4,642 datasets found
Dutch Keywords: voorloop sterven
Ik haw in frou kend, dy seach wit hoe faek in lykstaesje. Dan woarde se optild en oan kant set. Hja libbet noch en wennet yn 'e Westerein. Hja hat twa kear de man forlern en noch fiif bern.
nl.verhalenbank.28701
Ek spûkgûlden de hounen fantofoaren.
nl.verhalenbank.21018
Guon sjogge fantofoaren in bigraffenis. Doe't der ris ien stoarn [wie] yn 'e Pein, sei Bearn v.d. Woude: "'k Ha 't tiden fan tofoaren al sjoen." Bearn moest nachts fan bêd ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.27136
Eksters. Moeder zei: "Daar hef ie weer zo'n smerig ding. Er sterft er een." Er zou een zeker iemand sterven.
nl.verhalenbank.43251
En bijvoorbeeld als de honden huilden tegen mekaar, dan zeiden ze ook dat er iemand binnenkort iemand overleed.
nl.verhalenbank.44506
It gebeurde ris op in kear yn 'e nacht, doe kom in sekere Praamsma by de faem wei. Hy kom troch de Bosk yn 'e Harkema. Doe krige er dêr in lykstaesje to sjen. Hy wie sa binaud woarn, dat, doe't er letter thús kom, wied er by syn mem op bêd sprong. Even letter kom âlde Melle Dieuwke yn 'e Bosk to forstjerren. Dêr hie hy de lykstaesje fan sjoen.
nl.verhalenbank.28497
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
nl.verhalenbank.31903
Toun wie in Drouwenerveen woonden, zee mien oal heer opn keer: “Kiek nou toch ais, doar draait n liekwoagn noar ons Jan zien huus tou.” Mien moetje gung gau kiekn, moar zai zag niks. De oale heer ook nait meer, t was moar n moment, dat hei et zag. t Duurde nait laank, toun sturf door n nichte van mie in dat huus.
nl.verhalenbank.46194
As in houn spûkgûlde miende men dat der yn 'e buert mei gauwens in sterfgefal wêze soe. Dêr't de houn mei de kop hinne seach, dêr soe it sterfgefal wêze. Dêr loerde er hinne.
nl.verhalenbank.34528
In séman hat my wolris forteld, as der oan board ien tige siik wie, dan kommen de haeijen der op ôf.
nl.verhalenbank.33723
Myn suster wenne dat in eintsje út. Hja hie in âlde buorfrou, dy hie in geit. Dy geit, dat wie suver har breawinning. Dêr hie se de molke fan en dan makke se ek noch bûter en tsiis. Op in kear kom se by myn suster en sei: "O o, 't is net bêst, it binne allegear dragers by my yn 'e hûs (dragers = aasvliegen). As de geit mar net dea giet!" (Hja tocht dat dy...
nl.verhalenbank.33864
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
As jo drome oer fisk of oer hynders, dan komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29419
As in houn spûkgûlt, seit men, dan leit der in joad op stjerren.
nl.verhalenbank.19901
As hounen spûkgûle s[t]jert der mei gauwens ien. Dat is algemien bekend. Dêr leauwe se hjir ek oan.
nl.verhalenbank.27794
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
Dêr't in protte eksters om 'e hûs om rinne dêr komt in sterfgefal, dêr kinne jo mar gerust fan op oan. De wyks foardat ús heit stoar ha wy in wike oan ien de eksters by ús yn 'e buert hawn (heit wenne njonken ús). Der wienen altyd in stik of seis, sawn by elkoar. Dat is foar 100% de goudearlike waarheid.
nl.verhalenbank.33291
As wy froeger eksters om 'e doar hinne hienen, sei ús mem: "Hè, dêr komt wer in sterfgefal tichteby." Hja wie der fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.34529
Noait midden op 'e wei rinne jouns. Genôch yn 'e Pein, dy't troch in lykstaesje oan kant rêge woarden.
nl.verhalenbank.27155
Hjir wenne in man dy wie al op jierren. Hy woarde siik. Doe sei er op in stuit: "Och, och, hwat binne hjir in minsken yn 'e hûs." Hy koe se samar opneame. Doe wie der op dat stuit mar ien. In skoftsje letter stoar dy âld man. Doe kommen der in protte minsken. It wienen deselden dy't hy opneamd hie.
nl.verhalenbank.28500