3,614 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Drachten
Wy seagen oan 'e Dwarsfeart froeger wol us wylde lantearnen. Dy sweefden boven de lânnen. Mar hwat dat to bitsjutten hie, wyt ik net.
nl.verhalenbank.19691
Op in buorforgadering op 'e Skieding siet myn man ek, doe wied er noch jong. Doe sei der ien: "Ik kom troch 't Mearumer Leech en dêr brânden trije lantearnen." In jier letter kommen dêr trije halten foar de tramlijn.
nl.verhalenbank.16844
Hjir yn Drachten wie in helling op 't Bûtenfallaet. (by de Pipe). Faek gong it dêr midden yn 'e nacht op in klinken. Yn werkelikheit wie dat sa net fansels. Mar dan koe men der mar wis fan wêze, dat der wer drokte kaem. Dat gong altyd troch. 't Wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.29640
Op Boelensloane is 't us gebeurd, dat de frou op in joun gedomp hearde. 't Wie dúdlik to hearren dat der ien oan kom. Wy der hinne, mar der wie net ien by de doar. In ûre letter wie dyselde stap der wer. Doe wie dyselde der. 't Wie yn ús jonge tiid.
nl.verhalenbank.22931
Myn broer wenne hwat achterôf op 'e Skieding. Wy wennen yn Drachten. Myn oare broer frijgeselle by him. Op in snein-to-joun gong ik der oan ta. 't Wie sahwat tsien ûre. Dêr achter roan in paedtsje lâns. Dy jouns gong dêr in ljocht lâns. Oars neat as ljocht. Ik woarde sa binaud, dat ik makke fluch dat ik by de syddoar fan it hûs fan myn broer kom. Ik hime...
nl.verhalenbank.27065
Trapet men op in pod, dan komt der tonger, sizze se. Wy mochten froeger noait in pod deameitsje, hwant dêr kom min waer op, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.26123
As de sémearminnen yn 't wetter bigjinne to sjongen, komt der ûnwaer, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23488
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Sa'n fyftich à sechstich jier lyn seagen guon út 'e Kompenije fan tofoaren de ljochten en sy hearden de lûden fan 't spoar, dat dêr lâns komme soe. Ek oan 'e Folgerster loane ha guon it wol heard en sjoen. ('t Wie de tram)
nl.verhalenbank.26931
Doe't ik jong wie sweefden der altyd wylde lantearnen boppe de heide. As dat it gefal wie, kom der in ûngelok, seinen se.
nl.verhalenbank.23497
Ik wie sa'n foech jonge en wenne by bakker Vonk. Jouns gong ik faek nei Brant en Mintsje ta. Dy wennen, krekt as Vonk, èk yn Drachtster Kompenije. (De man hiet Brant Pool). Hja hienen in dochter, dêr hie 'k wol hwat bistek op. Op in joun wie 'k dêr wèr. "Ha jim hjir in nij hûs krige?" frege ik. Hwant ik seach achter it hûs fan Brant Pool in ljocht...
nl.verhalenbank.33623
Yn 'e Popke-poel yn 'e Boelensloane moest ien fordrinke, wie 't sizzen altyd. Der wie ien dy hie dat fan tofoaren sjoen. Der kaem letter ien yn mei iis, mar dy is der levend wer útkom.
nl.verhalenbank.37915
Mem fortelde ús, yn Drachtster Kompenije soe ris in skip komme. Se wennen oan ien fan 'e binnenwiken. 't Wie sahwat 8 à 9 ûre de jouns, doe hearden se dat de barte, dy't oer de wyk lei, ôfsmiten waerd. Se gongen der út om to sjen, mar dêr wie net in skip to bikennen en de barte lei gewoan oer de dwarswyk. In skoft letter hearden se itselde lûd wer en doe...
nl.verhalenbank.32310
Faek gebeurde it - û.mear yn 'e Wylgen - dat men fan tofoaren al wiste, dat der ergens in nij hûs set wurde soe. Dan hearden se yn 'e nacht allegearre lûden dy't by 't timmerjen hearden. Dan seinen se: "Hjir komt skielk in hûs."
nl.verhalenbank.29644
Myn mem har suster yn Stiensgea - Klaske-muoi - wie tige siik. Hja hie longûntsteking. Mem wie neat net bygelovich. Der komt in ekster oanfleanen by ús mem. Dy komt tsjin 't sydgleske oan. Doe blykte dat har suster overleden wie. De ekster wie de boade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.27494
Doe't wy yn 'e Boelensloane wennen ha wy us timmerjen heard yn 'e nacht. Faker as ien kear. Letter kommen der tichte by ús boukommisjehûzen to stean.
nl.verhalenbank.22932
Auke Siebenga fan Nyegeaster Pein hie nei Aldegea nei de faem ta west. Hy wie op 'e weromreis en roan de Aldegeaster dyk del. Hy wie noch net oan 't brechje ta. Der stienen trije rigen swiere ikebeammen oan wearskanten fan 'e wei. Doe kom der in ljocht oan, de kant fan Nyegea út wei. Auke sprong oan kant, hwant hy tocht: dat kin wolris in auto wêze. Hy...
nl.verhalenbank.33624
Alde tante Dike, dat wie de frou fan Jan Mulder, dy seach op in nacht yn Nyegea in bigraffenis foarbygean. In wike letter wie dy bigraffenis dêr.
nl.verhalenbank.33034
Yn 'e Rottefalle wenne in man, dy seach altyd de lykstaesjes. Dan sei er: Dêr en dêr ha 'k it sjoen, mar dy of dy wie der net by. Dan wie 't altyd dyselde dy't der net by wie, dy't stoarn wie (stjerre soe).
nl.verhalenbank.33158
Myn omke Harm wie skieppehoeder. Dy hat yn 't fjild by Grinzer Pein wylde lantearnen sjoen. 't Wienen allegear ljochtsjes. Mar in lyts skoftsje dêrnei, yn 1912 woarde der in nije tramlijn oanlein fan Grins nei Drachten. Dat wienen de ljochtsjes dy't hy sjoen hie.
nl.verhalenbank.27489