3,108 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Opende
Myn man en ik wennen hjir flak by. Doe't dit hûs noch boud wurde moest, hearden wy fier fan tofoaren nacht op nacht it timmerjen al.
nl.verhalenbank.16132
Trape men op in pod dan kaem der tonger.
nl.verhalenbank.38017
Wy ha hjir yn 'e buert yn in âld hûs wenne. "Sjoch," sei 'k op in joun tsjin ús mem, "it binne dêr allegear ljochten." "Ja," sei se, "dêr kin wolris in drokke wei komme." In jier twa, trije lettere is dy wei der kom.
nl.verhalenbank.16121
Bearn van der Woude seach soms lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.26896
Yn 'e Mieden stie us in kear in hûs yn 'e brân. Guon gongen der hinne om to sjen, mar doe brânde it net. Letter is it hûs ôpbrând.
nl.verhalenbank.26894
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie de man dy't geregeld lykstaesjes seach. Mar hy seach ek allegearre oare dingen foarút. Sa sei er, dat hy hie sjoen dat de tsjerke yn in bioskoop foroarje soe. Dat wie de tsjerke fan Luchtenveld. Mar dat is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.38011
Guon sjogge fantofoaren in bigraffenis. Doe't der ris ien stoarn [wie] yn 'e Pein, sei Bearn v.d. Woude: "'k Ha 't tiden fan tofoaren al sjoen." Bearn moest nachts fan bêd ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.27136
Hjir yn 'e Parken wie in djippe klyndobbe. In man fan it wurkhús sei: "Hjir forsûpt nochris ien, ik ha 't sjoen." Trije wiken letter fordronk dêr ien.
nl.verhalenbank.27137
Hjir op 'e Skieding stie in âld húske. Op in kear kom pake thús. Doe sei er tsjin heit en dy: "Doe't ik by dat húske lâns kaem, knapte en krêke it dêr en it wie ien fjûr allegear fjûr. Sahwat in tritich jier letter is 't húske ôfbrând.
nl.verhalenbank.16129
Yn 'e Pein seinen se wol gauris: Dêr komt fêst in hûs. It giet dêr altyd op in timmerjen. 't Wienen ek wol âlde minsken dy't dat hearden.
nl.verhalenbank.26784
In âld minske, de frou fan Piter Veenstra, hat yndertiid de tram fan tofoaren sjoen. Se seach dat de tram troch de bosken en alles hinne gong. Dat is letter ek sa gebeurd.
nl.verhalenbank.27166
Forskate lju ha hjir de tram fan to foaren heard, foardat dy hjir lâns kom.
nl.verhalenbank.21111
Wilde lanteerns, sei mem, dat bitsjutte dat der op dy plaetsen loater in huus kwam.
nl.verhalenbank.26337
By de ûntginning fan 'e heide hearden se op in plak getimmer. Letter stie der op datselde plak in plaetske. Dat hat dat timmerjen west. 't Wie hjir yn Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.26297
It hûs oan 'e Drachtster Wei, dêr't nou Lammert v.d. Sluis wennet, njonken Ouwe van der Molen woarde in kear troch it buorwiif yn 'e brân sjoen. Sa'n twa jier letter is 't opbrând.
nl.verhalenbank.27162
Wylde lanterens dat was it feurspoek, dat was hier ook wel. Loater komt der wat.
nl.verhalenbank.24391
Op 'e klaei gebeurde 't wol dat nachts by de boer de tsjerne gong. Dat wie foartjirmerij. De oare deis woarde der wer tsjerne.
nl.verhalenbank.25962
In Lukaswolde, gemeente Grotegast, woonde een frou, die zei al een dag of wat van teforen: die en die wordt dan en dan begraven. 't Kwam altijd uit. Ze was mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.37989
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
As minsken fan luzen drome dan komme se yn 'e earmoed to sitten.
nl.verhalenbank.25974