2,901 datasets found
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Sumar
Guon stjûre skoppenboer der op út om in flesse drank. Sy matte oppasse dat se de flesse sels net oankrije. En it earste romerfol drank matte se fuortsmite.
nl.verhalenbank.20344
Der wie in man, dy hie skuon mei echte sulveren gaspen. Dy gaspen hied er ien biloofd, as er kom to forstjerren. Mar dyselde krige se net. In oaren ien krige se. Doe hie de deade gjin rêst. Hyltyd kom er to spoekjen by deselde, dy't de gaspen hie. Doe hellen se de dûmny derby. Dy spruts it spoek oan. Doe fortelde er, hwerom er gjin rêst fine koe. De...
nl.verhalenbank.12241
As Hearke Ophuis fan 'e Harkema by 't fé kom, dan woarde dat siik. Hy struts it fé mei de hân oer de bealch. Dan bigongen se to sukkeljen en stoaren. Hy hie de kweade hân. Syn eigen bern hienen 't himd achterstofoar oan. De famkes hienen roggekerrels yn 'e klean binaeid. Rogge is heilich. Se dienen yn 'e Harkema wol brea yn 'e kaeisgatten fanwege de...
nl.verhalenbank.20236
As it net tsjernje woe, hie der in forkeard man by 't fé yn 't lân west. Dan woarde Piter Poes der by helle. Dy moest de saek wer yn oarder bringe.
nl.verhalenbank.12245
Jehannes Meerstra wenne op Feanwâldsterwâl. Dy koe mear as in oar. Op in kear doe wied er op in freed yn Ljouwert op 'e joademerk. Dêr wie ek krekt in gûchelder. Dy smiet hiel bot mei in poppe om. De minsken dy't om him hinne stienen, mienden dat it in bern wie. It bern gûlde moard en brân. Der wienen froulju by, dy bigounen ek al to gûlen, sa'n meilijen...
nl.verhalenbank.21118
Jehannes Meerstra hat tsjinne by Doede Postma. Dy wenne oan 'e Simmerdyk, oan 'e kant fan Burgumerheide. Op in moarn krigen Jehannes en de boer wurden, wylst se by de thétafel sieten. Doe soenen se dongride. Jehannes hie in wein laden. De boer hie de beide hynders klear. Dy spande hy der foar. "Fuort, beesjes", sei er. Mar de hynders bleauwen stean dêr't...
nl.verhalenbank.21120
Myn frou har mem wenne as faem by in boer yn Wjelsryp (dicht bij Franeker). Doe gebeurde it op in kear dat se gjin bûter meitsje koenen. Doe gongen se nei Greate Wopke, de duvelbander ta. Wopke sei: "Jimme matte in tsiis ûnder 'e parse wei krije en dy yn in hantsjettel mei wetter dwaen. As it wetter siedt, dan komt de dieder wol. De faem siet achter de...
nl.verhalenbank.32918
Liuwe Kûper wie kûper yn Burgumerheide. Hy wie âld-feint en 't wie in tsjoenster. Hy wenne by twa minsken yn, oan 'e Rottereed. Op in moarn lei Liuwe op bêd. Sy rôpen him om thé. Hy rôp: "Ja, ik kom!" Mar hy kom net. Doe gong de frou der hinne to sjen. De hiele Liuwe wie fuort. Tekkens en lekkens wienen fan 't bêd ôf. Hy wie der net. Twa ûren letter lei...
nl.verhalenbank.20258
Der wie in feint, dy kom fan Drachten. Syn faem wenne yn Burgum en dat wie in hiel ein rinnen snein-to-jouns. Op in nacht, doe kom er wer by de faem wei, doe wie dêr in hear, mei hynder en seas, dy hie ek nei de faem ta west. Dy moest ek nei Drachten ta. Hy frege dy hear of er mei ride mocht. "Né," sei de hear, "ik nim net ien mei." Doe sei dy feint: "Jo...
nl.verhalenbank.25640
Ik en myn suster wienen fan dy bern. Wy wennen yn 'e Burgumerheide en 't wie dy deis Burgumer merke. Dêr woenen wy stomme graech hinne fansels. Mar, sinten hienen wy net. Doe sei ús mem: "Hjir ha jim in poarsje jirappelskilen." Dy koenen wy kwyt oan in minske dat se opkochte. Wy krigen der twa sinten foar. Doe hienen wy elk in sint. Doe gongen wy nei...
nl.verhalenbank.20285
Waetsen Nicolai op 'e Tike, dy syn wiif wie altyd siik. Dokter koe der neat oan dwaen. Doe gongen se dan mar nei Wopke ta. Wopke sei, it wiif wie bitsjoend. Hwa soe de tsjoenster wêze? Op in kear hie hja in apel krige fan âlde Tryn. Dy lei se yn 'e sûkerpot yn 'e kast. It lid kom der op. In pear dagen letter sei se: "Ik hie wol sin oan dy apel. Meitsje my...
nl.verhalenbank.22090
Antsje Fiter roan mei in kuorke mei snypsnaren. Dêr sieten ek fiters yn. Dêr hie se de bynamme fiter fan. Hja wie in tsjoenster. As der ergens in poppe geboaren wie, mocht hja der net yn. Hja hat by guon krânsen yn 'e kessens tsjoend.
nl.verhalenbank.21362
Tsjoensters koenen har yn swarte katten foroarje en krânsen yn 'e kessens tsjoene. Men lei duveldrek ûnder 'e drompel, dan hiet it dat de tsjoenster der net oer komme koe.
nl.verhalenbank.31900
Dêr wie yn Garyp ris in famke bitsjoend. Doe gongen se nei greate Wopke ta. Wopke sei: "Jim matte it kessen neisjen dêr't it bern mei de holle op leit. Dêr komt in krâns út dy't jimme opbrânne matte. De earste de bêste dy't by jimme op 't hiem komt, dy matte jim der ôfskoppe, hwant dat is de tsjoenster." It wie de bolkoerrinster dy't dêr 't earste kaem....
nl.verhalenbank.32174
Achter Burgum wennen minsken, dy hienen in bern en dat rekke bitsjoend. Sy gongen nei de duvelbander ta en dy sei, it wie in âld wiif dy't it dien hie. Sy moesten it kessen mar ris neisjen en de krânsen dy't der yn sieten forbrânne. Sy moesten der foar soargje, dat alles goed ticht wie, de kaeisgatten en de skoarstiens ek, en de doarren op slot. Der siet...
nl.verhalenbank.25637
Lantinga wie in gûchelder en wenne op 't Hearrenfean. Op in kear kaem er op Skoatster merke en kocht dêr in hynder. Hy sei tsjin 'e koopman: "Wy sille fuort mar even ôfrekkenje." Hy bitelle yn gounen en ryksdaelders, dy't er allegearre op 'e tafel lei. De koopman die se yn 'e jildponge, mar doe't hy der even letter nei seach, doe wienen dy gounen en...
nl.verhalenbank.32161
Bouke Prûk (Procee) hie in winkel op Sumarreheide. Dy hie ek in bern dat bitsjoend wie. Se hellen Wopke der by. Dy makke 't kessen iepen, doe sieten dêr 3 krânsen yn. Twa wienen al klear, de trêdde noch net. Dat wie in gelok. Hie de trêdde foltôge west dan wie 't bern net mear to rêdden. De krânsen waerden forbrând. Earst waerd elke iepening ticht makke,...
nl.verhalenbank.32175
It mat ris op 'e heide gebeurd wêze, nei't se my fortelden, dat dêr in krânse forbrând waerd. Se hienen alles ticht makke, mar in rútsje forgetten, dat der út wie. Dêr wie de kat ta'n út sprong, en bûtendoar wie 't in minske woarn.
nl.verhalenbank.32177
Alde Tryn wenne yn Garyp. Hja wie bolkoerrinster en koe tsjoene. As se der op út gong to tsjoenen foroare se har yn in hazze. Foar bern wie se levensgefaerlik. Op in kear hie se wer in bern bitsjoend. De âlders gongen op tiid nei Wopke duvelbanner ta. Dy sei: "Jimme matte de matte foar de doar optille en dêr goed hwat krusen opsette, dan komt de...
nl.verhalenbank.32162
Yn Burgumerheide hienen wy in buorfrou, dat wie in tsjoenster. Sy wie út 'e famylje fan Liuwe Kûper. Sy koe har sels yn in kat foroarje. Soms hâldden dy tsjoensters in forgadering. Dan wienen it katten. Yn fjirtich jier moesten se ien deatsjoene. As se dat net dienen, dan stoaren se sels. Sy hienen in forboun mei de duvel.
nl.verhalenbank.20267