7,036 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Narrator Gender: female Place of Narration: Twijzelerheide
Froeger wie der nou en dan wol us in wylde lantearne yn 'e Houtigehage. Dan kom der letter op sa'n plak in hûs to stean. Wylde lantearnen binne foarboaden.
nl.verhalenbank.20093
Doe't ik noch yn 'e hûs wie yn 'e Falom, rôp mem us op in kear: "Hiske, dêr ropt ien fan 'de krante!'" Ik sei tsjin mem: "Gean mar hinne, mar der is neat. Nei in healûre komt de krante wol." 't Wie èk sa. In healûre letter waerd der roppen: "De krante!" En doe wie hy der werklik. Dat wie alle jounen sa. Ik hearde 't altyd in healûre fan tofoaren al en nou...
nl.verhalenbank.22018
Us heit hat us in kear in hutte boud by 't hûs. Fan tofoaren sei ús mem: "Hwat giet it der hjir jouns doch oan wei. It giet altyd mar op in timmerjen." Dat sei se tsjin heit. Doe sloech heit letter dat hutsje. Dat wienen de lûden dy't se heard hie.
nl.verhalenbank.22146
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe. 'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen. Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort. "Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017
De wylde lantearnen dy't wy froeger seagen, dat ha de fytsljochten fan letter west.
nl.verhalenbank.23419
Us heit sei us in kear tsjin ús mem: "Hwat is 't der hjir fannacht oan wei gong. Hwat ha se by ús yn 'e hûs oan 't timmerjen west." It duorrre mar in skoftsje, doe woarde 't hûs forboud. Dat wie yn 'e Houtigehage, flak tsjin it hûs oer, dêr't nou myn suster wennet (yn Boelensloane; de wei is de grins tusken de beide doarpen)
nl.verhalenbank.20088
As der in lyk passeart, dat sjocht men lang altyd net. Mar men fielt it wòl oan jinsels. De minsken wurde dan oan kant reage. Dat is heit en mem ek us in kear oerkom. Soms mat men foar by de lykwein op en der achter wer by del. Fleden jier (1966) is 't noch gebeurd op 'e hege brêge yn Koatstertille. Doe siet ik yn 'e auto. Doe gong der hwat by ús lâns,...
nl.verhalenbank.20094
Myn man wie noch in jonge baes, hy wie hjir us op 'e wei mei oaren. Sy praetten hwat, doe hearden se yn 'e Kule timmerjen. Guon seinen: wy sjogge ljochten. Mar dêr stie net in hûs. Letter is dêr boud woarn. Der binne nije huzen yn 'e Kule delset. Myn man hat it sels fan to foaren heard en sjoen.
nl.verhalenbank.23414
Myn man wie in great jonge, syn heit en mem leefden noch. Doe sei er op in kear: "Hearre jim Baeije wol roppen en razen?" De oaren seinen: "Wy matte der gau us hinne to sjen." Mar doe't se der hinne gongen wie der neat to rêdden mei Baeije. Mar in skoft letter raesde se krekt sa as dy kear. Doe wie har bern forstoarn.
nl.verhalenbank.23415
Doe't ús Jinke stoar hearde myn suster Hiltsje de moarns fan tofoaren ien jammerjen en gûlen. "Ik tochte," sa fortelde se letter, "hwa soe hjir wêze. Ik lei noch op bêd. Ik gong der ôf en seach yn 't hok, mar der wie net in minske," sei se. Mar de oare moarns bitiid kaem ús Joeke by har, skriemende en gûlende. Hy sei: "Hiltsjemoai, ús Jinke is dea." En hy...
nl.verhalenbank.22019
Myn suster Hiltsje, dy't oan 'e Grinzer Strjitwei wennet by Koaten wyt mear as sljochtwei. Sy woarde mei de helm geboaren. Sterfgefallen en al sokke dingen mear wyt hja fan tofoaren. Ik bin der wolris bang foar west. Op in kear wie 'k by har to praten. Doe sei se: "Astû aenst thús komste dan fornimste dat der ien út jim famylje tige siik is. Dy sil ek wol...
nl.verhalenbank.33512
Op in nacht moest ik der ôf to pisjen. Doe't ik de pot krije soe, koe 'k my ynienen net mear forroere. Ik moest sjen. Doe stie der in deafet by my yn 'e keamer, tsjin 'e muorre oan, tsjin my oer. Ik gong nei Tseard ta (har man), dy't op bêd lei. Ik sei: "Tseard, ik ha ús skeiding ek sjoen." "Hâld dy stil en praet dêr net oer", sei Tseard. 't Wie sawn jier...
nl.verhalenbank.20104
't Is nou fiif jier lyn, doe kom myn soan us by my. Hy wenne yn Jistrum. Ik seach wol oan him dat der hwat oan skeelde. Hy sei: "Sjocht mem noch wolris hwat?" Ik sei: "Né, ik sjoch noait mear hwat en ik hear noait mear hwat. Dat hat de Heare my ûntnom." Doe sei er: "Ik haw in eigenaerdich gefal hawn. Justerjoune, goed seis ûre, sieten wy by de itenstafel....
nl.verhalenbank.20113
Us heit tsjinne by in boer. Hy hie der us op in kear op út west en kom op in joun thús. Doe stie Rikele Myt by de boer op 't hiem. Hja stie by 't hynder en kaerde 't yn 'e moanjes om. Rikele Myt wie in tsjoenster. De oare moarns sei heit tsjin 'e boer: Dat en dat haw ik sjoen - "Ik doar wedzje," sei er, "dat it hynder fan 'e wike dea leit." 't Kom krekt...
nl.verhalenbank.20098
Myn broer Boardzer fan 'e Boelensloane is mei de helm geboaren. As jonge fan tolve jier moest er al hwat sjen. Nachts moest er der faek út. Dan gong er oan 'e kant fan 'e wei stean. Dan seach er in lykstaesje passearen. Dan wist er wol hwa't it wienen. Hy hat dat nou net mear. De Heare hat him der fan forlost. Hwant it is in straf as men soks hat. Mar der...
nl.verhalenbank.20089
Alde Knjillis Veenstra wenne by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren. Hy útfanhûze wol gauris by syn suster. Dy hat wolris forteld, as hy kom, dan rûme hja bûten alles op, hwat mar yn 'e wei lizze koe. Hwant it gebeurde wit hoe faek dat hy der nachts op út gong, en dan koe 't wolris gebeure, ornearre se, dat er oer dingen yn 't tsjuster stroffelje soe....
nl.verhalenbank.23770
Yn 'e Falom wenne in man, dy moest nachts altyd út bêd wei om hwat to sjen. 't Wie in hiele bêste man. Hy moest soms ûrenfier rinne om by de lykstaesje to kommen. Mem sei al ris tsjin him: "As jo nou us lizzen bliuwe, hwat dan?" "Ei minske," sei er, "dan wie 't net bêst. Dan waerd ik der út smiten." It binne pleagen fan 'e duvel, as men der nachts út mat.
nl.verhalenbank.21994
Foartsjirmerij dat is allinne mar it lûd. As men fan tofoaren hwat sjocht, dat is gjin foartsjirmerij, dat is in fisioen.
nl.verhalenbank.22147
Ik ha twa jier lang forkearing hawn mei in feint, dy hiet fan Oene. Dy syn broer wie mei de helm geboaren. Hy seach altyd lykstaesjes. Op in kear wied er mei oar jongfolk op 'e wei. "Even oan kant," sei er, "der komt hwat oan." Mar de oaren seagen neat en laken him út en sy bleauwen stean. Doe is ien fan har oer hynder en wein en alles hinne smiten. Hy...
nl.verhalenbank.21993
Doe't ús heit (Thomas Bruining) stoar, wied er ien en fyftich jier. Hy hie de hjerstmis nei Dútslân ta west. (seizoenwurk) Dêr kaem er siik wer wei. It hiele winterskoft sukkele er. Op in kear sieten wy by de itenstafel. 't Wie yn 'e Houtigehage. Heit sei: "Ik mat der even út." Hy lei de furke del. Hy kaem fuort net werom. Us mem (Thomas Klare) rôp: "Hwer...
nl.verhalenbank.20090