7,111 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Narrator Gender: female Place of Narration: Sumar
Yn Garyp wenne âlde Adolf. Dy hearde yn 'e nachten guon timmerjen flak njonken syn hûs. Hy sei: "Hjir wurdt timmere, hjir komt hwat." Doe kaem dêr gaueftich dêrnei in timmersaek.
nl.verhalenbank.31804
Wy ha hjir op 'e heide in houn hawn dy't spûkgûlde. Hy die it allinne as der in sterfgefal tichteby op komst wie, oars hearde men him net. Mar sokke tiden wie er net to hâlden, dan moest er nei bûten ta. Mem prebearre him dan wol yn 'e hûs to hâlden, mar dat koe se eins noait rêdde. Hy gong dan bûten sitten mei de kop achteroer en dan mei de eagen rjochte...
nl.verhalenbank.31805
Us mem en heit wienen ris op in nacht togearre to murdejeijen. Doe kamen se op in plak - it wie yn Wergea - dêr waerden bussen delsmiten en se hearden amers ratteljen en al sa mear. Binnen it jier waerd dêr in nije pleats boud. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.31800
In soad minsken fan 'e heide ha fan tofoaren de ljochten fan 'e tram sjoen en ek de lûden heard, doe't hy der noch net wie.
nl.verhalenbank.31802
Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem dúdlik it gliden fan 'e tram oer de rails hinne. Ek guon seagen de ljochten fan tofoaren.
nl.verhalenbank.24638
Der wenne hjir in sikere Spinder, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf om nei lykstaesjes to sjen. Hy seach ek oare dingen. Hjir wienen twa mannen dy krigen hevige rúzje om in reed. Doe moesten se foar 't kantongerjocht komme. Mar de iene liichde mear as de oare. Doe hat men Spinder der by roppen, omt dy heldersjende wie. Dy fortelde...
nl.verhalenbank.31792
Dêr wenne in âld minske yn Garyp-Sigerswâld, dy seach in ljocht rjocht op har takommen fan 'e rjochting Earnewâld. Doe sei se: "Hjir komt skielk in wei, dat is sa wis as hwat." En 't is ek neikaem. Mar it hat wol in 20 jier duorre, ear't dy wei der wie.
nl.verhalenbank.31803
Ik wie in fanke fan in jier of 14, 't wie yn 'e nacht, ik lei op bêd. Ik wie wol klear wekker, hwant ik siet op 't lêst yn bêd, sa bang waerd ik. Ik tocht: se binne hjir yn 'e skuorre oan 't terskjen, ik hearde it hiel dúdlik. Mar 't wie net sa fansels, hwant dat koe net. De oare moarns ha se dêr terske. Ik hie 't dus de nacht tofoaren al heard.
nl.verhalenbank.31797
Janke fan Romke-om (Romke Skyt) en Trynmoai tsjinne yn Drachten. Hja rekke dêr yn forwachting. Hja moest in bern ha fan in joad Van Leer út 'e Hounestege. Op in middei wienen Mart en hja op it lân oan 't jirpelsykjen. Doe sei se: "Hark, dêr liede de klokken al." "De klokken?" sei Mart, "ik hear neat." "Ja," sei se, "de klokken. Dy liede al dat se my strak...
nl.verhalenbank.21360
Wylde lantearnen sweefden hjir froeger faek oer de heide. Men wol ha dat dat de lettere auto's binne.
nl.verhalenbank.31789
Sjoerd Dykstra wie koedriuwer. Dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts faek ôf. Dan seach er lykstaesjes. De gewoane minsken koenen dat net sjen. As sa'n helm net forbrând wurdt by de geboarte, dan matte se 't altyd sjen. Forbrânne se de helm, dan net.
nl.verhalenbank.24642
Op it plak dêr't nou ús hûs stiet, dêr't wy yn wenje, dêr seagen guon alle jounen in lampe brânnen. Doe stie dit hûs der noch net. Itselde jiers noch waerd dit hûs boud. En doe wie de lampe der echt. It ljocht skynde jouns troch de ruten hinne.
nl.verhalenbank.31801
Myn soan sjocht de dingen soms foarút. Op in kear praette er mei syn maet. Dy syn heit wie siik. Mar de soan sei: "Hy knapt aerdich op de lêste tiden. Hy sil wol gau wer de âlde wurde." Myn soan sei: "Dat kinstû wol sizze, mar ik haw sjoen dat er mei de boerewein nei 't hôf brocht wurdt." It wie yn Garyp. In pear jier letter wie de man dea. De lykstaesje...
nl.verhalenbank.31791
Foardat de tram der wie, hearden se in gebolder. Dat wie de 'voorklank' fan 'e tram. 'Voorklank' is noait fan 'e wereld.
nl.verhalenbank.12264
Ik bin us mei in frommes oproan yn 'e Harkema. Doe seach dat frommes in lykstaesje, mar ik seach neat. Sy skuorde my rimpen fan 'e wei. Oars, sei se, wie 'k oan kant smiten woarn. Koarte tiid dêrnei is har man stoarn.
nl.verhalenbank.20218
Foar it spûkgûlen fan in houn wienen de minsken hjir deabinaud, hwant dat kaem altyd nei. Us heit en ús mem ek. Se hawwe 't faek ûnderfoun. Sa'n dier wit mear as in minske formoede kin.
nl.verhalenbank.32181
Yn Sumar hjir njonken, hearde ik yn 'e nacht faek timmerjen. Dat is noch mar in skoftsje lyn. Fuort dêrnei ha se dat nije hûs der delset. It wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.20221
Hjir dwars oer woarde alle jounen timmere. Mar as men der by kom wie der neat to sjen. Letter kom dêr in hûs to stean. Doe seinen de minsken: "Sjoch, dàt hat dat timmerjen west."
nl.verhalenbank.24512
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
Doe't de tram der noch net wie, seagen de minsken al gleone ljochten. Dat wienen de ljochten fan 'e tram.
nl.verhalenbank.24511