Froeger waerden der jouns wol gauris ljochtsjes sjoen dy't op en del gongen. Letter seinen se dat dat de foarboaden west hienen fan 'e fytslampen en de autoljochten.
nl.verhalenbank.37647
Dêr't nou it spoar lâns giet, dêr seagen de lju hjir froeger ljochtsjes by jountiid, dy't der oan kamen.
Dat hat foartjirmerij west.
nl.verhalenbank.37641
Ik haw hjir yn Twizelerheide wol gauris by nacht timmerjen heard froeger. Dan sei 'k: "Der is wer foarspûkerije."
Dan koe men der mar wis fan op oan dat dêr letter in hûs kaem to stean.
nl.verhalenbank.37642
Sa haw ik ek faek fortellen heard dat men in hûs yn 'e brân seach, mar yn werkelikheit barnde it net. Dan seinen se: dat hûs sil nochris opbarne. En dat gebeurde dan letter ek.
nl.verhalenbank.38624
Trapet men op in pod, dan komt der tonger.
nl.verhalenbank.38658
Ik haw in frou kend, dy seach wit hoe faek in lykstaesje. Dan woarde se optild en oan kant set. Hja libbet noch en wennet yn 'e Westerein. Hja hat twa kear de man forlern en noch fiif bern.
nl.verhalenbank.28701
Ik hie in omke, dy hiet fan Eatse. Dy hearde ris op in nacht hoe't it tichte by syn hûs yn Twizelerheide op in timmerjen gong. Hy gong út bêd wei en nei bûten ta om to sjen hwat dat wêze koe, mar doe't er bûten wie fornom er neat mear, en der wie ek neat to sjen.
Doe gong er wer op bêd. Hy lei noch mar even of doe hearde er it wèr. Hy tocht: Hwat dat is,...
nl.verhalenbank.28766
It is hjir gebeurd dat der op in joun by tsjuster guon lâns it tsjerkhôf gongen. Dy woarden fan 'e iene kant nei de oare smiten. Dat kom fanwege in lykstaesje. Dêr moesten se rûmte foar jaen.
nl.verhalenbank.28837
Foar in lykstaesje mat paed wêze, oars wurdt der paed makke. Dêr is gjin ûntwyk. Alles hwat yn 't paed stiet of rint wurdt oan kant reage.
nl.verhalenbank.37650
It mat ris yn 'e feart gebeurd wêze dat se 'help!' roppen hearden. Letter is dêr ien fordronken dy't om help rôp.
nl.verhalenbank.37643
Iede Prins wenne hjir yn Twizelerheide. Dy seach lykstaesjes fan minsken dy't noch net stoarn wienen. Mar hja stoaren wol deeglik in skoftsje letter. As er sa'n lykstaesje seach moest er hurd oan kant gean. Hy mòest der hinne om to sjen. Dan nom er it koartste paed, rjochtút.
De oare deis sei er tsjin 'e minsken: "Dêr en dêr komt it lâns." 't Kaem altyd út.
nl.verhalenbank.37648
As in houn spokgûlt, is der in sterfgefal op til. Soms giet er lizzen foar de doar fan deselde, dy't gau stjerre sil. Wy ha 't faek meimakke.
nl.verhalenbank.28449
Myn wiif har folk wenne achter de âld Staetsskoalle yn Broek. Op in kear doe kom har broer de jouns thús. Hy sei: "Hwat wurdt der timmere yn 'e âld-skoalle." Dat wie foartjirmerij. "Harkje ris", sei er, en doe hearden de oaren it ek.
De hiele skoalle is koarte tiid dêrnei fornijd.
nl.verhalenbank.28429
Ik ha faek fortellen heard dat minsken hjir yn Twizelerheide jouns timmerjen hearden sûnder dat der yn werklikheit timmere waerd, en dat der dan letter op sa'n plak in hûs kaem to stean.
nl.verhalenbank.38623
Foardat it spoar hjir wie, ha de minsken it al riden heard, krekt like dúdlik as doe't it der letter wie, sei myn âlde omke.
nl.verhalenbank.28431
Ik haw wolris fortellen heard, dat guon oargelspyljen en sjongen heard hienen op it plak dêr't letter in tsjerke boud waerd.
nl.verhalenbank.38635
As ik op bêd lei yn 'e Falom hearde ik nachts it timmerjen oan 'e huzen, dy't der letter kom binne. Dat wie ek foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28432
"Dêr is ek wer in wylde lantearne", sei ús heit froeger, en dan gongen wy nei bûten ta om to sjen.
Sokke wylde lantearnen wienen de foarboaden fan 'e lettere fytslampen.
nl.verhalenbank.38625
Ik haw hjir in ein fierderop wenne yn in hûs, doe wie 'k izerkooopman. 2 jier ha 'k dêr tahâlden. Mar wy woenen dêr graech wei. 't Wie dêr net út to hâlden.
As wy jouns healweitsienen op bêd leinen, dan gong 't der njonken ús alderheislikst oan wei. 't Wie krekt as smieten se mei grouwe bolstiennen. Altyd wie dat leven dêr, en der wie noait hwat to sjen....
nl.verhalenbank.10675
Tusken Harkema en Surhústerfean by de feart, sahwat by Buma, ha se trije kear 'Help!' roppen heard. Mar dêr wie net in minske to sjen. Letter is dêr de frou fan Marten Veenstra yn 'e feart rekke. Dat wie sahwat sawn, acht wiken letter. Dy is dêr doe forsûpt. Dat minske hat doe ek om help roppen.
nl.verhalenbank.10677