3,166 datasets found
Dutch Keywords: voorloop voorteken
Ik ha guon kend, as dy moarns nei de jister ta soenen to melken, dan hearden se fan fierren al de speten fan 't melken yn 'e earnamers. Dan wienen se der noch lang net oan ta. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.28906
Gâns minsken fan Sumarreheide ha fan to foaren de ljochtsjes fan 'e tram sjoen, foardat dy noch ried.
nl.verhalenbank.17123
Doe't ik sa'n jonge wie fan tolve jier gebeurde it dat se yn 'e buert fan Ingwierrum in lûd yn 'e loft hearden. Dat wie krekt it lûd as fan in stoomboat. Letter kommen de stoomboaten pas. Dat lûd dat se doe heard ha, dat hat in 'foar gespeustel' west.
nl.verhalenbank.27051
As ien him ophingje soe, dat wisten se fan tofoaren èk.
nl.verhalenbank.38439
Op in kear wie 'k mei noch ien by de Swadde. "Hark, sa timmerje se dêr", sei myn maet. Ik hearde it ek dúdlik. Mar der wie dêrom neat to sjen. Efkes letter kaem dêr in hûs to stean.
nl.verhalenbank.17008
Us heit wie us by nacht om in dikke peal út om dy op to stoken. Us mem gong op bêd. Doe't heit yn 'e hûs kom, sei ús mem: Hast hjir earder yn 'e hûs west? Hast hjir nyskes hwat yn 'e hûs brocht? Né, sei ús heit, hoe soe 'k dat dien ha. Nou, hjir is hwat yn 'e hûs brocht. Dat skaefde tsjin 'e middeldoar oan en de klompen woarden tagelyk oer de flier reard....
nl.verhalenbank.16074
Der wie ek in hûs yn Feanwâldsterwâl, dêr wisten se fantofoaren al fan dat it opbrânne soe. Dat fortelde heit.
nl.verhalenbank.38438
Wy hearden beide yn 't bigjin fan ús trouwen faek timmerjen yn 'e nacht, hjir skeanoer. "Hwa mei dêr nou noch timmerje yn 'e nacht?", seinen wy dan. Ik ha der wolris ôf west, om der nei to sjen, mar der wie neat.
nl.verhalenbank.17377
Yn Garyp yn 'e Westerein gong it yn 'e nacht faek op in timmerjen. Dan woarde ik wekker en hearde der nei. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.17110
Ien kear ha 'k yn 'e nacht in lykstaesje sjoen. Ik wie doe noch in jonge. Ik ha der lange tiid raer fan west. Mar it is by myn witen noait neikom.
nl.verhalenbank.12275
Heit roan ris in kear fan 'e Harkema nei Drachtster Kompenije. 't Wie op in joun. Hy kom de Folgerster loane del. Doe kommen dêr allegear ljochtsjes oan. Heit woarde kjel. Hy tocht: hwat wy nou bileve sille, wyt ik net. Mar even letter wienen dy ljochtsjes ek wer fuort. Heit fortelde 't oan oaren hwat er sjoen hie. In skoftsje letter kom dêr de tram lâns.
nl.verhalenbank.28738
Sudema's jonges har heit, âlde Knjillis Sudema hat sjoen dat it hûs fan Douwe Veenstra yn'e brân stie. Hy sei altyd: "Dat brânt nochris in kear op." Mar it is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.17122
Alde Frytsen wenne yn Eastemar yn 'e foarige ieu. Dat minske gong nachts soms út bêd, dan seach se lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37608
Yn 'e Hamsterpein is ris in kear in buorkerije opbrând. Ik wie doe noch in jong baeske. Ik seach de brân al fan tofoaren. Der binne trouwens mear dy't dy brân fan tofoaren sjoen ha. 't Duorre in pear maend, doe brânde er op.
nl.verhalenbank.28606
By myn skoanâlden yn 'e Bosk hat in hûs yn 'e brân stien. Myn skoanâlden hienen earder yn dat hûs wenne. Piter Schievink seach it fan to foaren al brânnen.
nl.verhalenbank.17379
De earrebarren bringe gelok oan.
nl.verhalenbank.33594
"Sjoch," sei ús mem alris, "sa'n heldere lampe brânt dêr oer de Sweagerfeart. Doe kom dêr letter in brêge mei in lampe der boppe.
nl.verhalenbank.17009
Timmerjen hearden se hiel faek fan to foaren. Dan sei de iene tsjin 'e oare: "Mast ris hearre, sa giet it dêr op in timmerjen." Dat is op forskeidene plakken gebeurd.
nl.verhalenbank.16883
Sa haw ik ek faek fortellen heard dat men in hûs yn 'e brân seach, mar yn werkelikheit barnde it net. Dan seinen se: dat hûs sil nochris opbarne. En dat gebeurde dan letter ek.
nl.verhalenbank.38624
Wy ha fan tofoaren it timmerjen heard oan 'e Malmoune. (de malmoune wie in fjouwerkant hûs foar fjouwer a-soasiale gesinnen; in pear jier lyn waerd dat hûs ôfbrutsen) Ek hearden wy fantofoaren it saegjen en 't smiten mei balken fan it hûs dêr't Sjoerd Stienstra, hjir oer de wei, yn kom te wenjen.
nl.verhalenbank.16068