In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.32927
Alde Klaes Skeltes Tryn koe fleane.
nl.verhalenbank.12238
Jehannes wie tsiiskoopman. Dêrom neamden se him faek Jehannes tsyske. Hy koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.21121
Evert tsyske (= E. Bergsma) wie skeper op 'e Sumarreheide. Op in kear wie er mei syn skiep op 'e hoeke fan 'e Hearrewei en de heidewei. Doe sei Piter Poes: Ho.
Evert koe net in stap mear forsette en de skiep al likemin.
nl.verhalenbank.32058
Alde Jehannes Ketellapper wenne op 'e Sumarreheide. Syn wiif Jantsje koe in hiel bataljon soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Ik ha 't sels sjoen. Sy die dat om 'e bern binaud to meitsjen. Wy naeiden altyd hurd út as se ús dêr mei drige. Sy koe mear as in oar.
nl.verhalenbank.12237
Skoanheit handele yn lytsfé. Hy kom us by minsken op 'e Tike mei hinnen.
Goed soun? frege er oan 'e man. En 't wiif ek?
Né, 't wiif leit op bêd.
Is se dan siik?
Né, mar de geest dy sweeft, dy is der op út. As se aenst wer thúskomt en sy set thé, dan matte jo net drinke, hear.
Ik sil wol wizer wêze, sei skoanheit.
Hy seach mar gau, dat er fuortkom, hwant...
nl.verhalenbank.12232
Jehannes Meerstra wenne op Feanwâldsterwâl. Dy hie hwat mei de duvel to meitsjen. Hy koe allerhande duvelskunsten. Hy hie samar in leger katten om him hinne. Hwer't dy allegear wei kommen koe net ien bigripe. Hy koe froulju samar de rokken útsakje litte en de broek ek. Hy sei it en 't gebeurde.
Kom er op in plak, dêr't in tange by 't hurdsté hong, dan...
nl.verhalenbank.17073
Ik hie as jongfeint in kammeraet, dy krige us twa apels fan in keardel. Dy died er thús yn 'e learzens. Doe't hy se der letter úthelje soe, wienen it twa podden. Dy keardel koe tsjoene.
nl.verhalenbank.20237
De tovenaars en de tovenaressen, dêr leau ik oan.
Yn 'e tiid fan sawn jier matte se ien deatsjoend ha.
Gebeurt dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.12250
Piter Poes seach mear as in oar. Hy wie by minsken yn 'e kost. It hûs dêr't se yn wennen, moest fortimmere wurde. Piter Poes sei: "Der matte ek noch sinten yn sitte." En wrachtich, der kom in partij jild út it ûleboerd wei.
nl.verhalenbank.25625
De froulju wienen bang foar Jehannes Meerstra. Hwant as er it dwaen woe, liet er de froulju samar de klean útsakje. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.21119
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide.
As jonges rôpen wy him achternei:
Piter Poes
mei de hannen yn 'e boes,
it himd op 'e teannen,
dêr komt Piter Poes oanfleanen.
Ik wie us mei in stik of hwat oare jonges op 'e Pasterijelânnen yn Sumarreheide. Ien fan myn maten sei sa: "Men sjocht Piter Poes tsjintwurdich noait." Hy hie 't net sein, of dêr...
nl.verhalenbank.12229
Piter Poes koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy wie duvelbander. Hy koe de minsken ek stean litte. Dan sei er: "Ik lit jimme stean."
Bargen koed er bitsjoene. As er by de bargen kom, woarden se siik. Hy moest se ek wer better meitsje.
As er op it lân oan 't wurk wie, sei er soms: "Der komt aenst wer ien by my om rie." Dan koe men der mar fan...
nl.verhalenbank.24639
Op Skûlenboarch sochten âlde froulju froeger alle triedsjes en toukes op, dat de tsjoensters se mar net bisette koenen foar de krânsen.
nl.verhalenbank.12236
Ien fan 'e Tike hat my forteld:
Ik (dit wie âlde Jan Potskipper syn wiif) stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy masten ite. Der wie net in minske to sjen yn gjin fjilden noch wegen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne.
Ik woarde danige kjel en sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.12234
In tsjoenster kin men keare troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen. Dan kin se net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.12240
Liuwe Kûper wie kûper yn Burgumerheide. Hy wie âld-feint en 't wie in tsjoenster. Hy wenne by twa minsken yn, oan 'e Rottereed. Op in moarn lei Liuwe op bêd. Sy rôpen him om thé. Hy rôp: "Ja, ik kom!" Mar hy kom net.
Doe gong de frou der hinne to sjen. De hiele Liuwe wie fuort. Tekkens en lekkens wienen fan 't bêd ôf. Hy wie der net.
Twa ûren letter lei...
nl.verhalenbank.20258
Lantinga wie in gûchelder en wenne op 't Hearrenfean. Op in kear kaem er op Skoatster merke en kocht dêr in hynder.
Hy sei tsjin 'e koopman: "Wy sille fuort mar even ôfrekkenje." Hy bitelle yn gounen en ryksdaelders, dy't er allegearre op 'e tafel lei. De koopman die se yn 'e jildponge, mar doe't hy der even letter nei seach, doe wienen dy gounen en...
nl.verhalenbank.32161
Der wie in jonge boer, dy wenne oan 'e Achterwei yn Sumar, op 'e plaets, dêr't nou Bonne Algra wennet. Syn mem en syn suster wennen yn it hûske dêrnjonken. De boer hie in famke, dat wie altyd siik. Mar de dokters koenen it bern net geneze. It bern tsjirme. De boer hâldde in bulte fan jeijen. Hy siet wol gau us achter in grouwe hazze oan, mar dy koed er...
nl.verhalenbank.12228
Greate Sjoerd Koedriuwer wenne oan 'e Achterwei yn Sumar. Hja hienen in fanke fan fiif jier. Dat wie Sibbeltsje. Dat fanke, dêr siet gjin skroed yn, it bern tsjirme. Sjoerd kom by ús heit. Hy sei: "Wytstû ek ried?" Heit sei: "Dû mast nei Wopke de duvelbander ta gean." Doe die Sjoerd dat. Wopke sei: "It bern is bitsjoend. Der is in âld minske, dat wennet...
nl.verhalenbank.12227