2,813 datasets found
Dutch Keywords: voorloop Place of Narration: Garyp
Spûkgûlen fan in houn tsjut op in sterfgefal. It komt altyd út. As in houn spûkgûlt stjert der fêst ien hiel gau.
nl.verhalenbank.31506
Greate Taeke (= T. Wagenaar, byneamd Syngsang) wenne yn 'e Westerein fan Garyp. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der wolris ôf, om nei in lykstaesje to sjen, dy't dêr lâns kom. Hy wist dan wer hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.23116
As de klok deadsk lette, seinen se, kom der ek hiel gau in sterfgefal.
nl.verhalenbank.31507
Ek op in kear, doe kom myn broer fan 'e jongelingsforiening thús. 't Wie sahwat tsien ûre op 'e joun. Hy soe op bêd, mar doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde mei stiennen en latten smiten en der woarde timmere. It lûd wie op it plak dêr't er sahwat wie. Hy gong net earder op bêd foardat it lûd út wie. Hy stie der nei to harkjen en wachte oant it...
nl.verhalenbank.23098
Us mem tsjinne, doe't se noch net troud wie, as boerefaem by Jan Jelkes yn Garyp. "Wy ha 't faek hawn," sei se, "dan hearden wy de wein mei hea oer de telle roljen yn 'e nacht, en dochs wie dat net it gefal." De oare deis gebeurde dat echt.
nl.verhalenbank.31502
It wie yn 1910. Ik wie doe noch tige jong, mar ik wie al troud. Ik wenne doe op 'e Sumarreheide. Doe seach ik op in kear tige dúdlik ús mem der oankommen mei myn jongste suster by de hân. Ik soe se tomjitterinne, mar doe wienen se der net. De oare deis wienen se der àl en sy kommen der krekt sa oan lyk as ik se sjoen hie.
nl.verhalenbank.20308
Dikke Sjoerd Koedriuwer (= Sjoerd Dykstra) fan Sumar moest der nachts ek altyd ôf. Dy wie èk mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.20249
Ergens kaem der in man oanriden op redens. Doe hearden guon in stim út in wek wei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe ried dyselde dy't dêr op redens oankaem it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31496
't Wie yn 'e winter. Guon wienen op 't iis op 'e Burgumer Mar. Doe hearden se in stem: De tijd is verschenen, de man is er niet. In skoftsje letter is dêr in reedrider op dat plak yn in wek fordronken.
nl.verhalenbank.23092
Op 'e Greate Wielen hearden in soad minsken dy't dêr op 't iis wienen yn 'e foarige ieu ek in stim: Here, Here, wij vergaan! hearden se. Doe waerd der tocht dat dêr noch ris in hiel soad minsken tagelyk fordrinke soe. Mar de Burgumer dichter Tsjibbe Gearts lei it oàrs út. Der wie sein woarn: Ere, ere, wij zijn voornaam, biwearde er.
nl.verhalenbank.31497
Rypke Paulusma wie rider fan ds. v. Herwaarden fan Garyp. Hja rieden us in kear nei Ljouwert om healwei seizen yn 'e winter. Samar ynienen woarde it reau op 'e berm set. Der stie in muorre foar 't hynder, it beest koe net fierder. Dêrom moest it wol oerside. De doomny en Rypke seagen de muorre allebeide. Letter kom dêr de tsjintwurdige brêge. It gebeurde...
nl.verhalenbank.21785
Der wienen guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dat flies moast fuort forneatige wurde, oars seagen se letter lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.31417
Doe't heit in great jonge wie, seach er gleone ljochten oer de heide. En 't wie ek krekt as rattele der hwat oer de heide. Dat wienen foarboaden fan 'e tram dy't dêr letter kaem is.
nl.verhalenbank.32492
Guon wienen mei de helm geboaren. Sokken moesten alles fan tofoaren sjen. Sa'n man wie greate Sjoerd (Dykstra) fan 'e Achterwei to Sumar. Hy wie koedriuwer en moest der nachts soms ôf om nei in lykstaesje to sjen. Oan deselden dy't achter it lyk oanroannen koed er dan meastal wol birekkenje hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.31505
Myn mem wie in Formsma. Sy gong by Aefke op it naeijen, doe wie 't in great fanke. Aefke wenne op Burgumerdaem, op Ûleflecht. Doe fortelde Aefke har: "Ik en myn jonges seagen hjir tsjalken lizzen. Dêr wienen se op oan 't moallossen. Wy seagen de minsken dragen. 't Wie allegearre ljocht." Dêr wie doe gjin wetter. Letter (ridlik gau) woarde de feart forlein...
nl.verhalenbank.23099
Bearn Dekker (= Boonstra) wie mei de helm geboaren. Hy moest wol gau us yn 'e nacht fan 't bêd. Dan moest er hwat sjen. Hy hat us op in nacht sjoen, dat der in jongfaem, dy't op 'e Harste ûnder Sumar forstoarn wie, nei 't hôf ta brocht woarde. Hy seach it yn 'e nacht. De hiele bigraffenis, sa klear as by ljochtskyndei. In wike letter woarde dy faem nei 't...
nl.verhalenbank.20248
Antsje wenne to Sigerswâld ûnder Garyp yn in lyts húske njonken de koaipleats. Antsje fortelde: As ik op bêd liz, sjoch ik allegear ljochtsjes, twa rigen, de kant út nei Ljouwert en de kant út nei Earnewâld. Hja hat it goed sjoen. Letter kaem dêr de snelwei fan Drachten nei Ljouwert en de wei nei Earnewâld, dêr't de auto's lâns stouden, mei jouns de...
nl.verhalenbank.31623
Yn Sigerswâld ûnder Garyp is it gebeurd dat in jongfeint oer iis yn in wek ried en fordronk. Krekt fan tofoaren hienen guon heard dêr op dat plak út it wetter wei: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
nl.verhalenbank.32119
Der wie in man dy farde yn in roeiboatsje de Ie oer nei de Burgumermar. Underweis op 'e Ie hearde hy in lûd: De tijd is verschenen, de man is er niet. Mar der gebeurde neat. In oare kear farde er al ris wer nei de Burgumer mar ta, doe hied er in manspersoan by him yn 't boatsje. Op itselde plak as de foarige kear hearden se nou beide it lûd: De tijd is...
nl.verhalenbank.22696
Heit hat us in kear mei twa man nei Grinslân ta west to werken. Op in joun soenen se mei har trijen wer nei hûs ta. Sy kommen fan Zoutkamp en roannen oer Muntsjesyl en woenen sa nei Burum ta. Doe kommen se by in sydwei. Doe sei de iene fan syn beide maten, dy't in hiel stik âlder wie: "Even oan kant. Der komt in lykstaesje oan." Heit en dy oare gongen mei...
nl.verhalenbank.20312