenbank.24387
Froeger seagen se hjir de ljochtsjes fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten rydt al lang foardat der noch sprake wie fan in tram.
nl.verhalenbank.37844
Us mem kaem to forstjerren. Wy hienen hjir njonken in keammerke, dêr't de kiste kaem to stean.
Heit hearde fan tofoaren dúdlik hoe't der mei de hammer slein waerd yn it keammerke. Letter doe't de kiste der út moast moest der in sketsje út slein wurde. It wienen deselde slaggen, dy't er earder heard hie, sei er.
nl.verhalenbank.17334
As se ien stekke mei 't mes en 't bloed giet net út dyselde syn klean wei, dan giet er dea. Fokke Pander hat us ien stutsen. De frou wosk syn klean. Mar it bloed woe der net út. Doe sei se: "Hy giet dea." Hy is ek dea gong.
nl.verhalenbank.17321
Trapet men op in pod, dan bigjint it to tongerjen, sizze se wol. Wy ha 't wolris dien as bern. Dan gebeurde it ek.
nl.verhalenbank.24700
Trape men op in pod, dan kom der tonger.
nl.verhalenbank.36216
De wylde lantearnen fan froeger haw ik altyd biskôge as de foarboaden fan 'e fytsen.
nl.verhalenbank.17353
It gebeurde by de boeren wol gauris dat yn 'e nacht samar fansels de tsjerne bigong to draeijen en ek de winen draeiden soms samar yn 'e nacht. (de winen dêr moest it sied troch skifte wurde) Dit wie foartsjirmerij. De oare deis soe 't dan wer op in tsjernjen en wynjen gean.
nl.verhalenbank.27270
De wylde lantearnen dy't se hjir froeger seagen wienen de foartekens fan 'e lampen. De minsken krigen letter folle mear ljocht.
nl.verhalenbank.17588
Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28328
Dêr't letter de tram ried, dêr seagen wy in twa en fyftich jier lyn al ljochten.
"Sjoch, dêr is dat ljocht wer", seinen wy dan.
't Wienen wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.32416
Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
Wylde lantearnen wienen hjir froeger in soad. It wienen de foarboaden fan fytsen en bussen.
nl.verhalenbank.17737
Trapet men op in pod of kikkert, dan bigjint it to tongerjen. Plukt men tongerblomkes, dan begjint it ek to tongerjen.
nl.verhalenbank.28289
Us mem hat wolris forteld, dat, as se toudounsje soe mei oare famkes, doe't hja noch in bern wie, dat hja dat dan de jouns fan tofoaren al hearde en fornaem.
nl.verhalenbank.32772
Wy ha in bernsberntsje forlern. Op it plak dêr't syn bernewein gewoanlik stie, hat in houn fan to foaren stien to spûkgûlen. 't Wie ien fan in soan fan my.
nl.verhalenbank.17726
Boardzer Bruining seach op in kear in lykstaesje midden yn 'e nacht fan 'e kapper (oan 'e Spekloane) ôf oan Hindrik de Haan ta (oan 'e Houtigehaechsterwei). In wike letter wie dêr in èchte bigraffenis.
nl.verhalenbank.28313
It is yn 'e Boelensloane gebeurd, dat guon dêr it fanfare spyljen heard ha, wylst it der net wie.
Ik ha 't sels ek heard. Ik wie doe noch in jonkje. Der wie doe noch net in korps yn 'e Boelensloane.
Ik stie op in joun bûten mei moai waer. Us Jehan wie der ek by. Ik sei: "Heit, dêr spylje èk guon."
Doe ha wy it fanfarekorps al spyljen heard dat letter yn...
nl.verhalenbank.26100