26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Kollumerzwaag
As der trije, fjouwer eksters byelkoar komme, tichte by jins hûs, dan komme der praters. Ik haw der faek om tocht. It komt altyd út.
nl.verhalenbank.16104
Op in kear wie 'k mei noch ien by de Swadde. "Hark, sa timmerje se dêr", sei myn maet. Ik hearde it ek dúdlik. Mar der wie dêrom neat to sjen. Efkes letter kaem dêr in hûs to stean.
nl.verhalenbank.17008
Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu, fortelde beppe ha de minsken yn Sweagerbosk de trein al puffen heard. Doe wie der noch fan gjin trein sprake.
nl.verhalenbank.37365
Trapet men op in tongerslak, dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.24893
"Sjoch," sei ús mem alris, "sa'n heldere lampe brânt dêr oer de Sweagerfeart. Doe kom dêr letter in brêge mei in lampe der boppe.
nl.verhalenbank.17009
As de sémearminnen sjonge dan komt der min waer. De fiskers ha 't min op 'e sémearminnen bigrepen. 't Is in min teken, as se har sjen litte.
nl.verhalenbank.25193
Wol hûndert kear ha'k timmerjen heard yn 'e nacht op ûnderskate plakken. Dat tsjutte altyd op nije huzen of hokken of hekken of sa. 't Kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.17006
Ek in kear, 't wie noch foar de oarloch doe kaem ik mei noch ien de wei del. Wy roannen achter de pleats fan Piter Zuidema oan 'e Wâlddyk. Doe hearden wy ynienen sjitten. Dat knettere en rikketikke krekt as woarden der fyftich mitrailleurs ôfsketten. "Duvel, hwat woarde ik dêr kjel," sei 'k. "De bonken binne der my dôf fan. It komt fan 'e pleats." Wy...
nl.verhalenbank.17007
As in houn spûkgûlt komt der fêst in sterfgefal.
nl.verhalenbank.26308
Bij de brug in de Westerein stonden us in kear mensen, die hebben daar in geluut hoord. Dat kwam út it water. Later is daar een ferdronken.
nl.verhalenbank.24289
De boer dy't in earrebarre op 'e skuorre hat, is dêr mâl mei. Sa'n earrebarre bringt gelok. Hy jowt ek hier. Hy smyt ien fan syn jongen út it nêst.
nl.verhalenbank.25381
Se seinen altyd, as men op in pod trape, kom der tonger.
nl.verhalenbank.29543
Spûkgûlde in houn, dan seinen se, dat der mei gauwens ien dea gong.
nl.verhalenbank.29523
Us heit fortelde dat yn syn jonge jierren foardat de trein der noch wie fan Ljouwert nei Grins, hienen hja yn Sânbulten de lûden fan 'e trein al heard.
nl.verhalenbank.33020
Yn Twizelerheide hearden se fóár 1914-18 al in lûd troch de loft gean. Dat wie it lûd fan in Dúts loftskip, dat der pas folle letter wie.
nl.verhalenbank.33021
Wylde lantearnen sweefden froeger boppe de lânnen. Ik wit de bitsjutting der net mear fan, mar ik haw se wol faek sjoen.
nl.verhalenbank.29934
To Kollumersweach oan 'e Boskreed yn 'e lânnen stie in âld hûs, dêr ha ús heit en dy yn wenne. Fan tofoaren ha minsken dêr neist in ljocht barnen sjoen. Nei dy tiid ha heit en dy dêr in nij hûs sette litten.
nl.verhalenbank.29503
As in houn spokgûlt dan giet der mei gauwens ien dea.
nl.verhalenbank.25361
As der in skilderij delfiel, dan seiden se: "Der komt in doden." En dat komt ook út. Wij hè 't bij ús thús had, doe fiel der in skilderij del. Doe sei myn moeke: "Daar komt wat achter wei." De ene rouwbrief na de andere kwam. Overal kwamen de berichten weg, allemaal van familieleden.
nl.verhalenbank.24287
Op in pod trapen wy noait, op in slak like min, hwant dan soe der tonger komme, mienden wy.
nl.verhalenbank.29826